Springe nei ynhâld

Hollands Diep (tydskrift)

Ut Wikipedy

Hollands Diep is in earder Nederlânsk kultureel tydskrift dat tusken 1975 en 1977 alle twa wiken ferskynde[1] en útjûn waard troch Necomin en Z & W Productions. It befette artikels oer kultuer, literatuer en polityk. Redakteuren wiene G. Brandts, Betty van Garrel, Max van Rooy, K. Schippers en Hans Sleutelaar.

Under oaren Gerard Reve, Willem Frederik Hermans, Harry Mulisch, Simon Carmiggelt, Remco Campert, A. Alberts, Boudewijn Büch, Jan Cremer, Anton Heyboer, Julius Vischjager, Tom Ordelman en Bob den Uyl leveren bydragen. Nei 42 ôfleveringen waard de útjefte stopset, omdat de útjouwer, dy't rekkene hie op in folle grutter publyk, der gjin jild mear yn stekke woe.

Tusken maart 2007 en desimber 2011 ferskynde by de Weekbladpers om 'e twa moanne in 'kultuertydskrift' dat ek de namme Hollands Diep hie. Dat blêd hie, útsein it idee, neat mei it oarspronklike kulturele tydskrift te krijen. Fêste meidoggers wiene ûnder oaren Youp van 't Hek, Auke Kok, Annie Leibovitz, Dick Pels, Tommy Wieringa en Paul Witteman; haadredakteur wie Robbert Ammerlaan (direkteur-útjouwer fan De Bezige Bij).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: