Holarktysk gebiet

It Holarktysk gebiet of de Holarktis is yn 'e biogeografy in ekosône fan 'e wrâld dêr't twa oare, mear gongbere ekosônes (it Paleärktysk gebiet en it Neärktysk gebiet) ûnder beflapt wurde. De namme is in gearlûking fan "holo-", fan it Aldgrykske ὅλος, hólos, dat "hiel" of "gehiel" betsjut, en "Arktis", in oare namme foar de Noardpoalstreek. It betsjut dus de "Hiele Arktis".
As it Holarktysk gebiet rekkene wurdt as ien gehiel, is it fierwei de grutste ekosône fan 'e wrâld. Yn 'e Alde Wrâld omfettet it Jeropa en Noard- en Sintraal-Aazje hielendal, mei dêropta Súd-Aazje benoarden de Himalaya en de Hindoe Kûsj, East-Aazje benoarden de rivier de Jangtsekiang, Transkaukaazje, Lyts-Aazje, de Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten (de Levant en Mesopotaamje), en Noard-Afrika (sekuerder: Afrika benoarden de Sahel). Yn 'e Nije Wrâld omfiemet it Holarktysk gebiet Noard-Amearika fan Grienlân en Alaska yn it noarden oant healwei Meksiko yn it suden.
It Arabysk Skiereilân en it uterste súdeasten fan Iraan hearre net ta it Holarktysk gebiet, mar ta it oanbuorjende Afrotropysk gebiet. De Sahara en de woastinen dy't it Arabysk Skiereilân ferbine mei de rest fan it Midden-Easten foarmje oergongssônes tusken it Holarktysk en it Afrotropysk gebiet. Fierder nei it easten ta grinzget it Holarktysk gebiet yn Súd- en East-Aazje oant it Yndomaleisk gebiet, dat ek Taiwan en de Rjûkjû-eilannen omfettet. Yn 'e Nije Wrâld hearre súdlik Meksiko en teffens Midden-Amearika, it Karibysk Gebiet, Bermuda en súdlike útein fan it Floaridaskiereilân ta it oanbuorjende Neotropysk gebiet.
Yn 'e soölogy spilet it Holarktysk gebiet mar komselden in rol, mar yn 'e botany nammenste mear. Nettsjinsteande dat binne der ek wol bistesoarten dy't in Holarktyske fersprieding hawwe, lykas de brune bear (Ursus arctos), de grize wolf (Canis lupus), de foks (Vulpes vulpes), de warch (Gulo gulo), de wezeling (Mustela nivalis), de eland (Alces alces), it rindier (Rangifer tarandus), de keningsearn (Aquila chrysaetos) en de raven (Corvus corax).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
