Hobbe Sjoerds fan Baerdt

Ut Wikipedy

Hobbe Sjoerds fan Baerdt (Marsum, 9 juny 15?? - 15??) wie sekretaris fan Frjentsjerteradiel en Harns.

Hy waard master yn de rjochten en yn 1558 boarger yn Frjentsjer, is dêr "gezworen gemeensman" yn 1569 en 1579. Sekretaris fan Frjentsjerteradiel tusken 1569-72, sekretaris fan Harns yn 1580 en 1583 en wurdt griffier fan it Hof fan Fryslân 1585-1591.

Hy boasket earst Hintke Hinnedochter yn Frjentsjer (1562-1563), dêrnei mei Lysbeth Delphi, dochter fan de sekretaris fan Frjentsjer, Dirck Gerrits fan Delft en de tredde kear mei Ida Swijns, dochter fan Jelte Andries Swijns. Ut it twadde houlik komt it grytmanslaach fan de Baerdts, dat mei in soad aadlike famyljes besibbe is, sa't bliken docht út it Stamboek fan de Fryske Adel fan M. de Haan Hettema (dl. II, kol. 61, oant. 20 by Douma). Dirk Hobbes fan Baerdt is syn soan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • A.L. Heerma van Voss en D.D. Osinga, Genealogie van het geslacht Baerdt of Baarda yn Moanneblêd fan it Genelogysk-Heraldysk Genoatskip ‘De Nederlandsche Leeuw’ 1930), 83.