Springe nei ynhâld

Horst Hoeck

Ut Wikipedy
Horst Hoeck
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHorst Wilhelm Albert Hoeck
nasjonaliteit West-Dútsk
bertedatum19 maaie 1904
berteplakBerlyn
stjerdatum6 april 1969
stjerplakWest-Berlyn
sportive ynformaasje
sportRoeien
O.S.Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932

Horst Wilhelm Albert Hoeck, de famyljenamme is ek wol stavere as Höck, (Berlyn, 19 maaie 1904 - West-Berlyn, 6 april 1969) wie in Dútsk roeier.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928 en 1932). Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen mei Hans Eller, Walter Meyer, Joachim Spremberg en stjoerman Carlheinz Neumann yn 'e fjouwer-mei-stjoerman.

As keapman wie er fan 1929-30 op sakereis yn Súd-Amearika. Nei de Twadde Wrâldkriich krige er fan it Sovjethaadkertier de opdracht om de itenssektor en drankesektor yn East-Berlyn te lieden, mar hy wegere mei in polityk ûnberette opmerking. Hy waard finzen set en bedrige mei in showproses. By in besykjen om te ûnkommen rekke er slim ferwûne en waard oerbrocht nei it sikehûs. Dêr waard er befrijd troch syn frou mei in West-Berlynske ambulânse en se naaiden út nei it westen. Oant koart foar syn dea late er de sliterij en wynhannel Wilhelm Hoeck, dy't yn 1892 troch syn heit oprjochte wie yn de Berlynske wyk Charlottenburg en fierhinne sparre bleau fan de ferwoastingen fan de kriich.
Horst Hoeck ferstoar op 6 april 1969, yn 'e âldens fan 64 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: