Himelfearttsjerke oan de Pokrovkastrjitte (Moskou)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Himelfearttsjerke

Богородицкая церковь

De tsjerke tusken 1890 en 1905
De tsjerke tusken 1890 en 1905
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
plak Flag of Moscow.svg Moskou
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1696-1699
sloopjier 1936
arsjitekt Pjotr Potapov
boustyl Moskouse barok

De Tsjerke fan de Himelfeart fan de Hillige Jongfaam Marije oan de Pokrovkastrjitte (Russysk: Церковь Успения Пресвятой Богородицы на Покровке) wie eartiids ien fan de moaiste tsjerken fan hiel Moskou. De tsjerke wie boud yn de styl fan de saneamde Narysjkin-barok ûnder lieding fan de arsjitekt Pjotr Potapov. Yn 1936, tidens ien fan de fûlste perioades fan ferfolging fan de Russysk-otterdokske Tsjerke troch it offisjeel ateïstyske regear, waard de tsjerke ferneatige om't it gebou de frije trochgong fan fuotgongers belemmerje soe.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is bekend dat der al sûnt 1511 in houten Himelfearttsjerke west hat, dy't yn 1656 ferfongen waard troch in stiennen tsjerke. Yn de jierren 1696-1699 liet de rike Moskouse keapman I.M. Svertsjkov oan ien fan de âldste strjitte fan Moskou in nije tsjerke troch Pjotr Potapov bouwe. De arsjitekt wurdt troch stylistyske oerienkomsten ek yn ferbân brocht mei de bou fan it sintrale diel fan de Opstanningstsjerke fan Kadasjy. Alhoewol't de tsjerke altiten in gewoane parochytsjerke bleau, koe de Himelfearttsjerke wat de arsjitektuer oanbelanget poerbêst meunsterje mei Moskou's moaiste katedralen.

De tsjerke yn 1845

Sels Napoleon stie fersteld oer de skientme fan de arsjitektuer en neffens in leginde liet hy tidens de ferovering fan Moskou yn 1812 in spesjale wacht delsette om tefoaren te kommen dat de tsjerke krekt lykas de oare Moskouse godshûzen plondere waard. In oar ferhaal giet dat Napoleon de tsjerke stien foar stien ôfbrekke woe, om de tsjerke yn Parys wer op te bouwen. It soe Napoleon's maarskalk Édouard Mortier (neffens in oare oerlevering Napoleon sels) west ha, dy't by it sjen fan de tsjerke rôp dat dêr de Russyske Notre-Dame stie. Hoe dan ek, dat de tsjerke yn 1812 net skeind waard troch brân en plondering mei in wûnder hjitte.

It wie ûnder de Moskouse tsjerken de favorite tsjerke fan de skriuwer Fjodor Dostojewski. As de yn Moskou berne skriuwer de stêd oandie, gyng hy altiten ek nei de Himelfearttsjerke om dêr te bidden.

De tsjerke op in tekening út 1935

De ferneatiging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1935 naam de Moskouse gemeenteried ûnder foarsitterskip fan Nikolaj Bûlganin it beslút om de tsjerke te ferneatigjen. De motivaasje dy't de autoriteiten foar de ferneatiging joegen wie dat de tsjerke de fuotgongers hindere. Yn de winter fan 1936 folge de útfiering fan it beslút. Twa architraven en in portaal bleaune fan de tsjerke bewarre en waarden nei it Donskoi-kleaster brocht, dat yn de Sovjet-tiid net mear as kleaster, mar as museum tsjinst die. De ikonostase fan de tsjerke waard nei it refektoarium fan it Nowodewitsjy-kleaster oerbrocht en in tal ikoanen kamen telâne yn it Histoarysk Museum. Foar de ôfbraak fan it monumint krigen arsjitekten noch de gelegenheid om ûndersyk en ôfmjittings te dwaan. Op it lege plak dat de tsjerke achterliet waard in stikje grien oanlein, dat it no noch jimmeroan is.

Lûden om de Himelfearttsjerke te rekonstruearjen hawwe oant no ta (2017) noch net ta konkrete plannen laat.

Bewarre fragminten fan de Himelfearttsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twa architraven en in portaal binne bewarre bleaun en yn de noardlike muorre fan it Donskoi-kleastser ynmitsele, nei't it kleaster oerdroegen wie oan it Museum fan Arsjitektuer.

De ikonostase út 1706 krige in plak yn it Novodevitsjy-kleaster. Ferskate ikoanen gyngen nei de kolleksje fan it Nasjonaal Histoarysk Museum.

Tidens in restauraasje yn 2004 waard in stik muorre fan de klokketoer ûntdutsen mei fragminten bakstien en dekoraasjes fan wite stien. De boudielen binne renovearre en wurde beskerme.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]