Springe nei ynhâld

Grutte beo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hillige beo)
Grutte beo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaibeo's (Gracula)
soarte
Gracula religiosa
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding neffens ûndersoarte.

De grutte beo of hillige beo (Gracula religiosa) is in sjongfûgel yn it skaai beo's út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae). Carolus Linnaeus beskreau de soarte foar it earst wittenskiplik yn 1758. De beo is by ús tige bekend as kouwefûgel.

Grutte beo yn Bangladesj.

Grutte beo's wurde 27 oant 31 sm lang en ha in glânzgjend swart fearrekleed mei fearreleaze ljochtoranje of giel stikjes hûd en lellen oan 'e kop. Ek de snaffel is giel oant oranje. Opfallend binne de grutte wite plakken op 'e hânpinnen fan 'e wjukken, dy't fral goed te sjen binne yn 'e flecht.

De grutte beo hat in grut ferspriedingsgebiet yn it súdeasten fan Aazje en telt acht ûndersoarten:

  • Gracula religiosa peninsularis: noardeastlik Yndia
  • Gracula religiosa intermedia: komt foar fan noardlik Yndia oant Birma, Tailân, Yndosina, súdlik Sina
  • Gracula religiosa andamanensis: komt foar op 'e Andamanen en Nikobaren.
  • Gracula religiosa religiosa: komt foar op Malakka, Sumatra, Java, Borneo en oanbuorjende eilannen.
  • Gracula religiosa batuensis: de Batû- en Mentawai-eilannen (westlik fan Sumatra).
  • Gracula religiosa palawanensis: Palawan (Súdwest-Filipinen).
  • Gracula religiosa miotera: Simeulue (noardwestlik fan Sumatra), mooglik útstoarn yn it wyld
  • Gracula religiosa enganensis (Engganobeo): Enggano (súdwestlik fan Sumatra).

De Gracula religiosa robusta wurdt troch guon ek as ûndersoarte beskôge.

Op guon plakken binne ferwyldere populaasjes ûntstien, lykas op Porto Riko, yn Hongkong en Makau.

De biotoop bestiet út tropysk bosk, heech yn beamkroanen fan it reinwâld of oan 'e rânen dêrfan. As de biotoop foldocht oan 'e easken en der gjin substansjele bedrigingen oanwêzich binne, komt de fûgel algemien foar. Se ite fan alles, lykas nektar, fruchten, beien en ynsekten.

De grutte beo hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en dêrom allinnich al is de kâns op útstjerren lyts. De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net bekend, mar troch ferlies fan geskikt biotoop, de fûgelhannel en de jacht op 'e fûgel foar iten nimme dy oantallen wol ôf, mar net sa slim dat de fûgel bedrige wurdt. Dêrfandinne stiet de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre. De troch BirdLife International as aparte soarte behannele robusta stiet op 'e râne fan útstjerren. De miotera is mooglik al útstoarn.

Om't de fûgel prate kin wurdt er fakentiden as hûsdier holden. Beo's kinne yn it wyld likernôch 12 jier âld wurde, yn finzenskip lykwols 20 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: