Springe nei ynhâld

Histoaryske monuminten fan Novgorod en omkriten

Ut Wikipedy
Histoaryske monuminten fan Novgorod en omkriten
UNESCO-wrâlderfgoed
lân Ruslân
plak Veliki Novgorod
UNESCO-folchnûmer604
kritearia(ii)(iv)(vi)
ynskriuwing1992 (16e sitting)
Kaart
Histoaryske monuminten fan Novgorod en omkriten (Jeropeesk Ruslân)
Histoaryske monuminten fan Novgorod en omkriten
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Histoaryske monuminten fan Novgorod en omkriten binne in oantal midsiuwske monuminten yn en om de Russyske stêd Veliki Novgorod. De monuminten binne yn 1992 opnommen yn 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Tusken de 9e en de 15e iuw wie Novgorod ien fan 'e meast wichtige stêden fan it midsiuwske Ruslân. De stêd wie it sintrum fan 'e Republyk Novgorod en lei oan in belangrike hannelsrûte. Sûnt de 12e iuw wie de stêd it foarbyld fan in midsiuwske republyk, wêryn't besluten nommen waarden troch de vetsje, in gearkomste fan 'e stedsbefolking, en in prins keazen waard. De iennige oare Russyske stêd mei in soartegelikense bestjoer wie Pskov.

Novgorod en omkriten wie ien fan 'e pear úthoeken fan Ruslân dy't net troffen waard troch de Mongoalske ynvaazjes, wylst dat yn 'e rest fan Ruslân wol it gefal wie. Yn Novgorod waarden benammen yn 'e 14e iuw in soad nije tsjerken boud, wylst de rest fan Ruslân mei in efterstân yn ûntwikkeling te krijen hie.

Novgorod wie ek de sit fan 'e aartsbiskop en in wichtich kultureel sintrum. De ierste Russyske manuskripten waarden yn 'e 11e iuw yn Novgorod skreaun. De Russyske arsjitektuer fan wite stien en de Russyske skilderkeunst hiene harren woartels yn Novgorod en Pskov. Ien fan 'e meast ferneamde midsiuwske skilders, Teofanus de Gryk, wurke yn Novgorod.

It wrâlderfgoed telt meiïnoar 178 lokaasjes of bouwurken.

folchnû. Ofbyld Beskriuwing Koördinaten
604-001Westlik histoarysk sintrum fan Novgorod en it Kremlyn fan Novgorod58° 31' NB, 31° 16' EL
604-002Eastlik histoarysk sintrum fan Novgorod mei it Jaroslavl-hôf en it kleaster fan de Mem Gods fan it Teken.58° 31' NB, 31° 17' EL
604-003Zverin-kleaster en omjouwing58° 32' N 31° 16' E
604-004Antoniuskleaster58° 32' NB, 31° 17' EL
604-005Bertetsjerke op it tsjerkhôf58° 31' NB, 31° 18' EL
604-006Ferlossertsjerke op Nereditsa (fan 1198)58° 29' NB, 31° 18' EL
604-007Resten fan Ferkundigingstsjerke yn Gorodisjtsje58° 29' NB, 31° 17' EL
604-008Peryn-kleaster58° 28' NB, 31° 16' EL
604-009Joerjev-kleaster58° 29' N 31° 17' E
604-010De tsjerken op Mjachino: Tsjerke fan Sint-Jehannes de Barmhertige en de Ferrizenistsjerke58° 29' NB, 31° 15' EL
604-011Petrus en Paulustsjerke58° 30' NB, 31° 15' EL

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Monuminten yn Veliki Novgorod fan Wikimedia Commons.