Himalayaglânsfazant
| Himalayaglânsfazant | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
hoanne hin | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Chrysolophus pictus | ||||||||||||
| Latham, 1790 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Himalayaglânsfazant (Lophophorus impejanus) is in fûgel dy't lânseigen is yn 'e bosken en strûken fan 'e Himalaya op hichten fan 2.100–4.500 m. Hy makket diel út fan 'e famylje Phasianidae en is ien fan 'e trije soarten yn it skaai Lophophorus.
It is de nasjonale fûgel fan Nepal en de steatsfûgel fan Uttarakhand yn Yndia. De wittenskiplike namme betinkt Mary Impey, de frou fan 'e Britske haadrjochter fan Bengalen, Elijah Impey.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De glânsfazant is in relatyf grutte lânfûgel. De fûgel is sawat 70 sm lang. De hoanne weaget oant 2,380 kg en de hin 2,150 kg. In folwoeksen hoanne is tige ryk oan skimerjende kleuren, wylst de hin brún is mei in wite kiel en wite streekjes oer it liif. Opmerklike skaaimerken by de hoanne binne de lange, irisearjende griene túf, de koperkleurige fearren op 'e rêch en nekke en it wite plak op 'e ûnderrêch, dy't it bêst te sjen is as de fûgel fleant. De sturtfearren fan it mantsje binne oranje en wurde nei de úteinen tsjusterder, wylst de sturt fan it wyfke bandearre is yn 'e kleuren wyt en brún mei boppe in bredere wit bân en in wite einbân. It earstejiersmantsje en de juvenyl lykje op it wyfke, mar it earstejiersmantsje is grutter en de juvenyl is minder dúdlik tekene.
| hoanne | hin |
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e Himalayaglânsfazant leit fan Afganistan (ûnwis) en Pakistan (fragmintearre) oer de Himalaya yn Nepal, Yndia, súdlik Tibet en Bûtan. Yn Pakistan komt er it meast foar yn 'e provinsje Khyber Pakhtunkhwa en is er ek waarnommen yn Kaghan, Palas Valley en Azad Kasjmir. Yn Yndia is er waarnommen yn 'e hiele Yndiaaske Himalaya-regio fan Jammu en Kasjmir oant Arunachal Pradesh. Hy libbet yn heechlizzende ike- en konifearbosken, ôfwiksele mei iepen gershellingen, kliffen en alpine greiden tusken 2.400 en 4.500 m (meast tusken 2.700 en 3.700 m). Winterdies sakket er nei 2.000 m.
Himalayaglânsfazanten wurde yn ' regel net yn ûndersoarten ferdield. Undersyk nei de populaasje yn noardwestlik Yndia hat lykwols oantoand dat dy populaasje it wyt op 'e sturt mist en folle griener is op it boarst, itjinge betsjutte kin dat der in twadde ûndersoarte is.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Syn dieet bestiet benammen út knollen, nuten, blêd, woartels, ynsekten en oare ynvertebraten. Winterdeis graaft er yn 'e snie nei woartels en ynvertebraten. Plantemateriaal makke in grut part út fan it dieet.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn maklik tagonklik bosk is de populaasje sterk ôfnaam of sels ferdwûn, wylst de soarte him yn ôfsidige, heechlizzende gebieten en nasjonale parken better yn stân hâldt. De fûgel is gefoelich foar fersteuring en yn guon gebieten wurdt de Himalayafazant bedrige troch de streuperij of oare troch de minske feroarsake faktoaren. Minsklike aktiviteiten lykas de bou fan wetterkrêftsintrales ha yn 'e westlike Himalaya lokaal it ferdwinen fan 'e soarte feroarsake. Streuperij fynt fral plak fanwegen de túf, dy't by tradisjonele klean op toaien brûkt wurde. De túffearren steane faak symboal foar ear, manlikens en sosjale status. Belangrike gebieten foar de fûgel binne Himachal Pradesh en Uttarakhand yn Yndia (westlike Himalaya), Sintraal-Nepal, Bûtan. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantallen efterút giet, mar de IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige op 'e Reade list (Least Concern, 2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

