Hippolytus Crack

Ut Wikipedy

Hippolytus Crack, (†17 oktober 1626), wie grytman van Aenjewier fan 1605-1626.

Wie soan fan Roelof Crack († 8 novimber 1604 en Doekeltje Doekles († 1622). Waard yn 1605 as grytman oansteld, wie yn 1618 meunster-kommissaris en yn 1625 lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân.
Stifte nei alle gedachten yn 1608 Crackstate, mei har foarplein, fersierde gevel en koepeltoer op It Hearrenfean. Dit waard letter troch it ryk oankocht as setel foar de arrondissemints- en kantonrjochtbanken. Hy wie troud mei Gaeltje Gerrytsma en ferstoar 17 oktober 1626, syn frou trije dagen letter.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • H. Baerdt van Sminia - Nieuwe Naamlijst van Grietmannen (Ljouwert, 1837) side 337.