Hillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan Pompei
Hillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan Pompei
Pontificio Santuario della Beata Vergine del Santo Rosario di Pompei | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
regio | ![]() | |
provinsje | Napels | |
plak | Pompei | |
adres | Piazza Bartolo Longo | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1876-1938 | |
arsjitekt | Antonio Cua | |
boustyl | Historisme | |
offisjele webside | ||
Side fan it hillichdom |
It Pontifikale Hillichdom fan de Jongfaam fan de Roazekrâns fan Pompei (Italjaansk: Pontificio Santuario della Beata Vergine del Santo Rosario di Pompei) is in roomsk-katolike katedraal en beafeartsplak yn (de moderne stêd) Pompei, yn Itaalje (net te betiizjen mei de Romeinske ruïnestêd Pompeï).
De neobarokke koepelbasilyk waard yn de jierren 1878-1891 op inisjatyf fan de sillige Bartolo Longo boud ta eare fan de Keninginne fan de Roazekrâns. Yn de jierren 1934-1939 waard de tsjerke nochris fergrutte sadat der tsjintwurdich 6.000 minsken yn passe. It Marije-hillichdom is de katedraal fan de territoriale prelatuer Pompei en hat de status fan in pauslike basilyk.
Alle jierren bringe mear as fjouwer miljoen minsken in besite oan it hillichdom. Dêrmei is it ien fan de meast besochte tsjerken fan Itaalje.
Skiednis fan it hillichdom[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Italjaanske jurist Bartolo Longo (1841-1926) wie grutbrocht yn it katolyk fermidden, mar rekke yn syn stúdzjetiid by in anty-tsjerklike beweging telâne. It wie yn in tiid dat saken as spiritisme en okkultisme yn 'e moade rekken en nasjonalisten krewearren foar de ôfskaffing fan it pausdom. Neffens eigen sizzen liet Longo him sels ynwije as preester fan in satanistyske beweging. Nei in perioade fan depressy en mentale swierrichheden socht er syn âlde freon Vincenzo Pepe op, dy't him werom brocht op it paad fan it katolisisme.
Nei syn bekearing sette er him yn foar it befoarderjen fan it roazekrânsgebed. Foar dat doel woe Longo in tsjerke bouwe en tanksij spontane jeften fan katoliken út de hiele wrâld koed er dat doel realisearje. Op 8 maaie 1876 waard mei de bou útein set, dy't op 7 maaie 1891 troch kardinaal Raffaele Monaco La Valletta konsekrearre waard. It hillichdom krige fan paus Leo XIII op 4 maaie 1901 de status fan pauslike basilyk.
It krewearjen fan Longo die in soad fertuten, benammen nei't it genedebyld fan de Madonna fan de Roazekrâns yn ien fan de kapellen fan de nije tsjerke in plak krige. It genedebyld soe wûnderdiedich wêze en fanwegen de grutte oanrin fan katoliken moast de ynearsten ienskippige tsjerke yn 1934 oant 1938 nochris fergrutte wurde mei twa sydskippen mei kapellen en in koeromgong. De oarspronklike 29 meter hege koepel waard nei de útwreiding fan de tsjerke ferfongen troch in 57 meter hege koepel.
Paus Jehannes Paulus II besocht it hillichdom yn 1979 en 2003. Paus Benediktus XVI besocht it hillichdom yn 2008 en kende de tsjerke de Gouden Roas ta. Paus Franciscus besocht de tsjerke op 21 maart 2015 .
Op 11 novimber 1962 waard in monumint foar Bartolo Longo ûnthulle op it plein foar it hillichdom.
Toer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1925 folge de foltôging fan de 80 meter hege klokketoer. Yn de nis fan de fjirde ferdjipping stiet in seis meter heech Hillich Hert-byld fan Jezus mei de wurden Venite ad me omnes. In ferdjipping leger steane op alle fjouwer hoeken brûnzen ingels dy't op trompetten blaze. Foar it jitten fan de acht klokken yn de toer waarden kanonnen omraand. Mei it sân meter hege krús, dat yn 'e nacht ferljochte is, hat de toer in hichte fan hast 88 meter.
Krypte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sûnt it wurk fan de jierren 1930 hat de tsjerke in krypte, dêr't de mis fierd wurde kin en de bycht ôfnommen wurdt. Efter it heechalter is in kapel dêr't yn in skryn de oerbliuwsels lizze fan Bartolo Longo. De pylders fan de krypte binne mei fresko's beskildere dy't fertelle oer de skiednis fan de tsjerke en de kroaning fan it skilderdij fan de Madonna fan de Roazenkrâns troch paus Paulus VI yn 1965 nei de restauraasje. Oan de muorren hinget de krúswei doe't it hillichdom noch yn oanbou wie.
Oare reliken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1902 joech de famylje Ciccodicola út Arpino twa kostbere reliken oan it hillichdom fan Pompei. It gyng om in fan bloed oantaaste stikel dat in diel foarme hawwe soe fan de stikelkrâns fan Kristus en in stikje hout fan it Wiere Krús.
Madonna del Rosario[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fanôf oktober 1873 teach Bartolo Longo nei Napels om in skilderij te keapjen fan de Madonna del Rosario foar de tsjerke. Dêr liet syn bychtheit him witte dat der noch wol in skilderij te finen wie mei dat tema yn it Roazekrânskonservatorium. Dat skilderij hied er sels nammentlik sa'n tsien jier earder oan it kleaster jûn. Longo folge syn advys op, mar seach ferheard op doe't de non him in âld en fersliten skilderij fan de Madonna mei Bern, dy't oan twa hilligen in roazekrâns oerlanget, sjen liet. It wie ferskriklik suterich en oeral misten stikjes farve, mar it waard restaurearre en krige in plak yn ien fan de kapellen (letter omdoopt ta de Katarinakapel) fan it hillichdom, dy't noch yn oanbou wie.
It genedebyld waard al gau bedekt mei ealstiennen dy't leauwenden offeren as tank foar it ferhearren fan gebeden. Yn sokke grutte kloften kamen de pylgers op it genedebyld ôf, dat in útwreiding needsaaklik waard dy't yn de jierren 1930 realisearre waard.
Yn 1965 folge yn Rome noch in lêste wittenskiplike en profesjonele restauraasje fan it genedebyld, wêrby't de oarspronlike kleuren werom helle waarden. Ek de foar it linnen skealike ealstiennen waarden doe ferwidere. By de gelegenheid waard de Madonna in pear dagen útstald yn de Sint-Piter en op 23 april waard it skilderij troch paus Paulus VI mei kroantsjes foarsjoen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|