Springe nei ynhâld

Holstein-Friesian

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Holstein-Frisian)
Holstein-Friesian

Holstein-Friesian (ek wol Holstein of Friesian cattle) is in swart-bûnt koweras dat wrâldwiid ferneamd is as it kobist mei de heechste molkproduksje. De oarsprong fan it ras leit by ferskate eardere kowerassen út Fryslân, Hollân, Sleeswyk-Holstein (yn noardlik Dútslân) en Jutlân (yn Denemark). Ien fan de foarâlder-rassen wie de Frysk-Hollânske ko.

De HF is slank boud, hieledal rjochte op de molkproduksje. De Holstein-Friesian is grutter as it Frysk-Hollânsk-ras (FH) ras maar hat relatyf folle leger spierweefsel. It hat in hegere molkproduksje, mar de haltes aaiyt en fet binne by de Maas-Ryn-Isel (MRIJ) en FH heger.

Gerskjende Holstein-Friesians

De Fryske ko soe ûntstien wêze kinne neidat Fryske en Bataafske kij mei elkoar krúst wienen, sa'n 2000 jier lyn. Yn de rin fan iuwen waard de ko in poerbêst molkras.
De Nederlânske ko wie yn de 19e iuw populêr yn it bûtenlân fanwege har hege molkproduksje. Yn de Feriene Steaten waard mei Nederlânske kij fierder fokt. Dy kij krigen de namme Holstein-Friesian (de Holsteiners wienen ynbrocht troch Dútske emigranten yn de 17e iuw). Twadde helte 20e iuw waard it neiteam fan de Nederlânske kij oanhelle yn Nederlân, omdat sy wilens mear molke joegen as de Nederlânske rassen MRIJ en FH. Sûnt is de swartbûnte Holstein-Friesian it fierwei wichtichste koweras yn Nederlân.

  • Gewicht: sa'n 600 oant 750 kg
  • Bertegewicht fan in keal: 40 oant 45 kg (soms noch mear)
  • Skofthichte: sa'n 1,45 m (hinget oer nei heger)
  • Molkproduksje it jier: sa'n 8.000 kg (10.000 oant 16.000 kg/jier by topbisten)
  • Molke: 4,2 % fet en 3,4 % aaiwyt de liter (by hege molkproduksje kinne de persintaazjes wat leger wêze)

De ûndersteande tabel jout de ynternasjonaal erkende resessive genen foar Holstein Friesian

Namme Folsleine namme Koade Ekspresjekoade Type
BLAD Bovine Leucocyte Adhension Deficiency BL BLC / BLF Resessyf
DUMPS Deficiency of Uridine Monophosphate Synthase DP DPC / DPF Resessyf
BLACK/RED Swart / Read BR BRC Resessyf
CVM Complex Vertebal Malformation CV CVC / CVF Resessyf
MULEFOOT Evenhoevichheid MF MFC / MFR Resessyf
RED FACTOR Read Faktor RF RFC / RFF Resessyf
Polled Hoarnleazens P P Dominant
Arachnomely Spinnepoat A noch net witten Resessyf
brachyspina brachyspina BR noch ûnbekend Resessyf

De ekspresjekoade bestiet út de koade plus in letter. Dat kin in F (test en gjin drager) of in R (test en wol drager) wêze.