Hillige Marije- en Sint-Paulus fan Tebe-tsjerke

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hillige Marije- en Sint-Paulus
fan Tebe-tsjerke
Hilaard, Koptysk Otterdokske tsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Leeuwarden wapen 2014.svg Ljouwert
plak Hilaard wapen.svg Hilaard
adres Van Aylvaleane 12
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1888
oare ynformaasje
webside Side Koptysk-otterdokse tsjerke Hilaard

De Hillige Marije- en Sint-Paulus fan Tebe-tsjerke yn Hilaard is de tsjerke fan de Koptyske-otterdokse mienskip yn Fryslân. De tsjerke falt ûnder it Koptysk Otterdokske Bisdom fan Nederlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjerkegebou waard yn 1888 foar de grifformearde gemeente boud en rekke mei de foarming fan in SOW-gemeente oerstallich.

Hilaard, Koptysk Otterdokske Tsjerke Fryslân.jpg

De grifformearde tsjerke hold in tsjerklike funksje mei de oername fan it gebou yn 2000 troch de Koptysk Otterdokske Tsjerke. Foar de nije eigner is it ynterieur oanpast oan de koptyske earetsjinst. Sûnt 10 oktober 2008 foarmet de Fryske koptyske gemeente in selsstannige gemeente.

Op 4 maaie 2015 kaam de koptyske paus Tawadros II nei Hilaard om de tsjerke yn te wijen. De wijing fan de tsjerke troch de paus wurdt mei in plakette oan de rjochter kant fan de yngong betocht.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: