Hilvarenbeek (gemeente)
Hilvarenbeek | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Hilvarenbeek is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân, súdeastlik fan Tilburch. De gemeente hat 15.973 (1 jannewaris 2024) ynwenners en in oerflak fan 97 km², wêrfan 1,49 km² wetter. De wichtichste stêd, Hilvarenbeek, leit op in hichte fan 17 meter.
Gemeenteyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente bestiet út seis plakken:
- Baarschot
- Biest-Houtakker
- Diessen
- Esbeek
- Haghorsten
- Hilvarenbeek
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente mei de hjoeddeiske namme bestiet sûnt 14 maaie 1810 en omfieme doe ek Esbeek en Biest-Houtakker. Foar de Frânske tiid bestie it doarp Hilvarenbeek út de buorskippen Vrijthof mei de útbuorrens Beerten, Hoog en Laag Spul en Veldhoven en de buorskip Esbeek mei de útbuorrens Dun en Tulder, de Voort, Westerwijk, Biest en Loo en Heikant. De gemeente hie doe 2025 ynwenners.
Hilvarenbeek wie foar 1810 in hearlikheid mei in oare foarm fan bestjoer. Sûnt de 14e iuw waard it bestjoerd troch sawol de hartoch fan Brabân as de prins-biskop fan Luik, dy't beide as "healhearen" fungearren. Yn 1648 gyngen de rjochten fan 'e hartoch fan Brabân oer oan 'e Steaten-Generaal; de rjochten fan 'e biskop fan Luik gongen oer op ferskate aadlike famyljes. Yn 1795 waarden de rjochten fan 'e hearen fan Hilvarenbeek beheind en yn 1798 ferdwûnen se hielendal. De Steaten-Generaal ferdwûnen as healhear, mar se hiene har oandiel yn it hearlik jachtrjocht al yn 1790 oan 'e bewenner fan it hûs Groenendael ferkocht, Peter Bouwens. Yn 1814 waarden de hearerjochten yn prinsipe weromjûn, mar yn 1848 ferdwûnen se foargoed, útsein de jacht- en fiskerijrjochten.
Yn 1991 waard hjir as earste gemeente yn Nederlân de ikeprosesjerûp fûn.
Sûnt 1 jannewaris 1997 is de oarspronklike gemeente fusearre mei de gemeente Diessen. It haadplak fan 'e nij gemeente bleau Hilvarenbeek.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen sjoch: nl:Hilvarenbeek (gemeente)
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |