Hongaarske Opstân (1848)

Ut Wikipedy
Hongaarske Opstân (1848)

Sándor Petőfi lêst op 15 maart 1949 syn Nasjonaal Gedicht
foar oan in mannichte folk (op in skilderij fan Mihály Zichy).
datum: 15 maart 18484 oktober 1849
plak: Hongarije, Slowakije, Transsylvaanje en
de Woiwodina
útkomst: opstân delslein, status quo noch 20 jier
hanthavene
casus belli: selsbestjoer foar it Keninkryk Hongarije
konfliktpartijen
   Keninkryk Hongarije
Banaatbulgaren
Banater Swaben
Boargelânkroäten
   Bûnjevatsen
Donauswaben
Hong. Slovenen
Hongarijedútsers
Karpatendútsers
pro-Hong. Slowaken
pro-Hong. Roetenen
Poalske legioenen
Weensk legioen
Dútsk legioen
Italjaansk legioen
Keizerryk Eastenryk
Ken. Kroaasje
de Serv. Woiwodina
Servyske frijwilligers
pro-East. Hongaren
de Slowaakske
            Nasjonale Ried

Transsylvaanske
            Roemenen
   Roeteenske
            Heechste Ried

Boheemske frijw.
Moravyske frijw.
Sânboarger Saksen
Keizerryk Ruslân
befelhawwers
   Lajos Batthyány
   Lajos Kossuth
   Artúr Görgei
   Sándor Petőfi
   György Klapka
   János Damjanich
   Lajos Aulich
   János Móga
Józef Bem
Henryk Dembiński
Józef Wysocki
Peter Giron
Alessandro Monti
keizer Ferdinand I
keizer Frâns Joazef
Alfred I von Windisch-
         Grätz

Ludwig von Welden
J.J. von Haynau
Josip Jelačić
Stevan Knićanin
Ľudovít Štúr
Avram Iancu
   Hryhory Jachymovytsj
tsaar Nikolaas I
Ivan Paskevitsj
sterkte
150.000

170.000
200.000
ferliezen
24.000 deaden

12.000 deaden
13.600 deaden

De Hongaarske Opstân of de Hongaarske Revolúsje fan 1848 wie in algemiene opstân yn 'e etnysk Hongaarske dielen fan it Keninkryk Hongarije, dy't begûn yn it Revolúsjejier 1848. De Hongaren wiene wisberet om selsbestjoer te winnen nei mear as trijehûndert jier oerhearsking troch de Eastenrykske Habsburch-dynasty. Troch in ûnfersoenlike opstelling fan sawol de Eastenrykske konservativen as de Hongaarske separatisten, dy't in folsleine ôfskieding fan Hongarije bewurkmasterje woene, rûn it konflikt út op in iepen rebûlje. Dêrby namen de Hongaren it net inkeld op tsjin 'e Eastenrikers, mar ek tsjin 'e Kroäten, de Serven, de Roemenen, de Slowaken en ferskate oare etnyske minderheden yn eigen lân, dy't de kant fan Eastenryk keazen. Nettsjinsteande dat lieken de Hongaren op 'e oerwinning oan te gean, oant se troch de Russen, dy't bûnsgenoaten fan 'e Eastenrikers wiene, yn 'e rêch oanfallen waarden. Dêrnei wie it rillegau dien mei de opstân. It Eastenrykske leger fierde nei de oerjefte fan 'e Hongaren in skoft lang in wier skrikbewâld yn Hongarije.

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de groei fan progressive bewegings yn hiel Jeropa dy't politike, bestjoerlike en maatskiplike herfoarmings foarstiene, rekke it regear fan it Keizerryk Eastenryk, dat laat waard troch kânselier Klemens Wenzel von Metternich, yn 'e 1830-er jierren alaarmearre. De Eastenrikers hiene ek hiel wat om oer yn te sitten, want los fan it polityk radikalisme dêr't alle Jeropeeske lannen mei te krijen hiene, waard de ienheid fan Eastenryk ek bedrige troch it opkommende nasjonalisme ûnder de ferskillende befolkingsgroepen.

It keizerryk, of de Donaumonargy, sa't it ek wol neamd waard, bestie nammentlik út in stikmannich ûnderskate lannen, dy't troch in personele uny mei-inoar feriene wiene yn 'e persoan fan 'e keizer. Dy wie behalven keizer fan Eastenryk ek kening fan Bohemen, Dalmaasje, Galysje en Lodomearje, Hongarije, Lombardije-Feneesje, Kroaasje en Slavoanje, foarst fan Transsylvaanje, hartoch fan de Boekovina en Sileezje en markgreve fan Moraavje. It Keninkryk Hongarije wie grutter as it eigentlike Keizerryk Eastenryk, en omfieme behalven it hjoeddeiske Hongarije ek Slowakije, Boargelân (no diel fan Eastenryk), it grutste part Kroaasje, de Woiwodina (no ûnderdiel fan Servje), Transsylvaanje (no ûnderdiel fan Roemeenje) en de uterste westpunt fan wat no de Oekraïne is. De Eastenrykske Dútsers makken eins mar in frij beheinde minderheid út yn in ryk dat fierders befolke waard troch Hongaren, Italjanen, Kroäten, Oekraïners, Poalen, Roemenen, Roetenen, Serven, Slovenen, Slowaken, Tsjechen en in hiele rige lytsere befolkingsgroepen.

