Springe nei ynhâld

Himachal Pradesh

Ut Wikipedy
Himachal Pradeshहिमाचल प्रदेश
Dielsteat fan Yndia
De piken fan Gangchhua en P6270 yn it heechberchtme fan Himachal Pradesh.
De piken fan Gangchhua en P6270 yn it heechberchtme fan Himachal Pradesh.
Algemien
LânYndia
HaadstêdShimla (simmer)
Dharamshala (winter)
Grutste stêdShimla
Distrikten12
Befolking
Ynwennertal6.864.602 (2011)
TalenHindy (offisjeel), Sanskryt (ekstra offisjeel)
ReligyHindoeïsme 95,17%
Islam 2,18%
Boedisme 1,15%
Geografy
Oerflak55.673 km²
Heechste punt350 – 7.000 m
Oar
Stifting25 jannewaris 1971
TiidsôneIST (UTC+5:30)
Offisjele webside
himachal.nic.in
Kaart
De piken fan Gangchhua en P6270 yn it heechberchtme fan Himachal Pradesh.
Lokaasje fan Himachal Pradesh yn Yndia

Himachal Pradesh is in dielsteat yn it noarden fan Yndia. De steat leit folslein yn 'e Himalaya en grinzget yn it noarden oan 'e unyterritoaria Jammu en Kasjmier en Ladakh, yn it westen oan Pûndjaab, yn it suden oan Haryana en yn it súdeasten oan Uttarakhand. Yn it easten dielt de steat in ynternasjonale grins mei de Tibetaanske Autonome Regio (Sina). Himachal Pradesh is likernôch 1,3 kear sa grut as Nederlân. Himachal Pradesh bestjut snieberchsteat (Hima = snie, achal = berch, pradesh = steat.)

De steat is ferneamd om syn natoer, appelhôven en deunby lizzende hillige plakken. It is in relatyf rike dielsteat fan Yndia as it giet om it ynkommen per ynwenner en it hat in hege graad fan taalfeardigens. Himachal Pradesh wurdt ek wol "Dev Bhumi" (Lân fan 'e Goaden) neamd, fanwegen de tûzenen timpels en it feit dat in soad hindoestaanske myten harren hjir ôfspylje.

It lânskip fan Himachal Pradesh kin fan súdwest nei noardeast ferdield wurde yn trije dúdlike geografyske sônes.

De Shiwaliks foarmje de legere heuvels yn it suden fan 'e steat, oant sa'n 1.200 meter. Dêr lizze tichte bosken en wurdt oan lânbou dien. It klimaat is dêr sub-tropysk.

Pir Panjalbergen.

Noardliker lizze de bergen fan 'e Legere Himalaya, ek wol de Midden-Himalaya neamd, mei hichten tusken likernôch 1.500 en 4.000 meter. Yn dizze sône lizze bekende plakken lykas Shimla en Dalhousie. Berchrêgen lykas de Dhauladhar en de Pir Panjal bepale hjir it lânskip.

De Grutte Himalaya yn it noarden en easten (Lahaul and Spiti en Kinnaur) bestiet út heechberchtme mei piken oant om de 7.000 meter. Dat gebiet is rûch, kâld en foar in grut part drûch, om't it yn 'e reinskaad fan 'e Himalaya leit.

Himachal Pradesh is ek fan grut belang foar de wetterfoarsjenning fan Noard-Yndia. Ferskate grutte rivieren ûntspringe of streame troch de steat, lykas de Chenab, Ravi, Beas en Sutlej, wylst de Yamuna de súdeastlike grins rekket.

De Renukamar.

De steat hat in grut tal gletsjers, wêrûnder de Bara Shigri, de grutste fan Himachal. Ek binne der ferskate marren, lykas Chandra Taal yn Spiti en de Renukamar yn 'e legere heuvels.

Troch de grutte hichteferskillen fariëarret it klimaat sterk: fan waarm en fochtich yn it suden oant tige kâld yn de heechlizzende dellingen. Yn de winter leit der yn grutte dielen fan de steat snie, wêrtroch guon gebieten moannenlang min berikber binne.

De skiednis fan Himachal Pradesh wurdt foar in grut part bepaald troch de isolearre lizzing yn 'e bergen, wêrtroch it gebiet faak in eigen ûntwikkeling trochmakke.

Yn 'e âldheid waard de regio bewenne troch stammen lykas de Dasas, Koilis en Kiratas. Letter ûntstiene lytse keninkrykjes en stamsteaten, de saneamde Janapadas. It religieuze libben bestie út in mingfoarm fan hindoeïsme en leauwen yn lokale goaden (devta's).

Yn 'e midsiuwen bleau it berchlân foar in grut part bûten direkte kontrôle fan islamityske riken en it Mogolryk. Lytse keninkrykjes lykas Kangra, Kullu en Chamba holden faak harren selsstannigens. Oan it begjin fan 'e 19e iuw foelen de Gurkhas it gebiet binnen, mar hja waarden letter troch de Britten weromdreaun.

De merke yn Kasauli yn 'e 19e iuw.

Under Britsk-Ynje waard it gebiet in taflecht troch it koelere berchklimaat. Shimla waard yn 1864 de simmerhaadstêd fan Britsk-Ynje, dêr't it bestjoer alle jierren hinne ferhuze. In soad lokale foarsten bleaune oant 1947 as fazallen oan 'e macht.

Nei de ûnôfhinklikens fan India waard Himachal earst in unyterritoarium. Troch gearfoeging fan eardere prinsdommen en gebieten út Pûndjaab groeide it gebiet stadichoan. Op 25 jannewaris 1971 waard Himachal Pradesh de 18e dielsteat fan it lân.

Hindy is de offisjele taal, mar yn 'e praktyk wurde benammen Pahari-dialekten praat; yn it easten komme ek Tibetaansk-Birmaanske talen foar. In relatyf grut part fan 'e befolking bestiet út Dalits (sawat 25%).

De measte minsken wenje yn lytse doarpen yn it berchlân. Tradisjonele huzen wurde faak boud fan hout en stien, oanpast oan it terrein en bestindich tsjin ierdskoddings.

Boedistyske timpel yn Dharamshala.

De befolking fan Himachal Pradesh is relatyf homogeen wat religy oanbelanget, mar kultureel en taalkundich ferskaat. Mear as 95% fan 'e ynwenners hinget it hindoeïsme oan, faak yn in foarm dêr't de klassike tradysjes kombinearre wurde mei it leauwen yn lokale berchgoaden (kuldevta's). Fierder ha de islam, it boedisme (benammen yn Lahaul en Spiti en Kinnaur) en it sikhisme in lytse oanhing.

In opfallend skaaimerk is de Tibetaanske mienskip: sûnt 1959 wennet de Dalai Lama yn Dharamshala, dat dêrmei in wichtich sintrum fan Tibetaansk boedisme yn ballingskip wurden is.

Religy yn Himachal Pradesh
Religy% (2001)% (2011)FerskilKarakteristyk
Hindoeïsme95,43%95,17%-0,26%Ien fan 'e heechste persintaazjes yn Yndia
Islam1,97%2,18%+0,21%Fral yn 'e distrikten Chamba en Sirmaur.
Sikhisme1,19%1,16%-0,03%Benammen yn 'e gebieten dy't oan Pûndjaab grinzgje.
Boedisme1,25%1,15%-0,10%Dominant yn Lahaul & Spiti en Kinnaur; sterk beynfloede troch Tibet.
Kristendom0,13%0,18%+0,05%Konsintrearre yn stedske gebieten lykas Shimla.
Oars / net opjûn0,03%0,16%+0,13%Ynklusyf Jaïnisme en lokale stam-religys.

De groei fan 'e befolking yn Himachal Pradesh is de lêste desennia stadiger gien as yn soad oare Yndiaaske steaten, wat faak sjoen wurdt as in teken fan goede ûntwikkeling en ûnderwiis.

Befolkingsûntwikkeling fan Himachal Pradesh (1901–2011)
Jier 1901191119211931194119511961
Ynwennertal 1.920.2941.896.9441.928.2062.029.1132.263.2452.385.9812.812.463
Groei -1,2%+1,6%+5,2%+11,5%+5,4%+17,9%
Jier 19711981199120012011
Ynwennertal 3.460.4344.280.8185.170.8776.077.9006.864.602
Groei +23,0%+23,7%+20,8%+17,5%+12,9%

Himachal Pradesh hat gjin megastêden. Faak binne de stêden histoaryske hill stations of nije yndustriële hubs oan 'e grins mei de flakten. Hill stations binne berchdelsettings yn Yndia dy't yn 'e koloaniale tiid ûntwikkele of útwreide waarden troch de Britten as koelere bestjoers- en ferbliuwplakken om oan 'e waarmte fan 'e flakten te ûntkommen. De sifers yn ûndersteande tabel binne foar de stêden sels, net foar it hiele distrikt.

Shimla.
RangPlakDistriktYnwennertal (2001)Ynwennertal (2011)Groei (%)Karakteristyk
1ShimlaShimla142.555169.578+19,0%Haadstêd en toeristysk sintrum.
2SolanSolan34.20639.256+14,8%Hub foar lânbou en ûnderwiis.
3DharamshalaKangra19.12430.764+60,9%Winterhaadstêd en Tibetaansk sintrum.
4BaddiSolan22.60129.911+32,3%Wichtich yndustrieel sintrum (farmasy).
5NahanSirmaur25.97228.899+11,3%Histoaryske stêd yn it suden.
6MandiMandi26.85826.422-1,6%Kulturele stêd oan 'e rivier de Beas.

Kultuer en toerisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kultuer fan Himachal Pradesh is in kleurich mingsel fan religy en berchtradysjes.

It Kullu Dussehra is wrâldferneamd. Wylst Dussehra yn 'e measte dielen fan India einiget mei de ferbaarning fan Ravana-poppen, begjint it yn 'e Kullu-delling krekt dan. Hûnderten lokale goaden (devta's) wurde út de doarpen op draachstuollen nei de stêd brocht.

De Pahari-skilderkeunst is in foarm fan miniatuerkeunst dy't bloeide yn 'e 17e en 18e iuw oan 'e hôven fan 'e berchfoarsten.

Man mei in tradisjonele Himchali-pet.

De tradisjonele Himachali pet is in wollen mûtse mei kleurige rânen en wurdt droegen troch manlju; it is in symboal fan 'e steat wurden. Himachal Pradesh is ien fan de populêrste fakânsjebestimmings fan Yndia.

It Key-kleaster.

Shimla, de eardere simmerhaadstêd fan Britsk-Ynje, stiet bekend om syn koloniale arsjitektuer en de smelle berchtrein, de Toy Train, dy’t ûnderdiel is fan it UNESCO-wrâlderfgoed. Manali is in sintrum foar aventoerstoerisme en in poarte nei de Hege Himalaya. Dharamshala en McLeod Ganj binne it spirituele sintrum fan 'e Tibetaanske mienskip yn ballingskip. De Spiti Valley is in kâlde heechlânwoastyn mei âlde boedistyske kleasters lykas it Key-kleaster.

Himachal Pradesh is in wichtige regio foar biodiversiteit. De steat is it leefgebiet fan seldsume soarten lykas de snieloaihoars en de westlike saterhin, in kleurige fazant dy't ek de steatsfûgel is.

De steat hat fiif nasjonale parken, wêrfan de wichtichste hjirûnder beskreaun wurde.

Nasjonaal Park Great Himalayan
  • It Nasjonaal Park Great Himalayan yn Kullu stiet op 'e UNESCO-wrâlderfgoedlist. It park beskermet alpine berchtoppen en tichte bosken.
  • It Nasjonaal Park Pin Valley leit yn 'e kâlde woastyn fan Spiti. Yn it gebiet komme de snieloaihoars en de Sibearyske stienbok foar. It lânskip is rûch en sûnder beammen mei planten dy't oanpast binne oan ekstreme kjeld.

Oare nasjonale parken:

Appelhôf yn Kotgarh.

De steat wurdt faak de appelsteat fan Yndia neamd. Himachal produsearret grutte hoemannichten appels en oare fruchten lykas parren, benammen yn 'e hegere dellingen. Ek de tylt fan krûden en grienten bûten it seizoen is wichtich, om't dy yn 'e waarme flakten minder goed groeie kinne.

Troch de grutte hichteferskillen en de ferskate riviersystemen hat de steat in sterk potinsjeel foar wetterkrêft. Himachal produsearret in grut part fan syn elektrisiteit út wetterkrêft en leveret ek stroom oan oare steaten lykas Delhi en Pûndjaab.

In wichtige yndustry is de farmaseutyske sektor. De stêd Baddi is útgroeid ta in produksjesintrum foar medisinen yn Yndia.

Himachal Pradesh is ferdield yn 12 distrikten, dy't ferdield binne yn trije divyzjes (regio's): Shimla, Kangra en Mandi.

De distrikten ferskille in soad fan inoar; wylst de súdlike distrikten lykas Solan en Sirmaur tichtebefolke en yndustrieel binne, binne de distrikten yn it heechberchtme, lykas Lahaul en Spiti, de grutste fan oerflak mar hawwe se de minste ynwenners fanwegen it rûge klimaat.

Yndieling distrikten Himachal Pradesh.
DistriktHaadplakYnwennertal (2001)Ynwennertal (2011)Groei (%)Oerflak (km²)
BilaspurBilaspur340.885381.956+12,0%1.167
ChambaChamba460.899519.080+12,6%6.522
HamirpurHamirpur412.700454.768+10,2%1.118
KangraDharamshala1.339.0301.510.075+12,8%5.739
KinnaurReckong Peo78.33484.121+7,4%6.401
KulluKullu381.571437.903+14,8%5.503
Lahaul en SpitiKyelang33.22431.564-5,0%13.835
MandiMandi901.344999.777+10,9%3.950
ShimlaShimla722.502814.010+12,7%5.131
SirmaurNahan458.593529.855+15,5%2.825
SolanSolan500.557580.320+15,9%1.936
UnaUna442.733521.173+17,7%1.540
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dielsteaten en unyterritoaria fan Yndia
Dielsteaten

Andhra Pradesh · Arunachal Pradesh · Assam · Bihar · Chhattisgarh · Goä · Gûdjarat · Haryana · Himachal Pradesh · Jharkhand · Karnataka · Kerala · Madhya Pradesh · Maharashtra · Manipoer · Meghalaya · Mizoram · Nagalân · Orissa · Pûndjaab · Radjastan · Sikkim · Tamil Nadu · Telangana · Tripoera · Uttar Pradesh · Uttarakhand · West-Bingalen

Unyterritoaria

Andamanen en Nikobaren · Chandigarh · Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu · Delhi (Nasjonaal Haadstedsk Territoarium) · Jammu en Kasjmier · Ladakh · Lakshadweep · Pondicherry

· · Berjocht bewurkje