Hoftsjerke (Hurdegaryp)

Ut Wikipedy
Hoftsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Hurdegaryp
adres Ryksstrjitwei 54
koördinaten 53° 13' N 5° 56' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige ûnbekend
Arsjitektuer
boujier 1711
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35655
Webside
Side Protestantske gemeente Hurdegaryp
Kaart
Hoftsjerke (Fryslân)
Hoftsjerke

De Hoftsjerke is ien fan 'e twa tsjerken fan 'e PKN yn Hurdegaryp, Tytsjerksteradiel. De Hoftsjerke is in ryksmonumint.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske tsjerke ferfong yn 1711-1714 in 13e-iuwsk tsjerkje mei sealtektoer, dat doedestiids oan 'e Simmerdyk stie.[1]

De sealtsjerke hat in trijesidich sletten koer en in houten geveltoer mei ynsnuorre spits oan 'e westside. De tsjerke mei rûnbôgefinsters is boud troch master-timmerman Eilef Johannes út Wyns. Boppe de tagong sitte wapenstiennen mei de nammen fan tsjerkfâden en doarpskommitearren.

Oarspronklik is de Hoftsjerke de Herfoarme tsjerke, wylst it oare tsjerkegebou mei de namme Nieuw Perspectief de Grifformearde tsjerke fan Hurdegaryp wie. Sûnt de fúzje fan 'e trije grutte tsjerkmienskippen yn 2004 hearre beide gebouwen by de Protestanske Tsjerke yn Nederlân.

Oargel

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hat in preekstoel fan 1670 en in oerkape hearebank mei in wapenskyld fan Roorda, dat droegen wurdt troch twa ienhoarns. Tegearre mei in âlde sark stamme de preekstoel en de hearebank noch út it midsiuwske tsjerkje oan 'e Simmerdyk.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel út 1879 is makke troch Petrus van Oeckelen. Yn 1981 ferhûze it ynstrumint nei it koer. Foar dat doel moast in twadde hearebank opoffere wurde, dy't yn de tsjerke fan Feinsum telâne kaam. It oargel waard yn 2015 restaurearre troch Bakker & Timmenga.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Doarpsside Hurdegaryp