Springe nei ynhâld

Horace Gwynne

Ut Wikipedy
Horace Gwynne
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHorace Gwynne
bynammeLefty
nasjonaliteit Kanadeesk
bertedatum5 oktober 1912
berteplakToronto
stjerdatum16 april 2001
stjerplakToronto
etnisiteit Ingelsk
lingte1.57 m
gewicht53 kg
sportive ynformaasje
sportBoksen
ûnderdielbantamgewicht
O.S.Los Angeles
karriêre-ein1939
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932

Horace Gwynne (Toronto, 5 oktober 1912 - Dêre, 16 april 2001) wie in Kanadeesk bokser.

Gwynne waard yn Toronto berne as soan fan in Ingelske emigrearre mitseler. Nei it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich kearde de famylje werom nei Ingelân en gie syn heit yn tsjinst. De jonge Horace begûn mei syn broer te boksen by tentoanstellingen foar de troepen. Nei de kriich kaam de húshâlding werom nei Kanada en de lytse Gwynne rjochte him op de hynstesport mei as doel jockey te wurden. Mar oan it begjin fan de jierren 20 begûn er mei bokstraining, as in manier om syn gewicht leech te hâlden foar it hynsteriden.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, yn de klasse oant 53,52 kg (bantamgewicht). Nei de Olympyske Spullen waard Gwynne profesjoneel bokser, hy focht as prof oant 1939. Dernei kearde er werom nei syn earste sport.
Horace Gwynne ferstoar op 16 april 2001, yn 'e âldens fan 88 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: