Bûnte stikelmûsgoffer
| bûnte stikelmûsgoffer | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Heteromys pictus | ||||||||||||
| Thomas, 1893 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De bûnte stikelmûsgoffer (wittenskiplike namme: Heteromys pictus; foarh. Liomys pictus), ek wol oantsjut as de Pasifyske stikelmûsgoffer, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e stikelmûsgoffers (Heteromys). Dit bistke komt foar yn westlik en súdlik Meksiko. It is in middelgrutte mûsgoffer dy't fan drûgere habitats hâldt. De bûnte stikelmûsgoffer is in solitêr libjend nachtdier mei in omnivoar dieet. De IUCN klassifisearret dit bist as net bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bûnte stikelmûsgoffer waard foar it earst yn 1893 wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske soölooch Oldfield Thomas. It bistke waard foarhinne yndield yn it skaai Liomys, dat yn 2007 gearfoege waard mei de stikelmûsgoffers (Heteromys) om't út nij DNA-ûndersyk bleken wie dat dat skaai parafyletysk (en dus ûnjildich) wie.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bûnte stikelmûsgoffer is lânseigen yn in brede stripe by de Pasifyske kust fan Meksiko lâns, dy't hast fan Gûatemala yn it suden oant de Amerikaanske steat Arizona yn it noarden rint. Dêrnjonken komme bûnte stikelmûsgoffers ek foar op 'e Lâningte fan Tehuantepec en oan 'e súdkust fan 'e Golf fan Campeche, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e gruttere Golf fan Meksiko. Yn Gûatemala heart allinnich it uterste westlike diel fan it lân ta it ferspriedingsgebiet fan dit bist.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bûnte stikelmûsgoffer is in middelgrutte mûsgoffer mei in kop-romplingte fan 11–12 sm en in sturtlingte fan nochris 9,1–16,8 sm. It gewicht bedraacht 30–80 g. Mantsjes binne justjes grutter as wyfkes, mar fierders is der gjin sprake fan seksuele dimorfy. De earkes binne lyts. De pels bestiet út in mingsel fan stive, puntige stikels en sêfte, ranke hierkes, mar om't de hierren net omheech krôlje, binne de stikels it prominintst oanwêzich. De boppeste lichemsdielen (snút, wangen, boppekant fan 'e kop, nekke, rêch en siden) binne readbrún. De ûnderste lichemsdielen (kin, kiel, boarst, bealch en poaten) binne wyt. De sturt is keal en dûnker fan kleur.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bûnte stikelmûsgoffers libje benammen yn drûch leafwâld of op steppe dy't hjir en dêr begroeid is mei strewelleguod. Se komme ek foar yn 'e neite fan rivierkes en beken yn 'e woastyn, faak yn kriten dêr't kaktussen en akasia's groeie. Yn bercheftich gebiet binne se te finen oant 1.000 m boppe seenivo. Yn regio's dêr't it ferspriedingsgebiet fan 'e bûnte stikelmûsgoffer oerlapet mei dat fan 'e besibbe Meksikaanske stikelmûsgoffer (Heteromys irroratus), beheint de bûnte stikelmûsgoffer him ta fochtigere, leger leine habitats, wylst de Meksikaanske stikelmûsgoffer de drûgere, heger leine habitats opsiket.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bûnte stikelmûsgoffer is in nachtdier, dat, útsein om te pearjen, in solitêr bestean liedt. Hy bewennet in eigengroeven, ûndergrûnske hoale, en himmelet himsels troch yn sân te baaien.
Der is gjin fêste peartiid, en pearings kinne sadwaande frijwol it hiele jier rûn plakfine. Dat sein hawwende, moat oantekene wurde dat drachtige wyfkes benammen dokumintearre binne yn 'e perioade fan desimber oant en mei febrewaris, en dat mantsjes yn dyselde tiid fan 't jier lytsere testikels hawwe. De draachtiid duorret 25 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst fan 2–6 jongen smyt. De jongen út deselde smeet bliuwe 1–2 moannen byinoar, oant se sa agressyf foarinoaroer wurde, dat se útinoar gean moatte.

Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bûnte stikelmûsgoffers hawwe in omnivoar dieet. Se tsjogge der nachts op út om te foerazjearjen en sammelje dan sieden yn 'e wangpûden. Dy sitte by mûsgoffers oan 'e bûtenkant fan 'e wangen, as in soartemint bûsen. It fretten wurdt op dy manear mei werom nei de hoale nommen, dêr't er it guod letter yn alle rêst bepluze wurde kin. Bûnte stikelmûsgoffers jouwe de foarkar oan grutte sieden, mar frette ek griene plantedielen en lytse wringeleazen, lykas spinnen, motflinters, imerkes en krobben.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bûnte stikelmûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Wol fertoant de populaasje in beskate delgeande trend om't dit bistke troch ûntbosking bleat stiet oan 'e gefolgen fan habitatferlies, mar dat giet net sa fluch dat (op dit stuit) needsaket ta in oare klassifisearring.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bûnte stikelmûsgoffer is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|

