Houteksters
| Houteksters | ||
| Garrulus glandarius | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
| tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| sûnder rang: | mosk- en pappegaai-eftigen (Psittacopasserae) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| sûnder rang: | sjongfûgeleftigen (Eupasseres) | |
| ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
| sûnder rang: | echte sjongfûgels (Euoscines) | |
| tuskenskift: | krie-eftigen (Corvides) | |
| boppefamylje: | echte krie-eftigen (Corvoidea) | |
| famylje: | kriefûgels (Corvidae) | |
| ûnderfamylje: | echte kriefûgels (Corvinae) | |
| skaai: | houteksters (Garrulus) | |
| Brisson, 1760 | ||
De houteksters (Garrulus) foarmje in fûgelskaai út de famylje kriefûgels (Corvidae). De typesoarte fan it skaai is de gewoane houtekster, ek bekend as Flaamske gaai.
Houteksters binne middelgrutte krieën fan likernôch 30–35 sm lang, mei in frij koarte wjukken en in lange, wat rûne sturt. Oer it generaal is de fûgel brúnich of readbrún mei opfallende kontrasten lykas wyt op 'e sturt of sturtbasis, swarte wjukrânen en hiel karakteristyk binne de blauwe fearkes mei swarte balkjes op 'e wjukdekfearren. Dat blauswarte patroan op 'e wjukken is by alle trije soarten oanwêzich, alhoewol't de yntinsiteit wat ferskilt.
De fûgel hat in sterke en rjochte snaffel mei in lytse bûging oan 'e punt. De snaffel is geskikt om nuten of ikels te kreakjen, mar ek om ynsekten, lytse bisten of aaien te pakken.
De fûgels binne lûdroftich en ha in skerpe, krassende rop en steane der om bekend dat hja oare fûgels imitearje kinne. Houteksters lizze foar de winter foarrieden oan troch ikels of sied yn 'e grûn te ferstopjen en sa drage se ek by oan it fersprieden fan ikebosk.
Houteksters binne yn bosken en by houtwâlen te sjen fan sawol leaf- as mingde bosken. Ek binne se yn parken oanwêzich. Se bouwe in grut nêst yn beammen en de lechsels binne 4 oant 6 aaien grut.
Lykas oare krieën hearre se ta de tûkste fûgels, mei komplekse sosjale ynteraksjes, ûnthâld en oplossingsfermogen.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne trije soarten yn it skaai bekend.
| Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding | IUCN-status/Trend |
|---|---|---|---|---|
| Garrulus glandarius | houtekster | Euraazje | net bedrige stabyl[1] | |
| Garrulus lanceolatus | swartkophoutekster | Afganistan, Nepal, Mongoalje, Yndia en Pakistan | net bedrige | |
| Garrulus lidthi | Amamihoutekster | Rjûkjû-eilannen, Japan | gefoelich | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
