Springe nei ynhâld

Hillige iisfûgel

Ut Wikipedy
Hillige iisfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus)
soarte
Todiramphus sanctus
Vigors & Horsfield, 1827
IUCN-status: net bedrige

De hillige iisfûgel (Todiramphus sanctus) is in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

De fûgel op Heroneilân, Austraalje.

De soarte wurdt 19 oant 23 sm grut en likernôch 65 gram swier en hat in foarse swarte snaffel. De búk is fealoranje oant wyt, de rêch is blauwgrien en om 'e nekke sit in wite bân dy't oant ûnder de snaffel trochrint. De wjukken binne oan 'e boppekant folslein blau. Foar it each hat de fûgel in bêzje plakje en ûnder it each rint in donkergriene streek.

De hillige iisfûgel is in iisfûgelsoarte dy't yn mangroves en bosken yn Austraalje en Nij-Seelân foarkomt. Nei it brieden trekt de fûgel nei it noarden nei Yndoneezje, Papoea Nij-Guineä en de Salomonseilannen.

Der wurde fiif ûndersoarten erkend:[1]

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hillige iisfûgels ite grutte ynsekten, larven, lytse reptilen lykas hagedissen, skaaldieren en somtiden fisk.

De soarte hat in grut fersprieidngsgebiet en dêrfandinne is de kâns op útstjerren lyts. Net bekend is hoe grut de populaasjes is, mar oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. De hillige iisfûgel wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (LC) klassifisearre.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. F. Gill; D. Donsker, (2017). "Rollers, ground rollers & kingfishers". World Bird List Version 7.2. International Ornithologists' Union.