Heusden
Heusden | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.320 (2023)[1] | |
Oerflak | 17 km² - lân 9,2 km² - wetter 7,8 km² | |
Befolkingsticht. | 143 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 51° 44' N 5° 8' E | |
![]() | ||
Kaart | ||
Heusden is in Noard-Brabânsk fêstingstedsje yn 'e gemeente mei deselde namme. It stedsje hat likernôch 1.300 ynwenners (2024).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in Latynsk dokumint fan it jier 722 wurdt Heusden Hunsata super fluvium Mosam (Hunsata oan 'e rivier de Maas) neamd. It is dan mar in lyts buorskip yn in sompich gebiet. It hat op dat stuit noch gjin stedsrjochten, gjin wâlen of poarten, mar de lizzing oan 'e rivier is in belangryk foardiel en de minsken libje fan fiskjen en buorkjen.
Yn 'e iuwen dêrnei groeit Hunsata stadichoan út ta in lyts, mar strategysk plak. It wurdt jimmeroan mear in oerslachlokaasje foar hannel oer wetter en lân. Heusden kriget yn 1318 (of noch earder) stedsjochten, itjinge betsjut dat de sted sels bestjoere mei en belestings heffe en rjochtsprekke mei. Om dy tiid hinne wurdt der ek in begjin makke mei it bouwen fan ferdigeningswurken.

It kastiel fan Heusden waard yn 'e 14e iuw boud, in grut stiennen bouwurk mei tuorren en muorren, dêr't de hearen fan Heusden harren sit ha. It kastiel wie fan strategysk belang foar de hiele krite.
As de Tachtichjierrige Oarloch (1568-1648) útbrekt kiest Heusden yn 1577 de kant fan 'e Steaten fan Hollân. Dat hie fan gefolgen dat mei help fan Steatske troepen de bewenners in Spaansk belis fan in heal jier wjerstean moasten. De Spaanske troepen moatte harren weromlûke. Heusden wurdt in bolwurk fan de opstân tsjin Spanje. Der wurdt yn 1581 yn opdracht fan Willem fan Oranje útein set mei de útwreiding fan de stêd ta in moderne festing neffens de prinsipes fan 'e Nederlânske fêstingbou. Der wurde wâlen, bolwurken, ravelinen en grêften yn stjerfoarm oanlein en de haven en it kastiel komme yn 'e fêsting te lizzen. De stêd wurdt ûnderdiel fan 'e ferdigeningsliny tsjin de Spaanske troepen. Yn 'e Gouden Iuw wurdt Heusden ûnderdiel fan 'e Hollânske Waterliny, in ferdigeningssysteem dat gebrûk makket fan it ûnder wetter setten fan lân om fijannen op te kearen. De fêsting wurdt noch fierder ferbettere en Heusden wurdt ien fan 'e sterkste fêstingstêden fan syn tiid.
Yn 1680 treft de bliksem de krûdtoer fan it kastiel en in ûnbidich grutte eksploazje ferneatiget it kastiel. Hjoed-de-dei binne de ruïnes fan it kastiel noch jimmeroan te besjen. Mei de eksploazje is der in ein kommen oan it kastiel as machtsintrum.
Nei de Napoleontyske tiid ferlear de stêd yn it nij stifte Keninkryk fan de Nederlannen syn militêre funksje en de fêsting rekke lykas ek de stêd yn it neigean. Oan it begjin fan 'e 20e iuw wiene in soad gebouwen yn ferfallen steat.

Op 4 novimber 1944 blaasden de weromtsjende Dútsers krekt foar de befrijing it histoaryske stedhûs fan Heusden op, itjinge net oankundige wie. Op dat stuit sieten likernôch 200 ynwenners yn 'e skûlkelders ûnder it stedhûs. 134 minsken kamen by dy ramp om, op dat stuit mear as 10% fan de befolking fan Heusden. It is ien fan 'e meast traumatyske barrens yn 'e moderne skiednis fan it stedsje. Njonken it stedhûs waarden ek oare monuminten opblaasd, lykas de tsjerketuorren fan Heusden en de âlde mûne fan 'e stêd. Fjouwer oeren nei de ramp namen de Skotske troepen de stêd yn.
Yn 'e jierren 1960 oant de jierren 1980 is in grut restauraasjeprogramma op basis fan âlde 17e iuwske kaarten útfierd. De hiele binnenstêd, de stedswâlen en de fêstingwurken waarden yn 'e âlde gloarje werom brocht, de yn 1904 tichtsmiten haven waar op 'e nij útgroeven en op 'e bolwurken waarden neffens âlde kaarten nije standermûnen boud. Dat restauraasjeprojekt krige oer de hiele wrâld wurdearring en is in foarbyld fan suksesfolle monumintesoarch. Hjoed-de-dei is Heusden mei mear as 130 ryksmonuminten in goed bewarre monumintestêd. Toerisme foarmet in wichtige boarne fan ynkommen.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De restaurearre fêsting makket Heusden ta ien fan 'e moaiste fêstingstêden fan Nederlân. Der kin oer de stedswâlen kuiere wurde. Op 'e bolwurken steane trije standermûnen (sjoch Mûne I, Mûne II en Mûne III.
- Heusden hie eartiids fjouwer stedspoarten. Mei de restauraasje fan 'e fêsting binne mei help fan âlde ôfbylden de Oersetpoarte (ferneamd nei it oerset dat oan 'e efterkant fan 'e poarte nei Nederhemert oan 'e oare kant fan 'e Maas farde) en de Wykske Poarte (ferneamd nei it doarp Wijk by Aalburg) werboud.
- De earder tichtsmiten haven fan Heusden waard yn it ramt fan 'e restauraasje fan 'e stêd wer iepen groeven en foarmet mei de oangrinzgjende âlde gevels en terrassen no in toeristysk pleisterplak.
- De goatyske protestantske Grutte tsjerke wie oant de ynfiering fan 'e reformaasje de roomske Sint-Katarinatsjerke.
- By de roomske Sint-Katarinatsjerke lizze de ruïnes fan it kastiel Heusden, dy't yn 1987 foar in diel opmitsele binne.
- Op it plein by it hjoeddeiske stedhûs stiet in ienfâldich monumint foar de 134 slachtoffers fan 'e stedsramp op 4 novimber 1944.
- Ferspraat yn it stedsje steane in soad monumintale wenhûzen en oare gebouwen.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Museum Het Gouverneurshuis is ûnderbrocht yn in wente út 1592. It wie ynearsten de pastorije, sûnt 1639 in amtswente fan 'e gûverneur fan 'e fêsting. It museum ynformearret oer Heusden en omkriten en der binne wikseljende eksposysje oer de skiednis fan it Lân fan Heusden.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Postkantoar
-
Grutte- of Sint-Katarinatsjerke
-
Wykske Poarte
-
Gevelstien 'In't Paradys' oan 'e Breestraat
-
Hûs oan 'e Bûtermerk.
-
Heechstrjitte.
-
Oersetpoarte.
-
Mûnen I en II.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|