Springe nei ynhâld

Daktyly

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Heterodaktyly)
De anatomy fan 'e minsklike hân.

Daktyly is yn 'e biology de oardering fan 'e fingers en teannen oan 'e hannen, fuotten en yn guon gefallen wjukken fan fjouwerpoatige bisten. De term komt fan it Grykske wurd δακτυλος, daktylos, dat "finger" betsjut.

As normale oardering fan fingers en teannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pentadaktyly, fan it Grykske πέντε, pente, dat "fiif" betsjut, is it hawwen fan fiif fingers of teannen oan eltse hân of foet. Minsken en oare primaten (Primates) en ek bygelyks reptilen (útsein fansels slangen) binne pentadaktyl.

Tradisjoneel wurdt ornearre dat alle libbene fjouwerpoatigen (Tetrapoda) ôfstamje fan in foarâlder mei pentadaktyle lidden, hoewol't in protte soarten ûnderwilens troch evolúsje ien of mear fingers of teannen kwytrekke binne. Net alle saakkundigen binne it lykwols iens mei dy teory; sa kante Stephen Jay Gould him der tsjinoan yn in essay út 1991.

Tetradaktyly, fan it Grykske τετρα, tetra, dat "fjouwer" betsjut, is it hawwen fan fjouwer fingers of teannen oan 'e hannen en fuotten. Hûneftigen hawwe yn begjinsel tetradaktyle poaten, mar in fyfde tean oan 'e binnenkant fan 'e poat, dy't justjes heger oan 'e skonk sit en de grûn normaal sprutsen by it rinnen of draven net rekket, makket harren pentadaktyl. Kateftigen hawwe oan 'e foarpoaten in selde oardering fan teannen as hûneftigen, mar oan 'e efterpoaten mist de fyfde tean en dêr binne kateftigen dus wier tetradaktyl. In protte fûgels en de amfibyen binne ek tetradaktyl, en itselde gou foar tearopoadyske dinosauriërs.

Tridaktyly, fan it Grykske τρία, tría, dat "trije" betsjut, is it hawwen fan trije fingers of teannen oan 'e hannen en fuotten. Dat is it gefal by de noashoarnen (Rhinocerotidae) en teffens by foarâlden fan 'e hynste-eftigen (Equidae), lykas de protohynders (Protohippus) en hipparions (Hipparion). Sawol noashoarnen as hynste-eftigen hearre ta de ûnevenhoevigen (Perissodactyla). Deselde oardering fan teannen komt ek foar by de trijefingerige loaierts (Bradypodidae). Ek beskate fûgels binne tridaktyl, lykas de emoes (Dromaius), de trapfûgels (Otididae) en de kwartelfûgels (Coturnicini).

Didaktyly, fan it Grykske prefiks δι-, di-, dat "twa" betsjut, is it hawwen fan twa fingers of teannen oan 'e hannen en fuotten. Dit ferskynsel wurdt ek wol oantsjut as bidaktyly. It komt foar by evenhoevigen (Artiodactyla), lykas kij, skiep, harten en antilopes, en teffens by strúsfûgels (Struthio), twafingerige loaierts (Choloepodidae) en de útstoarne hyperdwerchharten (Hypertragulidae).

Monodaktyly, fan it Grykske prefiks μόνος, monos-, dat "ien" betsjut, is it hawwen fan mar ien finger of tean oan 'e hannen en fuotten. Dat komt foar by hynders en oare hynste-eftigen (Equidae), hoewol't de útkomsten fan ien ûndersyk suggerearren dat de straal (in trijehoekich ylweefsel yn 'e midden fan 'e hoef) mooglik opmakke wêze kin út 'e rudimintêre restanten fan 'e twadde en fjirde fingers, wat betsjutte soe dat hynste-eftigen net wier monodaktyl binne. Ek de útstoarne koartsnútkangoeroes (Sthenurinae) wiene monodaktyl.

Bisten wêrby't it hiele lichemsgewicht rêst op ien tean, mar wêrby't dat net de iennichste tean is, wurde 'funksjoneel monodaktyl' neamd. In foarbyld dêrfan is de tearopoadyske dinosaurus Vespersaurus.

