Springe nei ynhâld

Hillige Sit

Ut Wikipedy
Embleem fan 'e Hillige Sit

De Hillige Sit (Latyn: Sancta Sedes) is de formele beneaming fan de steatsrjochtlike posysje fan it Fatikaan en tsjut de paus oan yn 'e mande mei it Steatssekretariaat en de ûnderskate kongregaasjes en pauslike rieden.

De Hillige Sit kin beskôge wurde as it sintrale bestjoersorgaan fan de Katolike Tsjerke. Ynformeel sprekt men ek wol fan "It Fatikaan". Soms wurdt yn stee fan 'e beneaming Hillige Sit ek de term Apostolyske Sit (Latyn: Sedes Apostolica) brûkt om sa te ûnderstreekjen dat de paus de opfolger is fan'e apostel Petrus. Mar omdat der mear as ien Apostolyske Sit is, is it better fan de Hillige Sit te sprekken. Yn de begjintiid fan it kristendom stichten ommers de evangelist Markus (yn Aleksanderje) en de apostel Andréas (yn Konstantinopel) ek harren bisdom mei elk syn eigen Apostolyske Sit.

De Hillige Sit hat neffens it Ferdrach fan Lateranen yn 1929 de eksklusive jurisdiksje krigen oer de doe nij te foarmjen steat Fatikaanstêd, de Status Civitatis Vaticanae of Stato della Città del Vaticano.

De Hillige Sit stiet ûnder lieding fan 'e paus, mar faak wurdt mei de oantsjutting "Hillige Sit" ek wol it amt of jurisdiksje fan 'e paus bedoeld. De Hillige Stoel bliuwt bestean as der tydlik gjin paus is, nei syn dea of ôftrêden. Yn dizze tiid fan ôfwêzigens fan de paus (Sedisfakaasje) wurde de Katolike Tsjerke en Fatikaanstêd bestjoerd troch it Kolleezje fan Kardinalen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE