Springe nei ynhâld

Martin Lichtenstein

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hinrich Lichtenstein)
Martin Lichtenstein
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
berne2 septimber 1857
berteplakHamburch
stoarn2 septimber 1857 (77 jier)
stjerplakOp see tusken Korsør en Kiel
wurkpaad
berop/amtdokter, soölooch
aktyf asnatuerûndersiker
reden
  bekendheid
beskriuwing Pterocles lichtensteinii

Martin Hinrich Lichtenstein (Hamburg, 10 jannewaris 17802 septimber 1857) wie in Dútske dokter, natuerûndersiker en soölooch, soan fan Anton Lichtenstein, dy't ek in ferneamd soölooch wie. Hy ûndersocht dielen fan súdlik Afrika en sammele in soad natuerhistoaryske eksimplaren en in protte nije soarten waarden út syn kolleksjes beskreaun troch Jeropeeske wittenskippers.

Lichtenstein wie fan jongs ôf oan ynteressearre yn natuerlikehistoarje en geografy. Hy krige yn 1797 kunde oan greve Johann Centurius von Hoffmannsegg en sette útein mei it ûndersykjen fan 'e wiidweidige kolleksjes ynsekten en fûgels fan 'e greve.

Dêrnei studearre er yn Jena en Helmstedt medisinen, foardat er tusken 1802 en 1806 nei Súd-Afrika reizge dêr't er de liifarts fan gûverneur Jan Willem Janssens fan Kaap de Goede Hoop waard.

Werom yn Berlyn rjochte er yn 1810 it Museum für Naturkunde op en waard dêrfan yn 1813 de direkteur. Yn 1811 hie er de earste learstoel as heechlearaar yn de soölogy oan de Humboldt-Universiteit yn Berlyn.

Lichtenstein wie in goede freon fan Carl Maria von Weber. Nei syn dea, yn 1826, regelde er tegearre mei de bankier Wilhelm Beer de ferkeap fan 'e partituer fan de opera Oberon oan 'e Berlynske muzykútjouwer Adolf Martin Schlesinger út namme fan Weber syn widdo Caroline. As fersoarger tegearre mei Carl Theodor Winkler wied er belutsen by de oplieding fan Weber syn weesbern Max Maria en Alexander.[3][4]

Tegearre mei Alexander von Humboldt organisearre Lichtenstein yn 1828 de gearkomste fan 'e Feriening fan Dútske Natuerwittenskippers en Dokters dy't alle jierren yn Berlyn holden waard.[5] Yn 1829 waard Lichtenstein keazen ta bûtenlânsk lid fan 'e Keninklike Sweedske Akademy fan Wittenskippen. Hy waard ek beneamd ta Geheime Riedshear yn Berlyn.

Hy stoar oan in oerhaal op see oan board fan in stoomboat fan Korsør nei Kiel.

Lichtenstein troude op 11 juny 1815 mei Victoire Hotho (1795–1866). [1] Se krigen tegearre fjouwer bern: trije soannen en in dochter, Marie Lichtenstein, letter Hoffmeister. Marie wie in bejeftige pianiste, in peetdochter fan Carl Maria von Weber, en in pianolearares fan Ernst Rudorff. Lichtenstein syn widdo, Victoire, stoar op 7 oktober 1866 yn Königsberg oan goalera.

Lichtenstein beskreau in grut tal nije soarten amfibyen, reptilen en fûgels foar de wittenskip. Bygelyks, de IOC-Wrâldfûgellist hat mear as 80 fûgelsoarten dy't er beskreaun hat.[2] Bekende soarten dy't er beskreaun hat binne ûnder oaren de Australyske keningsparkyt (Alisterus scapularis), de kroansânhin (Pterocles coronatus) en de gewoane poddejirre (Causus rhombeatus). Ta syn eare binne in protte nij beskreaune bisten troch oaren nei Lichtenstein neamd, wêrûnder Lichtensteins sânhin (Pterocles lichtensteinii), Lichtensteins poddenjirre (of de wâldpoddenjirre, Causus lichtensteinii), de lichtensteinhoutboarders (Lichtensteiniana; in skaai fan flinters) en de antilope Lichtensteins hertebist (Alcelaphus buselaphus lichtensteinii), in ûndersoarte fan it hertebist (Alcelaphus lichtensteinii).

Lichtenstein ûnder it Nasjonaal-Sosjalisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tawijde protestantske en polityk konservative Lichtenstein wist fan syn Joadske foarâlden, die genealogysk ûndersyk en begûn syn stambeam yn 1835 mei "Arnold, soan fan in doopte Joadske rabbi", dy't yn 1690 ferstoar. [3] Yn it nazi-tiidrek late dit ta in fraach fan it Museum foar Natuerhistoarje yn de Hânzestêd Hamburch yn 1939 oangeande Lichtenstein syn "Dútske bloedlinen" (Deutschblütigkeit). It antwurd fan it gemeentebestjoer fan Hamburch, datearre 23 juny 1939, befêstige dat syn oer-oer-oerpake Joadsk west hie, mar dat hysels, fanwegen de ferminging dy't sûnt dy tiid plakfûn hie, beskôge wurde moast as "fan Dútsk bloed neffens de Neurenberger Wetten". Dat betsjutte dat it fuortheljen fan 'e Lichtenstein-búste of nammeferoarings net nedich wiene. [4]

  • Reisen im südlichen Afrika. 1803–1806. Mit einer Einführung von Wahrhold Drascher. 1811. 2 Bände (Neudruck: Brockhaus Antiquarium, Stuttgart 1967).
  • Nachrichten von Teneriffa. Ein Fragment aus dem Tagebuche des Hrn. Dr. Lichtenstein auf der Reise von Amsterdam nach dem Vorgebirge der guten Hofnung 1802. Industrie-Comptoirs, Weimar 1806
  • Über die Beetjuanas. Als Nachtrag und Berichtigung zu Barrows Auszug aus Trüters Tagebuch einer Reise zu den Buschwanas. Vom Hrn. Dr. Hinrich Lichtenstein. Industrie-Comptoirs, Weimar 1807
  • Darstellung neuer oder wenig bekannter Säugethiere in Abbildungen und Beschreibungen von 65 Arten auf 50 colorirten Steindrucktafeln, nach den Originalen des Zoologischen Museums der Universität Berlin. Lüderitz, Berlyn 1827/34. Text Plates
  • Zur Geschichte der Sing-Akademie in Berlin. Nebst einer Nachricht über das Fest am funfzigsten Jahrestage Ihrer Stiftung und einem alphabetischen Verzeichniss aller Personen, die ihr als Mitglieder angehört haben. Verlag Trautwein, Berlyn 1843.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Heiraths-Anzeige in: Berlinische Nachrichten von Staats- und gelehrten Sachen Nr. 70, 13. Juni 1815 (Web-Ressource).
  2. (in) F. Gill, M. Wright D. & Donsker (2012) - IOC World Bird Names (version 3.2)
  3. Lichtenstein, Stamm-Tafel der bürgerlichen Familie Lichtenstein, 1835, o.p.
  4. Vgl. Th. Schmuck: Lichtenstein - Ein Leben zwischen Wissenschaft und Musik ..., s. 18.