Horst Mahler
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
|---|
| Horst Mahler | ||
| Horst Mahler (2001) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Horst Werner Dieter Mahler | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 23 jannewaris 1936 | |
| berteplak | Haynau | |
| stoarn | 27 july 2025 | |
| stjerplak | Berlyn | |
| wurkpaad | ||
| organisaasje | Rote Armee Fraktion | |
| misdie | terrorisme, oerfallen, holokaustûntkenning | |
| straf | 1970: 14 jier 2009: 6 jier | |
| status | frijlitten | |
| Eftergrûn | ||
| oplieding | Frije Universiteit Berlyn | |
| berop | abbekaat | |
Horst Mahler (Haynau. Neder Syleezje, 23 jannewaris 1936 - Berlyn, 27 july 2025) wie in Dútske abbekaat, lofts-ekstremistyske terrorist en letter neonazy en holokaustûntkenner.
Belutsenens by RAF
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mahler trede op as pleiter fan ûnder oaren de famylje fan Benno Ohnesorg, tsjinstwegerers, Rudi Dutschke, leden fan de Kommune 1 en Beate Klarsfeld. Yn 1969 ferdigene er de ekstreemloftse aktivist en lettere RAF-ekstremist Andreas Baader by syn strafproses oangeande de warehûsbrân yn Frankfurt am Main yn de nacht fan 2 op 3 april 1968. Dêrby wiene ek oaren belutsen, lykas Gudrun Ensslin.
Mahler waard feroardiele ta tsien moanne selstraf fanwege syn oandiel yn de rellen nei oanlieding fan de oanslach op de loftse studintelieder Rudi Dutschke yn 1968. Nei it útsitten fan syn finzenisstraf gie Mahler tegearre mei oare RAF terroristen nei Jordaanje foar in militêre training en waard op dy wize sels aktyf lid fan de RAF, dy't er earder holpen hie by de oprjochting. Hy waard hjirfoar yn oktober 1970 arrestearre en waard ferdigene troch abbekaat en lettere politikus Otto Schily, dy't dêrfoar ek al Gudrun Ensslin bystien hie.
Maoïsme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de finzenis ûntwikkele Mahler him ta maoïst en waard er lid fan de KPD/ML (Kommunistyske Partij fan Dútslân). Hy waard dan ek troch de RAF útsletten. Yn 1973 waard Mahler earst feroardiele ta 12 jier finzenisstraf en letter oant 14 jier finzenisstraf foar syn oandiel by de oprjochting fan de RAF en fanwegen belutsenens by in rige oerfallen. Yn de "Lorenz Ontvoering" (1975) troch de susterorganisaasje Beweging fan de 2e Juny koe hy, mei oare finzenen, útwiksele wurde tsjin de ûntfierde CDU-politikus Peter Lorenz, dêr't Mahler net op yngie. Yn 1980 kaam er earder frij. Fan 1988 ôf wurke er wer as abbekaat. Gerhard Schröder, syn doetiidske abbekaat, goede kennis en juridysk adviseur fan gâns oare loftse aktivisten, hie him hjirby holpen.
Ekstreemrjochts
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1999 wie Mahler lid fan de ekstreemrjochtse partij NPD yn Dútslân. Hy wie in fûl antysemyt en karde de terroristyske oanslaggen op 11 septimber 2001 ynearsten goed. Tegearre mei de rjochtse politikus Franz Schönhuber skreau er yn 1997 it boek Schluss mit deutschem Selbsthass('Fuort mei de Dútske selshaat'). Mahler easke de werynstelling fan it Grut Dútske Ryk, wie in holokaustontkenner en woe de ynfiering fan in nasjonale fersoargingssteat neffens it "nasjonaalsosjalisme" yn Dútslân. Mahler easke ek de remigraasje fan net-Dútske ynwenners fan de Bûnsrepublyk. Yn 2003 stapte er tydlik út de NPD, om't er de rjochtse nasjonalistyske partij te parlemintêr en te gematigd achte.
Hy bewearde dat er in nasjonale revolúsje stipe, dy't deselde fijannen hawwe soe as de RAF foarhinne: it ymperialisme. Hy sei dat syn antiamerikanisme itselde bleaun wie, mar dat er as doetiidsk marksist-lienist dreaun waard de Rote Armee Fraktion op te rjochtsjen, trochdat er doe as in "oertsjûge leauwige" yn de "holokaust-mythe fan seis miljoen" de ferneatiging fan de Dútske boargermaatskippy noch as "rjochtfeardige straf" foar Adolf Hitlers regime en ek ynternasjonualist en ynternasjonuair. Letter wie er oertsjûge fan in fermeaend "gefaar fan it Joadedom foar Dútslân".
Op 25 febrewaris 2009 waard Mahler nei in langslepend proses fanwegen holokaustûntkenning ta seis jier selstraf feroardiele troch it gerjochtshôf te München. Hy hie de rjochtsaak neffens kritisy sels útlokke. De Beierske rjochter ferklearre yn de útspraak dat er in ein meitsje woe oan Mahlers "nasjonalistyske geswets" en syn solitêre "show". In grut tal rjochtse oanhingers fan Mahler, mar ek eardere loftse freonen, folgen it proses yn de rjochtseal. Op 11 maart 2009 feroardiele in Potsdammer rjochtbank Mahler ta in addisjonele finzenisstraf fan fiif jier en fjouwer moanne foar holokaustûntkenning en banalisearring fan nazy-kriichsmisdieden. Sjoen it gefaar fan ûntsnapping waard dizze straf fuortendaliks útfierd. Dêrneist krige er ek noch in finzenisstraf fan tsien moanne fan in rjochtbank yn Landshut.
Yn 2012 -13 skreau er yn de finzenis in boek oer syn ideeën. Dit boek waard lykwols ferbean. Ek waard it Horst Mahler net langer tastien yn de finzenis in kompjûter te brûken. Yn 2018 waard Mahler syn rjochterskonk amputearre fanwegen in oprûne ynfeksje. Op 27 oktober 2020 waard Horst Mahler frijlitten. Der waard om 'e nocht besocht om him wer yn'e finzenis te krijen fanwegen addisjonele strafbere feiten. It waard him by syn frijlitting ferbean om sûnder foarôfgeande tastimming him op it ynternet en yn oare media te uterjen.
Horst Mahler ferstoar op 27 july 2025 yn 'e âldens fan 89 jier.[1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

