Springe nei ynhâld

Hottingastate (Pitersbierrum)

Ut Wikipedy
Der wurdt twivele oer de betroudens fan ien of mear ûnderdielen fan dit artikel.
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en
pas nei kontrôle it artikel oan.


Hottingastate yn 1753

Hottingastate wie in state yn Pitersbierrum yn de gemeente Barradiel.

De state wurdt foar it earst neamd yn 1640 as er neamd wurdt yn de floreenkohieren fan Westergoa, en dan yn it besit is fan Julius fan Eysinga. Yn 1722 wurdt Anna Sophia, widdo Fuegen neamd as eigenaresse en wer 6 jier letter de hear Westerhuys en frou Titia fan Bogarda. Dizze Westerhuys is grif Sjoert Tjercks, boargemaster fan Ljouwert. Hy hat in dochter Dieuwcke Westerhuis, dy't troud west hat mei Johannes Ipes Wielinga. Harren soan Epeus Wielinga is tusken 1740 en 1750 de nije eigener wurden. Hy wie riedshear oan it Hof fan Fryslân en lit it gebou ôfbrekke een ferfange troch in nij bûten. Epeus stjert yn 1773 en de state ferervet op syn dochter Johanna Eritia út syn twadde houlik mei Dido Cecilia fan Idsinga. Johanna Eritia wie troud mei Jan fan Ychten, grytman fan Barradiel. Hjirmei waard de state feriene mei it besit fan de Lyts Hermana yn Minnertsgea. Uteinlik waard de Hottingastate yn 1844 op ôfbraak ferkocht.

Fan de state is in ôfbyld bewarre bleaun, dy't yn 1753 troch Piter ldserdts makke waard. Dêrop stiet de Hottingastate nei de werbou ta bûten troch Epeus Wielinga. Dit nije bûten bestie út in haadfleugel fan sân ramen breed en twa sydfleugels. De gevels fan it hûs wienen yn oerdiedige baroktrant fersierd. Yn 'e midden fan de haadfleugel wie de yngongspartij, mei boppe- en sydljochten. Op it dak stieen skoarstiens, mei kuorren fan siersmeiwurk. Ek de tún wie oanpakt troch Epeus, want it wie oanlein yn barokstyl, mei in grut formiel patroan.

  • 1640 Julius fan Eysinga
  • 1722 Anna Sophia, widdo Fuegen
  • 1728 de hear Westerhuys en frou Titia fan Bogarda
  • ± 1740 - 1773 Epeus Wielinga
  • 1773 Johanna Eritia Wielinga, troud mei Jan fan Echten

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: