Springe nei ynhâld

Himalayaparkyt

Ut Wikipedy
Himalayaparkyt
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljepappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittacoidea)
skaaiealparkiten (Psittacula)
soarte
Psittacula himalayana
Lesson, 1832
IUCN-status: net bedrige

De Himalayaparkyt (Psittacula himalayana) is fûgelsoarte fan it skaai ealparkiten (Psittacula) út de famylje pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae).

De soarte libbet yn Himalayabosken fan Afganistan oant Bûtan.

Mantsje.

De Himalayaparkyt is in 40 sm lange griene parkyt mei in donkergriize kop. Op 'e skouders hat de fûgel in lytse rûne reade flek en de lange, puntige sturt is oan 'e ein giel. De fûgel hat in swarte kraach dy't nei it kin breder waard. Yn 'e nekke is de fûgel blaugrien. De boppesnaffel is read en de ûndersnaffel giel. It wyfke mist it reade skouderplak op 'e wjukken.

De Himalayaparkyt liket in soad op 'e griiskopparkyt, dy't earder as in ûndersoarte fan 'e Himalayaparkyt behannele waard. De griiskopparkyt libbet mear eastlik, is lytser en hat in ljochtere grize kop.

Unbekend is hoe grut de populaasje is. De soarte wurdt lykwols omskreaun as algemien. Alhoewol't oannommen wurdt dat de soarte troch it ferlies fan biotoop yn oantal efterút giet, stiet de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: