Hidalgo (steat)
| Hidalgo | ||
| Lokaasje Hidaldo yn Meksiko | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| lân | Meksiko | |
| haadplak | Pachuca de Soto | |
| grutste stêd | Pachuca de Soto | |
| gemeenten | 84 | |
| Sifers | ||
| ynwenners | 3.082.841 (2020) | |
| oerflak (km²) | 20.813 km² | |
| befolkingstichtens | 148 ynw./km² | |
| Oar | ||
| steat sûnt | 16 jannewaris 1869 | |
| ISO-koade | MX-HID | |
| tiidsône | UTC−6 | |
| simmertiid | UTC−5 | |
| koördinaten | 20°07′N 98°44′W | |
| webside | hidalgo.gob.mx | |
| Kaart | ||
Hidalgo is in steat yn it sintrale diel fan Meksiko en stiet bekend om syn rike mynbouhistoarje, syn ferskaat oan lânskippen en kultureel erfgoed. De steat is in wichtich sintrum fan toerisme, mar ek fan lânbou en yndustry.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De skiednis fan Hidalgo giet werom oant de prehispanyske tiid, doe't it gebiet bewenne waard troch ferskate folken, ûnder oaren de Otomi en letter de Tolteken. De Tolteekske beskaving hie in grutte ynfloed yn it sintrale diel fan Meksiko, mei kulturele sintra lykas Tula, dat hjoed-de-dei yn Hidalgo leit. Nei de Spaanske oermastering yn 'e 16e iuw waard it gebiet opnommen yn it koloniale bestjoer fan Nij-Spanje.
Yn 'e koloniale tiid waarden mynbou en lânbou wichtige ekonomyske pylders. Benammen sulverwinning spile in grutte rol; stêden lykas Pachuca waarden sintra fan mynbou. Nei de ûnôfhinklikens fan Meksiko yn 1821 bleau it gebiet earst diel fan oare bestjoerlike ienheden. Earst yn 1869 waard Hidalgo offisjeel erkend as in eigen steat yn 'e Meksikaanske federaasje.
Yn 'e 19e iuw kamen mynwurkers út it Feriene Keninkryk (fral út Cornwall) nei Hidalo, dy't ek in kulturele ynfloed útoefenen yn Meksiko. De Ingelsen yntrodusearren njonken arsjitektuer en moderne mynboutechniken en ek sporten lykas fuotbal.
De steat ûntwikkele him yn 'e 20e iuw fierder troch yndustrialisaasje en ynfrastruktuer. Hjoed-de-dei is Hidalgo bekend om syn mynbouhistoarje, argeologyske plakken en natuergebieten. De steat spilet ek in rol yn 'e moderne Meksikaanske ekonomy, mei yndustry, lânbou en toerisme as wichtige sektoaren.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De geografy fan Hidalgo wurdt karakterisearre troch in grut ferskaat oan lânskippen. De steat leit yn it sintrale diel fan Meksiko en hat sawol bercheftige gebieten as flakkere dellingen. It westen en suden fan Hidalgo wurde dominearre troch bergen, dy't diel útmeitsje fan 'e Sierra Madre Oriental, wylst it easten mear tropyske en fochtige gebieten hat.
It klimaat ferskilt sterk: yn 'e hegere berchgebieten is it koeler en mear tuskenbeide, wylst de legere dielen waarmer en drûger binne. Dat soarget foar in grutte biodiversiteit, mei in soad plante- en bistesoarten. Neffens gegevens fan it Instituto Nacional de Estadística y Geografía bestiet in grut part fan it grûngebiet út bosk en agraryske grûn, itjinge lânbou ta in wichtige ekonomyske boarne fan ynkommen makket.
Hydrologysk is Hidalgo ek nijsgjirrich: de steat leit yn ferskate wetterstreamgebieten en hat rivieren en wetterreservoirs dy't wichtich binne foar drinkwetter en lânbou.
Histoaryske en kulturele plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pachuca de Soto: de haadstêd fan Hidalgo mei in mynbouhistoarje. Yn it sintrum steane âlde gebouwen út 'e 19e iuw en monuminten dy't ferwize nei de sulverwinning.
- Mineral del Monte (Real del Monte): in âlde mynstêd mei Ingelske ynfloeden. Hjir binne Ingelske begraafplakken, histoaryske mynen en smelle strjitsjes mei koloniale arsjitektuer.
- Tula de Allende: dizze stêd leit ticht by in grut argeologysk kompleks dat ferbûn is mei de Tolteekske beskaving.
- Zona Arqueológica de Tula: ien fan 'e wichtichste prehispanyske monuminten fan Meksiko. Hjir steane de ferneamde Atlantes fan Tula, grutte stiennen bylden dy't Tolteekske krigers foarstelle.
Natuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Berchgebieten fan 'e Sierra Madre Oriental.
- Grotten en ûndergrûnske systemen (Grutas de Tolantongo, Grutas de Xoxafi)
- In tige bekende wetterfal is Prismas Basálticos de Santa María Regla.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Prismas Basálticos de Santa María Regla
- Pachuca de Soto
- Sierra Madre Oriental
- Mineral del Monte
- Grutas de Tolantongo
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hidalgo fan Wikimedia Commons. |
| Steaten fan Meksiko | ||
|---|---|---|
| Aguascalientes • Baja California • Baja California Sur • Campeche • Chiapas • Chihuahua • Coahuila de Zaragoza • Colima • Durango • Guanajuato • Guerrero • Hidalgo • Jalisco • Meksiko • Michoacán de Ocampo • Morelos • Nayarit • Nuevo León • Oaxaca • Puebla • Querétaro de Arteaga • Quintana Roo • San Luis Potosí • Sinaloa • Sonora • Tabasco • Tamaulipas • Tlaxcala • Veracruz • Yucatán • Zacatecas | ||
| Federaal distrikt: Meksiko-Stêd | ||