Hillige Geasttsjerke (Kazan)
Hillige Geasttsjerke
Духосошественская церковь | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
autonome republyk | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 55° 46' N 49° 08' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 1731-1735 | |
boustyl | Barok | |
monumintale status | Monumint fan regionaal belang | |
monumintnûmer | 1600170000 | |
offisjele webside | ||
duhovhram-kzn.ru |
De Tsjerke fan de Hillige Geast is in (Russysk: Духосошественская церковь) russysk-otterdoks barok tsjerkegebou yn Kazan, Ruslân.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke waard tusken 1731 en 1735 foar de arbeiders fan in lekkenfabryk boud en op 12 augustus 1735 ynwijd. Yn de 19e iuw waarden der ferskillende feroarings en útwreidings oan de tsjerke útfierd. Yn 1802 waard in stiennen stek om de tsjerke boud. Oan de súdeastlike kant fan dat muorre-stek waard yn 1895 in kapel mei fiif koepels yn pseudo-russyske styl boud. Oant de revolúsje fan 1917 hie de tsjerke de grutste parochy fan Kazan mei sa'n 4.000 leden.
Yn de Sovjettiid waard de tsjerke yn 1931 foar de earetsjinst sletten. De tsjerke waard oerdroegen oan in bioskoop en in dûnsskoalle en yn de rin fan de tiid fernielden feroarings en tafoegings it hiele oansjen fan de tsjerke. Fan de klokketoer waarden de ferdjippings sloopt en ek de frijsteande kapel út 1895 waard ôfbrutsen. Sûnt de jierren 1950 waard op de boppeferdjipping fan it eardere tsjerkegebou in poppeteäter ûnderbrocht. De rest fan it gebou waard ferdield yn wenromten. De bewenners fan de eardere tsjerke krigen yn 1970 oare hûzen tawiisd en fan doe ôf waard it hiele gebou in poppeteäter.
Yn 2008 begûnen leden fan de otterdokse mienskip fan Kazan harren te opponearjen yn otterdokse media tsjin de neffens har godslasterlike figueren oan de gevel fan de eardere tsjerke. Fral it ôfbyld fan in mytysk Tataarsk figuer, in soarte fan duvel, joech in soad argewaasje en de klagers fregen om it ferwiderjen fan dy figueren fan de gevel. It duorre lykwols noch oant 2012 doe't de tsjerke werom jûn waard oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke, nei't in nij gebou foar it poppeteäter foltôge waard. Op 31 maaie 2012 waarden de figueren fan de tsjerke ferwidere.
Nei't de presidint fan de Republyk Tatarije, Rûstam Noergalijevitsj Minnichanov, yn july 2012 in besite brocht oan de tsjerke naam dy it beslút om help te bieden by de renovaasje fan de tsjerke. Tagelyk mei de rekonstruksje en restauraasje fan de tsjerke waard ek de ferfallen Galeevski moskee út de jierren 1798-1801 rekonstruearre en renovearre. Fan 2012 oant 2015 waard 105 miljoen rûbel útjûn troch de oerheid om de Hillige Geasttsjerke te rekonstruearjen en te renovearjen en de omjouwing dêrfan op te knappen. Yn in njonken de tsjerke lizzende gebouwen, dat eartiids ek by de tsjerke wie, is tsjintwurdich it nei Sint-Gûri ferneamde Otterdokse Gymnasium fêstige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Сошествия Святого Духа (Казань)
|