Beamholte
In beamholte is in net alhiel troch hout omsletten gat, dat op natuerlike wize ûntstien is yn 'e stamme of in tûke fan in beam. As in beamholte it grutste part fan 'e beamstam beslacht, sprekt men ek wol fan in holle beam. Beamholten komme ornaris foar yn âldere beammen, oft dy no libben of dea binne en oft se noch steane of al omfallen binne. Se foarmje in wichtich ûnderdiel fan in natuerlik wâld, mei't se in habitat foar skimmels en withoefolle wringeleazen binne en teffens fan pas komme foar beskate wringedieren. Dy brûke beamholten as skûlplak by nacht as se dei-aktyf binne of by dei as it om nachtdieren giet. Fral fûgels brûke beamholten ek om der yn te nêsteljen en har piken grut te bringen.
Beamholten kinne ta stân komme as gefolch fan fysiologyske druk op 'e oanbelangjende beam troch natuerkrêften, mei as resultaat dat it kearnhout bleat komt te lizzen en der meitiid in holte ûntstiet. De natuerkrêften dy't foar sa'n ûntjouwing ferantwurdlik binne, kinne bygelyks wyn, rein, in wjerljochtsynslach, hjittens, drûchte of in natoerbrân wêze. Ek kinne beamholten ûntstean troch oanfallen op 'e oangeande beam troch baktearjes, skimmels of ynsekten (lykas eamels of toarren). It kin fierders ek wêze dat in beam himsels besnoeit troch legere tûken falle te litten as dy te swier wurde. Sa komt dan it hout bleat te lizzen dêr't de tûke oan 'e stamme fêstsiet. Beamholten wurde troch bisten faak grutter makke troch it gebrûk fan snaffel, tosken en/of klauwen.
Hoe grut oft in beamholte wurde kin, hinget ôf fan 'e âldens fan 'e oanbelangjende beam. Eukalyptusbeammen ûntwikkelje bygelyks op alle leeftiden beamholten, mar pas as de beam 120 jier of âlder is, binne de holten fan in grutte dêr't wringedieren wat oan hawwe. It kin boppedat wol duorje oant de beam de âldens fan 220 jier berikt hat, ear't de holten gaadlik binne foar gebrûk troch gruttere soarten bisten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
