Springe nei ynhâld

Hofmakkerij

Ut Wikipedy
Hofmakkerij.

Hofmakkerij (of yn tige geef Frysk, dat yn 'e sprektaal al lang net mear gongber is: om immen stykje) is de perioade direkt foarôfgeande oan it oangean fan in fêste relaasje. Yn dy tiid binne de beide partners krekt mei-inoar yn 'e kunde kommen en taaste se de mooglikheden ôf foar in duorjende relaasje, dy't mooglik fia de stadia fan ferkearing en ferloving ta in houlik liede kin. Tradisjoneel sei men dat by dat proses de man de frou it hof makke om har ûntfanklik te stimmen foar in kommend houliksoansiik, mar dat wurdt no as âldfrinzich beskôge. De froulike partner is tsjintwurdich likefolle as de man yn 'e hofmakkerij behelle, en de beide partners hoege ek net mear man en frou te wêzen, mar kinne ek beiden manlju of beiden froulju wêze.

Hofmakkerij wurdt tsjintwurdich yn 'e Westerske maatskippij benammen op ynformele wize dien troch mei-inoar op ôfspraakjes te gean, in proses dat faak oantsjut wurdt mei de Ingelske term dating. De beide partners geane dan faak út te iten en/of te dûnsjen, hoewol't oare mooglikheden ek besteane, lykas út te kuierjen gean of in besyk te bringen oan in iepenbiere gelegenheid, lykas de bioskoop, de dieretún, in tentoanstelling of in konsert. Faak falt ûnder hofmakkerij tsjintwurdich ek al rillegau it hawwen fan seksuele omgong (de trije-ôfspraakjesregel).

Yn net-Westerske kultueren is hofmakkerij noch folle mear in ritueel barren, sa't it dat yn it ferline yn it Westen ek wie. It is wat dêr't folle mear as yn it Westen de famylje fan 'e beide partners by belutsen is. By arranzjearre houliken, dy't yn in protte kultueren ek hjoed oan 'e dei noch foarkomme, kieze de beide houlikspartners inoar net iens sels út, mar wurdt dat dien troch de wjerssidige âlden of troch in keppelster. De krekte gebrûken en wizânsjes oangeande hofmakkerij ferskille alsa folslein fan 'e iene kultuer ta de oare.

Ut in antropologysk en sosjologysk eachpunt wei besjoen hat hofmakkerij, krekt as kulturele ynstellings dy't dêrmei ferbûn binne, lykas it houlik en it gesin, sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw in tige flugge en yngeande feroaring ûndergien. Foar in diel hat dat te krijen mei de foarútgong op it mêd fan 'e technology en yn 'e genêskunde, mar foar in oar diel is dat it gefolch fan 'e ferskowing fan 'e maatskiplike noarmen en wearden nei in minder restriktyf patroan, troch û.o. de opkomst fan it feminisme en it trochmeitsjen fan 'e Seksuele Revolúsje. Beide neamde oarsaken (foarútgong en ferskowing fan noarmen en wearden) steane mei-inoar yn ferbân troch bgl. it beskikber kommen fan betroubere en goedkeape foarbehoedsmiddels.

By bisten sprekt men ek wol oer hofmakkerij as men de balts bedoelt.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.