Om 'e Hongaren tusken de stringen te hâlden, waard sadwaande yn 1837 de rjochtlinige Fidél Pálffy ta kânselier foar it Keninkryk Hongarije oansteld yn it plak fan 'e moderate Adám Reviczky. Pálffy weefde mei hurde hân ôf mei de opposysje en smiet politike tsjinstanners foar trije oant tsien jier yn it tichthûs. Mar ynstee dat dêrtroch yn Hongarije rêst ûntstie, fitere dit hurde fanwegen kommen de protesten krekt oan. Om't syn oanpak gjin effekt hân hie, waard Pálffy yn 1839 alwer oan 'e kant skood. Dêrnei besocht men it op in oare manear: yn Pozsony (no Bratislava) waard datselde jiers in nije Hongaarske lândei iepene, dêr't ek de opposysje tagong ta krige. Troch in blokkade fan wetsfoarstellen fan it regear wist de opposysje doe in rige herfoarmings ôf te twingen, wêrûnder, yn 1840, in amnesty foar de finzen sette opposanten. Under de frijlittenen wie ek de radikale herfoarmer Lajos Kossuth.

Yn 1843 naam de Hongaarske lândei in wetsfoarstel oan dat fan it Hongaarsk yn Hongarije de offisjele taal meitsje soe (oant doe ta wie dat noch altyd it Latyn). Dat woe sizze dat de wetjouwing tenei yn it Hongaarsk formulearre wurde soe, en dat de amtnerij, it ûnderwiis en de tsjerken har ek fan dy taal betsjinje soene. Dat wie foar de etnyske Hongaren in lang koestere winsk, dy't boppedat de ienwurding fan 'e Hongaarske dielen fan it keninkryk befoarderje soe. Foar de nasjonale minderheden yn Hongarije wie it lykwols in slimmen tsjinslach. Want noch de Hongaarske konservativen, noch de Hongaarske liberalen lieten folle tolerânsje blike en beide streamings woene de minderheden unanym it gebrûk fan it Hongaarsk oplizze (hoewol't by de ynfiering fan 'e taalwet yn 1844 alteast foar Kroaasje in frijstelling gou).

Keizer Ferdinand I fan Eastenryk.

Dizze hurde opstelling wie in ûnnedige flater fan 'e Hongaren, want krekt yn in snuorje dat de striid tsjin it reäksjonêre bewâld yn Wenen ta in klimaks kaam, jagen se hjirmei de minderheden yn 'e earms fan 'e Eastenrikers. De misrekken blykt nammenste grutter as men betinkt dat de Hongaren eins in minderheid yn harren eigen keninkryk foarmen. Neffens de folkstelling fan 1842 wennen der yn it Keninkryk Hongarije ntl. 5.570.000 Hongaren, mar ek 2.470.000 Roemenen, 1.720.000 Slowaken, 1.320.000 etnyske Dútsers, 1.260.000 Kroäten, 1.050.000 Serven, 460.000 Roetenen en Oekraïners en rom 300.000 oaren, lykas Joaden, Roma, Slovenen en Poalen. Fral de progressiven en nasjonalisten yn Kroaasje kanten har earder oan tsjin 'e Hongaarske liberalen as tsjin 'e Eastenrykske konservativen, wylst ûnder de Roemenen, Serven en yn mindere mjitte de Slowaken deselde tendinzen fûn wurde koene. Inkeld de ferstedske en mear ûntwikkele minderheden, lykas de Dútsers en de Joaden, fersetten har net tsjin 'e oanhâldende magyarisaasje.

Mei it ynfieren fan it Hongaarsk as offisjele taal en in hiele rige oare herfoarmings fitere de lândei fan 1843-1844 de ûnorganisearre herfoarmingsbeweging yn 'e Hongaarske haadstêd Pest yndirekt oan. Nei lange en drege diskusjes rjochten sa'n 1.200 herfoarmers fan ferskate politike kleuren op 15 maart 1847 yn Pest in offisjele politike partij op, dy't de tapaslike namme Ellenzék ("Opposysje") krige. Dizze partij stie ûnder lieding fan twa foaroansteande herfoarmers: de radikale Lajos Kossuth en moderate Ference Deák. Kossuth stribbe nei de ynstelling fan in ûnôfhinklike parlemintêre demokrasy, wylst Deák binnen de besteande grûnwetlike grinzen bliuwe woe. Dizze lieders holden inoar min ofte mear yn lykwicht. De foarsitter fan 'e nije partij waard greve Lajos Batthyány, in foaroanman fan 'e moderate herfoarmers ûnder de Hongaarske adel. Ien fan 'e radikale fleugels fan 'e partij waard oanfierd troch in stikmannich jonge, ideälistyske skriuwers en dichters, lykas Sándor Petőfi, Mór Jókai en János Arany. De tinkbylden fan 'e Hongaarske adel giene har net fier genôch, en dêrom stiene se mei publikaasjes en diskusjes yn it Kofjehûs Pilvax yn Pest in folle yngeander herfoarmingsbelied foar. Mihály Táncsics, in boerefoaroanman waans boeken yn Hongarije net ferskine mochten, late in oare radikale fleugel. It doel fan 'e nije partij waard – nei in soad toulûken tusken de ûnderskate faksjes – it stribjen nei de nasjonale ûnôfhinklikheid fan it Keninkryk Hongarije binnen it gruttere ramt fan 'e Donaumonargy.

It Revolúsjejier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Revolúsjejier 1848 kaam it hiele spul yn in streamfersnelling. Dat barde troch in tal ûntwikkelings bûten Hongarije, dêr't noch de herfoarmers, noch it reäksjonêre bewâld yn Wenen ynfloed op hie. Op 9 jannewaris fan dat jier briek der nammentlik rebûlje út yn 'e stêd Palermo, op Sisylje. Kening Ferdinand II fan de Beide Sisyljen liet de stêd troch syn marine bombardearje, wat him de byneamme Re Bomba oplevere, mar doe't it bûtenlân tsjin syn hurde yngripen protestearre en de opstân him nei oare dielen fan syn keninkryk útwreide, wied er twongen om foar it rêden fan syn troan temjitte te kommen oan 'e rop om herfoarmings. Op 17 febrewaris die aartshartoch Leopold II fan Toskane ûnder druk fan it folk itselde, en yn maart waard harren foarbyld folge troch kening Karel Albert fan Piëmont-Sardynje en paus Pius IX foar de Pauslike Steat. Op 25 febrewaris fûn der in bloedige revolúsje plak yn Parys, wêrby't kening Loadewyk-Filips fan Frankryk ôfset en de Twadde Frânske Republyk útroppen waard. Krekt as yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje fan 1789 waaide der in revolúsjonêre wyn oer Jeropa. Fan Stokholm oant Barseloana en fan Dublin oant Sint-Petersburch waarden yn 'e strjitten barrikades opsmiten en easke it folk herfoarmings en mear demokrasy.

De yngong fan it Kofjehûs Pilvax yn 'e 1840-er jierren.

Yn maart 1848 hearske der sadwaande yn Wenen in sfear fan spanning. It nijs fan 'e Frânske Febrewarisrevolúsje sette de liberalen en radikalen oan ta ferheftige aktivisme, en behalven yn Hongarije, gêste it ek yn oare dielen fan 'e Donaumonargy, benammen yn it troch Italjanen bewenne Lombardije en Feneesje, it troch etnyske Poalen bewenne Galysje en yn Bohemen. Kânselier Metternich, dy't wol de 'Koetsier fan Jeropa' neamd waard, seach de revolúsje lykwols inkeld as in bûtenlânsk probleem. Hoe mis oft der dêrmei wie, die op 13 maart bliken, doe't op 'e Herrengasse, midden yn Wenen en fuortby syn eigen kânselarij, de Weenske Maartrevolúsje útbriek.

De stannen fan Neder-Eastenryk wiene dêr gearkommen om harren âlde rjochten op te easkjen, wylst de studinten, it aktyfste part fan 'e liberale boargerij, protestearre om't der gjin reäksje kommen wie op 'e petysje dy't se in dei earder oan it regear oanbean hiene. Doe't ek de radikale arbeiders út 'e foarstêden har by de demonstraasje joegen, griep it leger yn en begûn mei skerp te sjitten, wêrby't tsientallen deaden foelen. Tsjin it fallen fan 'e jûn stelde de Weenske boargerwacht it regear in ultimatum: it leger moast de stêd út en Metternich moast út syn amt ûntheft wurde, of oars soe de boargerwacht him oan 'e kant fan 'e demonstranten yn 'e striid minge. De geastlik en lichaamlik beheinde keizer Ferdinand I fan Eastenryk liet dêrop al syn riedslju fersteld stean troch syn eigenmachtich fanwegen kommen. Hy ferklearre dat hý de keizer wie en nimmen oars, en stimde mei alle easken fan it folk yn, wylst er dêropta it ûnthjit die dat der yn Eastenryk in grûnwet ynfierd wurde soe. Metternich, dy't begriep dat er net mear de stipe fan it Hûs Habsburch hie, joech ta, frege ûntslach en ferliet de stêd mei stille tromme.

De foarlêzing fan it Nasjonaal Gedicht troch Sandór Petőfi foar it Nasjonaal Museum yn Pest, op 15 maart 1848.

Revolúsje yn Hongarije[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin dy eftergrûn moatte de foarfallen sjoen wurde dy't neitiid yn Hongarije plakfûnen. Twa dagen nei't de revolúsje Wenen berikt hie, sloech dy nammentlik oer nei de Hongaarske haadstêd Pest. Dêr stelden yn Kofjehûs Pilvax de revolúsjonêren ûnder lieding fan 'e dichter Sándor Petőfi de saneamde Tolve Punten op, dy't se gearfoegen ta in pakket easken. Tagelyk wist de herfoarmer Lajos Kossuth, nei't er dat earder op 3 maart om 'e nocht besocht hie, yn in sfear fan oanboazjende gaos en geroften oer boere-opstannen, de gearstalling fan in ôffurdiging nei Wenen troch de lândei te drukken. De delegaasje moast dêr oan 'e keizer in petysje fan 'e Hongaarske lândei oanbiede wêryn't in stikmannich easken ferwurke wiene. De betize lândei gie sels akkoart mei in útwreiding fan 'e eisen fan 3 maart mei twa nijen, oangeande de ôfskaffing fan feodale tsjinsten fan 'e boeren oan 'e adel en de ôfskaffing fan 'e belestingfrijheid fan 'e adel en de tsjerke.

De neamde Tolve Punten fan 'e radikale yntellektuëlen fan 'e Pilvax-groep oertroffen dy fan 'e lândei noch ryklik. Sa omfiemen se de ynfiering fan parsefrijheid; de ynstelling fan ministearjes dy't ferantwurding skuldich wiene oan 'e lândei; ôfskaffing fan 'e liifeigenskip; gelikensens fan godstsjinst (ynkl. it joadendom); gelikensens foar de wet; de ynfiering fan in algemiene belestingplicht; de jierlikse gearropping fan in lândei yn Pest (ynstee fan yn Pozsony); de frijlitting fan alle politike finzenen; de ynfiering fan sjueryrjochtspraak; de oprjochting fan in Hongaarske nasjonale garde; de ienwurding fan it Keninkryk Hongarije mei it Foarstedom Transsylvaanje (dat doe noch in aparte status binnen Hongarije hie); en de ferplichting foar militêren om in eed fan trou oan 'e grûnwet ôf te lizzen. Nei de plechtige bekendmakking fan 'e Tolve Punten, op 'e moarn fan 15 maart, teach in stadich oanwaaksende groep betogers fia de universiteit, dêr't de studinten har derby joegen, nei de drukkerij Landerer & Heckenast, dy't beset waard en dêr't, as feitlik bewiis fan 'e parsefrijheid, it troch Petőfi skreaune Nasjonaal Gedicht fan Hongarije drukt waard.

De kliber beset de drukkerij Landerer & Heckenast (15 maart 1848).

Tsjin 'e middei waard by it Nasjonaal Museum, middenmank in kliber folk fan mear 20.000 minsken, in kommisje foarme dy't de Tolve Punten oan it stedsbestjoer oanbiede moast. Dêrnei waard in Revolúsjonêr Komitee op in sa breed mooglike maatskiplike grûnslach gearstald. Njonken Petőfi en fiif oare radikalen hiene dêryn de loko-boargemaster fan Pest en sân leden fan 'e begoedige boargerij sit. Fan it stedhûs fan Pest gie it de middeis oer de Donau nei Boeda ta, dêr't it gebou fan 'e Eastenrykske legerlieding yn Hongarije stie. Dêr wiene de generaals harren krekt oan it berieden oer de mooglikheid om 'e leden fan 'e Pilvax-groep op te pakken en de revolúsje mei geweld de kop yn te drukken, mar by it sjen fan 'e grutte mannichte dy't Petőfi en de oaren omjoech, lieten se dat idee gau farre. Trije easken waarden fuortendaliks ynwillige: de sinsuer waard foar ôfskaft ferklearre, de legerlieding ûnthiet om net yn te gripen, en boerelieder Mihály Táncsics waard frijlitten om op 'e skouders fan in útsinnige kliber weromdroegen te wurden nei Pest.

Underwilens wie nei it opstappen fan Metternich net inkeld yn Hongarije de revolúsje útbrutsen. Yn 'e troch Eastenryk besette dielen fan noardlik Itaalje briek in opstân út ûnder de Lombarden en de Fenesianen. Yn Milaan waard fjildmaarskalk Josef Radetzky mei syn troepen nei fiif dagen fan ferbittere striid út 'e stêd ferjage, wylst yn Feneesje it Italjaanske garnizoen yn Eastenrykske tsjinst suver fuortendaliks oerrûn nei de revolúsjonêren fan Daniele Manin. Yn april akseptearren de Sudetendútsers fan Bohemen in útnûging fan it revolúsjonêre palermint fan it Dútske Ryk yn Frankfurt, en de Tsjechyske histoarikus František Palacký organisearre yn juny in Slavysk Kongres yn Praach, dêr't Slaven út 'e hiele Donaumonargy gearkamen: Bohemers, Moraviërs, Slowaken, Poalen, Roetenen, Oekraïners, Serven, Kroäten en Slovenen. Teffens waard der in provisoarysk regear foar it Keninkryk Bohemen foarme, ûnder foarsitterskip fan greve Leo von Thun-Hohenstein.

De leden fan it regear-Batthyány.

Tsjin dy eftergrûn waarden de easken fan 'e Hongaarske lândei daliks troch keizer Ferdinand akseptearre, wêrmei't de herfoarmings fêstlein waarden as de Aprilwetten. Al de oare deis, op 17 maart, waard greve Lajos Batthyány beneamd as de earste premier en de earste grûnwetlike regearingslieder yn 'e skiednis fan Hongarije. Op 8 april makke er syn koälysjeregear bekend, dat foar it meastepart út moderate herfoarmers en liberalen bestie: greve István Széchenyi (Iepenbiere Wurken en Ferkear); baron József Eötvös (Godstsjinst en Underwiis); Ferenc Deák (Justysje); Gábor Klauzál (Lânbou); en Bertalan Szemere (Binnenlânske Saken). De radikale Lajos Kossuth krige de ûntankbere post fan minister fan Finânsjes taparte. Foarst Pál Esterházy (Bûtenlânske Saken) wie in konservatyf en generaal Lázár Mészáros (Oarloch) wie a-polityk. Op 11 april waard Hongarije formeel in konstitúsjoneel keninkryk ûnder kening Ferdinand V (deselde persoan as keizer Ferdinand I fan Eastenryk).

Mar Wenen wie net fan doel en lis him by dizze gong fan saken del. Ynstee wachte it Eastenrykske regear in gaadlike kâns ôf om it spul – sa nedich mei geweld – werom te draaien. Yn juny kaam it ta in grutte opstân ûnder de Servyske minderheid yn Hongarije, dy't stipe waard troch it Keninkryk Servje, dat 10.000 bewapene 'frijwilligers' stjoerde om 'e folksgenoaten te helpen. Kossuth frege de lândei daliks om 200.000 soldaten ûnder de wapens te roppen en om 42 miljoen gûne byinoar te skraabjen om 'e ferdigening fan it keninkryk te organisearjen. Tagelyk mei de ynwilliging dêrfan, besnoeide de lândei de eask fan Wenen om 40.000 Hongaarske soldaten te stjoeren dy't de frijheidsstriid yn Noard-Itaalje ûnderdrukke moasten.

Greve Lajos Batthyány, de earste premier fan Hongarije.

Yn augustus, nei't de opstannen yn Bohemen, Lombardije en Feneesje yn bloed smoard en it reguliere leger fan Piëmont-Sardynje, dat de Lombarden te help kaam, ferslein wie, easke kening Ferdinand de wiziging fan 'e Aprilwetten, dy't delkaam op it foar in part weromrôljen fan 'e herfoarmings. Nei in dramatyske taspraak ta de lândei troch Kossuth, de iennichste minister dy't fan gjin wiken witte woe, besleat it Hongaarske regear de tsjinstplicht yn te fieren. In lêste besykjen fan premier Batthyány om ta in kompromis mei Eastenryk te kommen, rûn fêst op 'e ûnwrigbere hâlding fan sawol it Weenske regear as Kossuth en syn meistanners. Dêrnei tsjinne premier Batthyány desyllúzjonearre syn ûntslach yn, en behalven Kossuth en dy syn bûnsgenoaten Mészáros en Szemere folge it hiele regear syn foarbyld. Aartshartoch Steffen fan Eastenryk, de palatyn fan Hongarije (in soarte fan ûnderkening), frege Batthyány lykwols om syn premierskip wer op te nimmen, wat dy doe die.

Twa dagen letter waard yn Pest bekend dat Josip Jelačić, de ban (steedhâlder) fan Kroaasje, dy't it revolúsjonêre regear fan Hongarije nea erkend hie, mei in Kroätysk leger optriek tsjin 'e Hongaarske haadstêd. Hy wie de rivier de Drava al oerstutsen en kaam no de stêd Székesferhérvár benei. By it hearren fan dat nijs joegen de Hongaren harren ûnderlinge skelen op, en allegear, de adel, it regear, de boeren, de konservativen en de revolúsjonêren, loeken se no ien sile. Wylst Kossuth en Mészáros koartseftich in eigen legermacht, it Hongaarske Revolúsjonêre Leger, út 'e grûn stampten, holden de boeren yn súdlik Hongarije de opmars fan Jelačić dagenlang op troch mei guerriljataktiken syn befoarriedingslinen troch te snijen. It wie in aparte steatsrjochtlike sitewaasje, wêrby't de kening fan Kroaasje tsjin 'e kening fan Hongarije focht, wylst de keizer fan Eastenryk fan 'e sydline ôf taseach, en alle trije neamde hearskers feriene wiene yn ien-en-deselde persoan.

De fjildtocht fan it leger fan Josip Jelačić, de ban fan Kroaasje.

Underwilens goaide it regear yn Wenen it oer in oare boech, en makke op 25 septimber bekend dat de keizer it Hongaarske regear net mear erkende. Tagelyk waard greve Franz Philipp von Lamberg beneamd om it befel oer it Hongaarske leger oer te nimmen, wylst opperrjochter György Majláth ta ûnderkening fan Hongarije oansteld waard. De Hongaarske lândei lei dy beneamings njonken him del, en doe't Lamberg dochs nei Pest ta reizge, briek der op 28 septimber yn 'e stêd in opstân út wêrby't er op 'e strjitte fermoarde waard. Ien dei letter, op 29 septimber, fersloech it swakke nije Hongaarske Revolúsjonêre Leger ferrassendernôch de Kroäten fan Jelačić yn 'e Slach by Pákozd. De ban sels ûntsprong de dûns lykwols, en wist nei Wenen te ûntkommen.

De Hongaarske Opstân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dea fan Lamberg by de opstân yn Pest betsjutte de definitive brek mei it regear yn Wenen en hie rampsillige gefolgen foar it Hongaarske ienheidsregear. Nei in ultym en fergees besykjen om Wenen en de Hongaren mei-inoar te fermoedsoenjen, lei Batthyány op 2 oktober foargoed syn funksje del. Ek Klauzál en Deák loeken har út it regear werom, wylst Eötvös ôfreizge nei it bûtenlân, Széchenyi opnommen wurde moast yn in psychiatrysk sikehûs, en Esterházy oerrûn nei Wenen. Sadwaande kaam alle macht oan Lajos Kossuth, dy't de lieding naam oer in komitee fan nasjonale ferdigening. It Eastenrykske regear reägearre op 'e dea fan Lamberg mei in soarte fan rein fan dekreten, wêryn't û.m. de Hongaarske lândei ûntbûn waard, alle wetten dy't troch dy lândie oannommen wiene, neatich ferklearre waarden, en yn Hongarije de steat fan belis ôfkundige waard. Net dat Wenen de macht hie om sokke dekreten ôf te twingen, krektoarsom: sels ûnder de lieding fan 'e ynkompetinte generaal János Móga koene Hongaarske troepen trochkringe oant de Eastenrykske grins, en inkeld troch Móga syn oanhâldend wifkjen oer wat er doe dwaan moast, bleau Eastenryk in pynlike nederlaach besparre.

De Slach by Pákozd, dêr't de Kroätyske troepen fan Josip Jelačić troch de Hongaren ferslein waarden.

Op 6 oktober barste de Weenske Oktoberrevolúsje los, dy't begûn doe't in yn Wenen legere bataljon grenadiers wegere om op te tsjen tsjin 'e Hongaren. Arbeiders, studinten en folsleine ienheden fan 'e nasjonale garde sleaten har by de rebûlje oan, en de âlde binnenstêd waard it toaniel fan oanhâldende en bloedige gefjochten tusken de opstannelingen en troepen dy't trou bleaune oan it regear. In breinroere kliber sleepte de achtensechstichjierrige minister fan Oarloch greve Theodor Franz Baillet von Latour nei bûten ta en hong him op oan in lantearnepeal. Dêrnei ûntflechten keizer, regear, adel en begoedige boargerij de stêd en wachten ôf oant Wenen ynnommen wie troch farske loyalistyske troepen.

Keizer Ferdinand, byneamd der Gutmütige, hie it folk in grûnwet ûnthjitten, en sels de nije sterke man yn Wenen, minister-presidint foarst Felix zu Schwarzenberg, koe him dat net ûntprate. Dat wie de foarnaamste reden wêrom't de âlde keizer as net mear te hanthavenjen beskôge waard. De troanopfolger fan Schwarzenberg syn kar wie Ferdinand syn omkesizzer, de jonge aarthartoch Frâns fan Habsburch, dêr't er in soarte fan Eastenrykske Napoleon fan meitsje woe. Dêrfoar moast er lykwols Frâns syn heit Frâns Karel passearje, dy't as minder geskikt (of miskien gewoan as minder beynfloedber) sjoen waard. Dat slagge him troch de stipe fan Frâns syn mem, aartshartoginne Sofy fan Beieren, dy't leaver har soan as har man as keizer seach. Schwarzenberg syn macht gie sels safier, dat hy it wie dy't bepaalde dat de jonge Frâns net as keizer Frâns II op 'e troan komme soe (om't dat tefolle it byld fan 'e reäksjonêre Frâns I oproppe soe), mar Frâns Joazef (dat mear tinken die oan 'e liberale Joazef II). Op 2 desimber fûn yn it Moravyske Olmütz (no Olomouc, yn Tsjechje) de kroaning fan 'e jonge keizer plak.

De iepening fan 'e Hongaarske lândei fan 1848.

Underwilens hold generaal Móga, nettsjinsteande de Weenske Oktoberrevolúsje, oan mei wifeljen oant Kossuth úteinlik syn geduld ferlear en sels nei it leger ôfreizge om Móga te twingen en fal oan. Tsjin dy tiid wie it lykwols al te let, mei't fjildmaarskalk foarst Alfred I von Windisch-Grätz yn 'e tuskentiid de Eastenrykske ferdigening organisearre hie. Sadwaande waard Móga syn oanfal yn 'e Slach by Schwechat kânsleas ôfslein. Kossuth ûnthefte Móga dêrnei fan syn befel en ferfong him troch de kapabele generaal Artúr Görgei. Boppedat wist er yn koarte tiid 100.000 man yn it fjild te bringen. In Eastenrykske opmars bleau lykwols út, mei as gefolch dat yn Pest de ienriedichheid al rillegau wer te sink gie oan 'e gebrûklike ûnderlinge rûzjes en ûniennichheden. Sa wiene de moderaten it net iens mei Kossuth syn radikale koerts, mar rôpen op om ynstee nochris in besykjen ta fermoedsoening mei Wenen te dwaan. Ek de boeren hiene har nocht fan 'e oarloch, want salang't dy oan 'e gong bleau, koene harren griven net ferholpen wurde.

Boppedat drige der in twafronte-oarloch, mei't de minderheden yn Hongarije foar it meastepart de kant fan Wenen keazen hiene. Yn 't bysûnder wie dat sa mei de Kroäten en de Serven, en yn mindere mjitte mei de Roemenen. De Serven besochten sels harren wengebiet yn Hongarije los te brekken fan 'e rest fan it lân, ûnder de namme fan 'e Servyske Woiwodina. Dat sein hawwende, wie it lykwols ek sa dat der by alle minderheden, mar fral by de Roemenen, geandewei almar mear groepen kamen dy't in eigen kompromis mei it revolúsjonêre regear fan Hongarije sochten en dat faak ek berikten, mar úteinlik de tiid net krigen om it te ymplimintearjen. De Slowaken, dy't minder sterk organisearre wiene as Kroäten, Serven en Roemenen, wiene it slimst ferdield; fan harren fochten 40.000 man oan 'e Hongaarske kant. Ek de Roetenen en Oekraïners wiene ferdield. De Dútske minderheden yn Hongarije, wêrûnder de Hongarijedútsers, de Karpatendútsers, de Donauswaben en de Banater Swaben, stiene hast allegear oan 'e kant fan 'e Hongaren, mei útsûndering fan 'e Sânboarger Saksen út Transsylvaanje. Ek ferskate lytse minderheden fochten oan 'e Hongaarske kant: de Banaatbulgaren, de Boargelânkroäten, de Bûnjevatsen (in lytse Slavyske folksgroep) en de Hongaarske Slovenen. Fierders krigen de Hongaren ek stipe fan bûtenôf: ferskate militêre formaasjes fan Poalske frijwilligers, ien fan Italjaanske frijwilligers, ien fan Dútske frijwilligers en in Weensk legioen.

