Springe nei ynhâld

Sint-Joazeftsjerke (Tilburch)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Heuvelske tsjerke)
Sint-Joazeftsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
plak Tilburch
adresHeuvelring 122
koördinaten51°33'N 5°5'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
patroanhilligeJoazef fan Nazareth
Arsjitektuer
arsjitektH.J. van Tulder
boujier1872
boustylneogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer35713
Webside
parochiedegoedeherder.nl
Kaart
Sint-Joazeftsjerke (Tilburch)
Sint-Joazeftsjerke

De Sint-Joazeftsjerke (ek wol Heuvelske tsjerke neamd) is in neogoatysk katolike tsjerke yn 'e Noard-Brabânske stêd Tilburch. Tegearre mei de Heikeske tsjerke is it de wichtichste tsjerke yn it stedssintrum. De tsjerke stiet oan 'e Heuvel, it sintrale plein. De tsjerke is wijd Joazef fan Nazareth. Foar it gebou stiet in Hillich-Hertbyld út 1921. De tsjerke makket diel út fan 'e Parochy fan 'e Goede Hoeder.

Fanwegen it jild is de tsjerke neffens in ûntwerp fan Hendrik Jacobus van Tulder yn twa fazen boud. It earste part datearret fan 'e jierren 1871-1873 en it twadde diel mei de foargevel en de twillingtuorren fan 'e jierren 1887-1889. De wijing fûn plak yn 1889 troch de biskop fan it bisdom De Bosk. De nije tsjerke wie nedich foar in groeiend ynwennertal fan Tilburch en waard boud yn 'e tún fan in kazerne. De kazerne waard ferboud ta pastorije. De iennige grutte feroaring oan 'e tsjerke wie de útwreiding fan it dwersskip yn 'e jierren 1950.

Ynterieur.

De tuorren fan 'e krúsbasilyk binne 72 m heech. De tagong bestiet út trije portalen. It middelste portaal is fersierd mei in reliëf fan 'e Flecht nei Egypte. Op 'e punt fan 'e gevel stiet in ferguld byld fan de patroanhillige.

It ynterieur hat in krúsribferwulft. It alter is makke troch Hendrik van der Geld yn 'e jierren 1878-1881. Twa jier nei de iepening fan 'e tsjerke brocht de Belch Georges de Geetere de skildere krúswei oan.

De takomst fan 'e tsjerke is wif. De parochy woe yn 2019 de tsjerke ferkeapje, mar tanksij in beslút fan 'e biskop bleau de tsjerke ynearsten iepen. Undertusken waard socht nei in gaadlike funksje foar it gebou. Yn 2022 naam de parochy it beslút om de tsjerke ynearsten as citytsjerke oan te hâlden. Op it stuit (2025) is de tsjerke noch jimmeroan yn gebrûk.

De tsjerke hat twa oargels.

It haadoargel is ek in ryksmonumint en waard yn 1894 boud troch de bruorren Smits út Reek. It bestiet út in haadwurk, posityf, echo en in frij pedaal. Dêrnjonken hat de tsjerke in twamanualich koeroargel mei in frij pedaal út 1858 fan F.B. Loret út Mechelen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: