Horace Kephart

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Horace Kephart oan't itensieden

Horace Kephart (East Salem, Pennsylvania, 1862 – Bryson City, Noard-Karolina, 1931) wie in Amerikaansk reisskriuwer en bibliotekaris. Hy is fral ferneamd as skriuwer fan Our Southern Highlanders, oer syn libben yn de Great Smoky Mountains yn it westen fan Noard-Karolina.

Kephart waard berne yn Pennsylvania en grutbrocht yn Iowa. Hy wie direkteur fan de St. Louis Mercantile Library yn Saint Louis, Missouri fan 1890 oant 1903. Yn dy tiid skreau Kephart ek oer kampearjen en jeije op syn reizen. Earder wie Kephart ek al bibliotekaris oan de Universiteit fan Yale en hâlde er in skoft ta yn Itaalje yn tsjinst fan in begoedige Amerikaanske boekesamler.

Letter krewearre Kephart mei syn freon en fotograaf George Masa foar in nasjonaal park yn de Great Smoky Mountains. Twa moannen foar syn dea waard in berch nei him ferneamd, Mount Kephart.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
troch Horace Kephart, The Macmillan Company]