Misse

Duccio di Buonsegnia (1308–1311)
De misse, ek wol de Hillige Misse neamd (of yn 'e easterske tsjerken de Godlike Liturgy), is yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke de meast brûkte namme foar in religieuze tsjinst. Dy fynt meastentiids plak yn in tsjerkegebou, wêrby't in pryster as selebrant de eucharisty ("it misoffer") fiert. Tsjinsten wêryn't gjin eucharisty fierd wurdt (lykas de fesper of it lof) binne gjin missen. Njonken de Roomsk-Katolike Tsjerke brûke ek de Aldkatolike Tsjerken, de Easterske Tsjerken en soms de Lutherske Tsjerke en de Anglikaanske Mienskip de term. Foar in tsjerketsjinst yn in protestantske tsjerke wurdt it wurd 'mis' net brûkt.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurd 'mis' is ôflaat fan it Latynske wurd missa, wat 'weistjoering' betsjut. Dit ferwiist nei de wurden dy't de pryster of diaken tsjin 'e ein fan 'e liturgy útsprekt: Ite Missa Est ("Gean", "Gean, it offer is folbrocht").
Struktuer en ûnderdielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eltse mis rint neffens in fêste struktuer fan teksten, sang en rituelen. De teksten wurde meastentiids yn 'e lânstaal útsprutsen, mar Latyn is ek mooglik. Grofwei bestiet in mis út twa dielen:
- By de liturgy fan it wurd steane de foarlêzing fan Bibelteksten (epistel en evangeelje) en de preek sintraal.
- By de liturgy oan 'e tafel (it alter) steane it lijen, de dea en de opstanning fan Jezus sintraal. De leauwigen wurde hjir útnûge om diel te nimmen oan it miel fan 'e Heare en it sakramint fan 'e eucharisty te ûntfangen.
Neffens de katolike lear is de misse "de ûnbloedige offerande fan it Nije Ferbûn". It lichem en it bloed fan Kristus wurde, ûnder de gedaanten fan bôle en wyn, troch de pryster oan it alter oan God opdroegen, wêrtroch't it offer fan it krús fernijd wurdt. De Aldkatolike Tsjerke hat hjir in eigen, ûnderskiedende fisy op.
Liturgy en symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Westen wurdt yn 'e liturgy meastentiids de Latynske ritus brûkt, wylst yn it Easten de Easterske liturgy it meast wenst is.
Foar in hiel skoft waard de misse yn it westerske kristendom allinnich yn it Latyn opdroegen neffens de Tridentynske ritus (ferneamd nei it Konsily fan Trente). Yn 1970 kaam ûnder paus Paulus VI in nije liturgy yn gebrûk, de Novus Ordo Missae. Nei it Twadde Fatikaansk Konsily waard it om pastorale redenen tastien om de mis hielendal of foar in part yn 'e lânstaal te hâlden, wat sûnt de twadde helte fan 'e jierren 1960 in soad tapast is. By hege útsûndering komme der hjoed-de-dei sels 'dialektmissen' foar. It Twadde Fatikaansk Konsily befestige lykwols ek it Latyn as de taal fan 'e westerske liturgy. It idee dat it Latyn ôfskaft is, is in misferstân.
In misse wurdt troch in pryster foar de oanwêzigen opdroegen, selbrearre, lêzen of songen. Soms wurdt der ek sprutsen oer de foargonger. De pryster wurdt troch ien of mear mistsjinners of akoliten holpen.
In soad ûnderdielen hawwe in sterk mystagogyske wearde: it symboal of it ritueel bewurket in manifestaasje fan it ûnsichtbere (de betsjutting efter it symboal wurdt wurklikheid). Katoliken leauwe dat it offer fan Kristus oan it krús net allinnich betocht wurdt, mar by eltse fiering op 'e nij tsjintwurdich steld wurdt. Dit makket de misse in echte offertsjinst. Dit is oars as yn 'e protestantske teology, wêryn't bôle en wyn allinnich in oantinkenswearde hawwe, en de offergedachte útdruklik ôfwiisd wurdt.
Sintraal yn 'e tsjerke stiet it alter, dat tsjinnet as de offertafel. It symbolisearret Jezus Kristus, de libbene stien dêr't de tsjerke opboud is en ferwiist nei it offer fan 'e eucharisty. De hosty ferwiist nei it offer fan Jezus oan it krús en betinkt it Lêste Nachtmiel. Neffens de lear fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke feroaret de bôle en de wyn by de konsekraasje yn Kristus sels, om de leauwigen geastlik te fuorjen en te ferienigjen mei Him.

Yn 'e misse wurdt û.o. wijreek brûkt. De opstiigjende reek ferbyldet de opstiigjende gebeden nei God. It bewijrikjen fan 'e tafel en it Hillich Evangeelje wol de klam lizze op it hillichjen fan 'e romte en it Wurd fan God. Ek de leauwigen wurde somtiden bewijrikke, itjinge dan de betsjutting fan reinigjen hat. Baarnende kearsen symbolisearje it ljocht fan Kristus en de oanwêzigens fan God.
Liturgyske foarmen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed-de-dei binne der twa haadfoarmen yn 'e Romeinske ritus:

- Misse fan Paulus VI: Dit is de meast resinte en gebrûklike foarm. De pryster stiet mei it gesicht nei it folk ta en de fiering is meastentiids yn 'e folkstaal.
- Tridentynske misse: Dit is de tradisjonele foarm dy't standert wie foar it Twadde Fatikaansk Konsily. Dizze mis wurdt altyd ad orientem (mei it gesicht nei it easten of it alter keard) en yn it Latyn fierd. De lêzings (yn guon gefallen) en de preek (homily) wurde wol yn 'e folkstaal jûn. By guon tradisjonalistyske kongregaasjes, lykas de Prysterbruorskip Sint Pius X, is dit de iennige standertfoarm. Yn Frankryk nimt de ynteresse foar de tradisjonele Tridentynske liturgy wer ta en groeit it tal mienskippen dêr't allinnich de tradisjonele missen fierd wurde.[1]
De misse yn 'e muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De muzikale misse hat in iuwenlange ûntwikkeling trochmakke dy’t al begûn yn 'e iere tsjerke.
Yn 'e ierste iuwen fan it kristendom waarden de teksten fan 'e misse troch de pryster en de leauwigen sprutsen. Om it yn gruttere tsjerken mooglik te meitsjen dat elkenien de teksten goed te hearren wie waarden de gebeden en bibelteksten op in ientoanige wize foardroegen. Dat feroare stadichoan yn sjongen.
Paus Gregoarius de Grutte soarge om 600 hinne foar in grutte oardening fan 'e sangen. Sa ûntstie it Gregoriaansk: ienstimmige, Latynske gesangen sûnder ynstruminten. Yn dy tiid waarden de teksten ferdield yn it Ordinarium (de fêste teksten dy't yn elke mis weromkomme) en it Proprium (de wikseljende teksten).
Sûnt de 11e en 12e iuw waard de mearstimmigens yntrodusearre. Dat begûn hiel ienfâldich troch in twadde stim parallel oan de Gregoriaanske meldij rinne te litten, mar it waard al gau komplekser en artistiker.

Oant de 14e iuw waarden de fêste ûnderdielen fan it Ordinarium altiten as losse gesangen sjoen. De grutte feroaring kaam om 1360 hinne, doe’t de Frânske komponist Guillaume de Machaut de Messe de Nostre Dame skreau. It wie foar it earst yn 'e skiednis dat ien komponist alle fiif de fêste mis-ûnderdielen as ien grut, gearhingjend muzikaal keunstwurk komponearre. Dy nije gewoante feroare de muzykwrâld.
Yn 'e renêssânse (15e en 16e iuw) waard it komponearjen fan in mis de heechste útdaging foar in komponist. Komponisten lykas Palestrina en Byrd brochten dizze mearstimmige tsjerkemuzyk ta in hichtepunt. Yn 'e barok (sûnt ± 1600) waarden ynstruminten en ek it orkest hieltyd wichtiger yn 'e tsjerke. Komponisten begûnen njonken in koar ek solisten te brûken. De mis-muzyk waard op it lêst sa grut, ryk en lang, dat it hast net mear yn in gewoane tsjerketsjinst paste. In masterwurk lykas de Hohe Messe fan Bach of de Missa Solemnis fan Beethoven wie eins te grut foar de liturgy en waard hieltyd mear útfierd as in op harsels steand konsertstik.
De (muzikale) misse is opboud út fêste en wikseljende ûnderdielen:[2]
It ordinarium (de fêst weromkommende gesangen):
- Kyrie – Heare, ûntfermje Jo
- Gloria – Ear oan God
- Credo – Ik leau
- Sanctus / Benedictus – Hillich / Segene de Allerheechste
- Agnus Dei – Laam fan God
- Ite Missa Est – it fuortstjoeren
It proprium (de wikseljende gesangen):
- Introïtus – yntochtgesang
- Graduale – antwurdpsalm / tusken-sang
- Alleluia of Tractus – útrop fan freugde (soms mei Sequentia – in gesang foar feestdagen)
- Offertorium – offergesang (wylst de pryster it bôle en de wyn opdraacht)
- Communio – kommunygesang (wylst de hosty útdield wurdt)
Misstipendia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leauwigen kinne in pastoar of kleasterpryster tsjin in bydrage (in stipendium) freegje om in mis op te dragen foar in spesjale yntinsje (in "misyntinsje"). De yntinsje wurdt yn 'e misse neamd en is der in momint fan stil gebed. Meastentiids giet it om in ferstoarn famyljelid. It Wetboek fan Kanonyk Rjocht skriuwt foar dat bisdommen yn 'e selde tsjerkeprovinsje mei-inoar ôfspraken meitsje moatte oer de hichte fan 'e bydragen.
Bûten de tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt in oantal desennia kinne missen ek mei de tsjerkeradio beharke wurde, al binne dy bedoeld foar siken en âlderen. Yn 'e tiid fan 'e coronapandemy yn 2020, doe't it foar tsjerkegongers faak net mooglik wie om nei tsjerke te gean, binne in soad tsjerken ek úteinset mei it online streamen fan harren missen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