De Slach by Vršac, tusken de Hongaren en it leger fan 'e Servyske Woiwodina, yn jannewaris 1849.

Mids desimber kaam de langferwachte oanfal. Eastenrykske troepen teagen fluch op yn 'e rjochting fan Pest, en nettsjinsteande de inoar tsjinsprekkende oarders dy't er ûntfong, wist de eigensinnige generaal Görgei it Hongaarske leger fierhinne yntakt te hâlden troch lieding te jaan oan in razendflugge weromtocht. Op 31 desimber 1848 besleat de Hongaarske lândei dat it parlemint en it regear ferhuze wurde moasten nei Debrecen, dat fierder fan 'e Eastenrykske grins ôf lei. De sitewaasje liek hopeleas, mar doe makke Windisch-Grätz, dy't oermoedich wurden wie troch syn súksesfolle opmars, in kritike flater: hy miende dat de Hongaren alhiel útinoar slein wiene en dat er fan harren neat mear te duchtsjen hie. Dêrom liet er syn troepen ho-hâlde foar in winterskoft, wêrmei't er de Hongaren de tiid joech om har te wergroepearjen, dêr't se sa wanhopich ferlet fan hiene. Ein jannewaris, begjin febrewaris 1849 slagge it de Hongaren dan ek om ferskate oerwinnings te boeken. Görgei fersloech de Eastenrikers yn 'e Slach by Branyiszkó; György Klapka dreau harren werom yn 'e Slach by Miskolc, en de Poalske generaal yn Hongaarske tsjinst Józef Bem pasifisearre Transsylvaanje. Allinnich Henryk Dembiński, in oare Poal yn Hongaarske tsjinst, waard yn it suden ferslein. Mei it each op 'e oanhâldende ynterne ferdieldheid fan 'e Hongaren wiene dizze oerwinnings nammenste opmerkliker.

De nije kening en keizer Frâns Joazef smiet ûnderwilens noch oalje op it separatistyske fjoer troch Hongarije yn 'e nije grûnwet dy't er op 4 maart ôfkundigje liet, eltse foarm fan selsbestjoer te ûntnimmen en in yntegraal ûnderdiel fan Eastenryk te meitsjen. It antwurd fan Kossuth kaam op 14 april, yn 'e foarm fan in Hongaarske ûnôfhinklikheidsferklearring: "Hongarije, yn 'e mande mei Transsylvaanje en alle oare regio's en provinsjes dêr't it wetlik mei feriene is, wurdt útroppen ta in frije en ûnôfhinklike Jeropeeske steat, wêrfan't de territoriale yntegriteit ûndielber en ûnskeinber ferklearre wurdt. [...] Wy publisearje dizze besluten en meitsje har oan alle folken fan 'e beskaafde wrâld bekend yn 'e fêste oertsjûging dat hja de Hongaarske naasje as broer opnimme sille yn 'e gelederen fan 'e frij en ûnôfhinklike naasjes, mei deselde freonskip en erkenning dy't de Hongaarske naasje harren, troch ús, betsjûget." Yn dyselde ferklearring waarden ek de Habsburgers fan 'e Hongaarske troan ferfallen ferklearre. Kossuth sels waard gûverneur fan 'e nije steat en Bertalan Szemere premier. It útroppen fan 'e Hongaarske ûnôfhinklikheid waard lykwols troch de Jeropeeske grutmachten (it Feriene Keninkryk, Frankryk, Prusen en Ruslân) net mei jûchhei ûnthelle. Elts fan dy lannen hie eigen minderheden dy't it Hongaarske foarbyld folgje kinne soe, en se namen dêrom in negative of yn it bêste gefal in ôfwachtsjende hâlding oan.

It Belis fan Boeda yn 1849.

Wylst de fredespartij hieltyd mear fan Kossuth syn foech as steatshaad ûndergroef, eat dêr't sels binnen syn eigen regear stipe foar fûn wurde koe, behelle it Hongaarske leger de iene oerwinning nei de oare. Yn april waarden Vác en Nagysalló befrijd, wylst Komárom ûntset waard nei in belegering dy't duorre hie fan desimber 1848 ôf. Pest foel op 24 april yn Hongaarske hannen, mar it slagge lange tiid net om ek Boeda, op 'e foaroerlizzende igge fan 'e Donau, te befrijen. Doe't op 21 maaie úteinlik nei in lang belis dochs de Hongaarske flagge boppe Boeda hyst wurde koe, wie de freugde al net mear ûnferdield, want behalven dat de Eastenrykske besetters fan 'e stêd har frijwol yntakt nei it westen ta weromlûke kinnen hiene, waard krekt dy deis bekend dat tsaar Nikolaas I fan Ruslân it regear yn Wenen bewissige hie dat er ree stie om him neffens earder makke ôfspraken yn 'e striid tsjin 'e opstannige Hongaren te mingen.

Mids juny foel in leger fan likernôch 200.000 Russen fan it easten út Hongarije binnen, wylst tagelyk fanút it westen in nij Eastenryksk leger fan 170.000 man opmarsjearre. Dêrtuskenyn hiene de Hongaren tsjin dy tiid 150.000 soldaten ûnder de wapens. Noch yn juny moast it regear fan Kossuth de wyk nimme nei Szeged, en letter nei Arad, yn 'e hope dêr noch reserves op 'e foet bringe te kinnen. Mar de oarlochswurge Hongaarske boeren lieten har net mear mobilisearje. Yn july loeken de Hongaarske legers har oan alle fronten werom. Generaal Bem moast nei seis wiken fan ferbiten gefjochten Transsylvaanje priisjaan oan 'e Russen, wêrby't Petőfi op 31 july yn Segesvár sneuvele. Yn 'e algehiele gaos wist generaal Artúr Görgei him njonken it militêre ek it politike gesach ta te eigenjen, yn it neidiel fan Kossuth. Dy liet him lykwols begean, yn in lêste hope dat de generaal dêrmei it tij noch keare kinne soe. Görgei, dy't al langere tiid temûk yn ferbining stie mei de fredespartij, hie lykwols hiele oare plannen. Hy socht kontakt mei de Russen en bea harren in oerjefte sûnder betingsten oan. Op 13 augustus 1849 makke er dat oanbod wier en ûndertekene er yn Világos, by Arad, formeel de oerjefte oan 'e Russyske maarskalk Ivan Paskevitsj.

De oerjefte fan it Hongaarske Revolúsjo-nêre Leger oan 'e Russen by Világos, op 13 augustus 1849.

Neisleep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lajos Kossuth wist mei generaal Józef Bem en in pear oare revolúsjonêre lieders nei it Osmaanske Ryk te ûntkommen, dêr't se polityk asyl krigen. Fan 'e politike en militêre foaroanlju fan Hongarije dy't yn Russyske hannen foelen, waard inkeld Görgei sparre. Alle oaren waarden oerlevere oan 'e Eastenrykske generaal Julius Jakob von Haynau, dy't beneamd wie ta militêr gûverneur fan Hongarije. Alle Hongaarske lieders dy't Haynau te pakken krije koe, waarden sûnder pardon terjochtsteld. De ofsieren en soldaten út it Hongaarske Revolúsjonêre Leger waarden yn strafbataljons fan it Eastenrykske leger stoppe. Militêre tribunalen sprieken hûnderten deafûnissen út en feroardielen tûzenen ta lange finzenisstraffen. Op 6 oktober, nei de ferovering (op 4 oktober) fan 'e stêd Komárom, dy't de oerjefte negearre hie en trochgien wie mei ferset te bieden, liet Haynau yn Arad trettjin Hongaarske generaals (de Martelders fan Arad) terjochtstelle, en yn Pest sels de earste Hongaarske premier, greve Lajos Batthyány, dy't noch troch keizer Ferdinand sels oansteld wie.

De wreedheid en de net te sêdzjen wraaksucht fan Haynau, dy't de bynammen 'de Hyena fan Brescia' en 'de Boal fan Arad' droech, skokte nei noch ferskate hûnderten eksekúsjes, wêrûnder ek dy fan 'e Hongaarske parlemintsfoarsitter, baron Zsigmond Perényi, sels it regear yn Wenen. Op 8 juny 1850 waard Haynau troch keizer Frâns Joazef ûntslein, wêrnei't de oppakte Hongaarske politisy dy't noch yn libben wiene, amnesty krigen. Twa dagen letter waard ek it militêr bestjoer oer Hongarije opheft. De haat tsjin 'e Eastenrikers wie de earste jierren nei de opstân grut yn Hongarije; pas nei 1860 koe der sprake wêze fan in fermoedsoening. Doe't Eastenryk yn 1864 in pynlike nederlaach litte yn 'e Prusysk-Eastenrykske Oarloch, wêrmei't it isolearre rekke fan 'e rest fan Dútslân, bestie ek yn Eastenryk de wil om ta in kompromis mei de Hongaren te kommen. Sa koe, benammen troch it wurk fan 'e net wurch te krijen Ferenc Deák, yn 1867 de Ausgleich sletten wurde, in oerienkomst dy't late ta it ûntstean fan 'e Eastenryksk-Hongaarske Dûbelmonargy.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bogyay, Thomas von, Grundzüge der Geschichte Ungarns, Darmstadt, 1990 (Wissenschaftliche Buchgesellschaft Darmstadt), ISBN 3 53 40 06 909.
  • ――, Kroniek van de Mensheid, Amsterdam/Brussel, 1986 (Elsevier), ISBN 9 01 00 58 565.
  • Wandycz, Piotr S., The Price of Freedom: A History of East Central Europe from the Middle Ages to the Present, Londen/New York, 1992 (Routledge), ISBN 0 41 50 76 277.