Syndaktyly, fan it Grykske prefiks συν-, syn-, dat "mei-inoar" betsjut, is in sitewaasje wêrby't twa of mear fingers of teannen oaninoar fêst groeid binne. By minsken is dat in oanberne ôfwiking. Ek by bisten kin it as sadanich foarkomme, mar by guon bisten is it de troch evolúsje ûntjûne noarm, lykas by de siamang (Symphalangus syndactylus), in gibbonsoarte, by de bâniisfûgel (Megaceryle alcyon) en beskate oare fûgels, en by kangoeroes (Macropodidae) en de measte oare klimbûdeldieren (Diprotodontia).

Polydaktyly, fan it Grykske prefiks πολυ-, poly-, dat "in protte" of "rju-" betsjut, is it gefal wêrby't in hân of foet mear as it normale oantal fingers of teannen hat. Dêrby giet it om in oanberne ôfwiking, dy't bygelyks gauris foarkomt by de hûskat (Felis catus). Der bestiet in teory dat pentadaktyly oarspronklik net de noarm wie foar fjouwerpoatigen; dy soene yn 'e ierdere stadia fan harren ûntwikkeling minder as fiif fingers en teannen hân hawwe. Dat se letter fiif fan elk krigen, soe neffens dy teory it gefolch fan in polydaktyle genetyske mutaasje wêze.

Oligodaktyly, fan it Grykske prefiks ὀλιγο-, oligo-, dat "in bytsje" betsjut, is it tsjinstelde fan polydaktyly. Dêrby sitte der oan in hân of foet net tefolle, mar just te min fingers of teannen. It is in oanberne ôfwiking en hat dus neat te krijen mei de amputaasje fan fingers of teannen. Soms wurdt dizze ôfwiking foutyf hypodaktyly neamd. Wannear't alle fingers of teannen misse, sprekt men fan adaktyly. Ektrodaktyly is in foarm fan oligodaktyly wêrby't ien of mear fan 'e sintrale fingers of teannen fan 'e hân of foet misse. Dy lêste ôfwiking komt foar by ien op 'e 91.000 minsken.

In grienwjukara (in pappegaai-eftige) lit sjen dat twa fan syn teannen foarút en twa efterút wize.

Stân fan 'e teannen by fûgels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anisodaktyly, fan it Grykske prefiks ανισο-, aniso-, dat "ûneven" betsjut, is de meast foarkommende stân fan 'e teannen by tetradaktyle fûgels. Dêrby wize trije teannen foarút en ien efterút. Dy oardering helpt benammen by it fêsthâlden fan in tûke of in oar sitplak. It komt bygelyks foar by moskeftigen (Passeriformes), do-eftigen (Columbiformes), falkeftigen (Falconiformes), rôffûgels (Accipitriformes) en hineftigen (Galliformes) en teffens by de mearderheid fan 'e oare fûgels. Guon anisodaktyle fûgels, lykas de bâniisfûgel (Megaceryle alcyon) binne ek syndaktyl en hawwe dus eins mar twa teannen dy't foarút wize (mei't twa fan 'e trije mei-inoar fergroeid binne).

Sygodaktyly, fan it Grykske ζυγος, zygos, dat "even[siferich]" betsjut, is in oardering fan 'e teannen wêrby't twa teannen foarút wize (de middelste beide, 2 en 3) en twa teannen efterút (de bûtensten, 1 en 4). Dit komt by fûgels foar by de pappegaai-eftigen (Psittaciformes), de koekoekeftigen (Cuculiformes) de measte spjochteftigen (Piciformes), guon fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes) en fan 'e rôffûgels (Accipitriformes) inkeld de fiskearnen (Pandionidae). It komt ek foar by de kameleöns (Chamaeleonidae), dy't reptilen binne.

Heterodaktyly, fan it Grykske ἕτερος, heteros, dat "oar" of "oars" betsjut, is deselde oardering fan 'e teannen as by sygodaktyly (twa dy't foarút wize en twa dy't efterút wize), mei it ferskil dat by heterodaktyly de beide fierste teannen (3 en 4) foarút wize, wylst de beide neiste teannen (1 en 2) efterút wize. Dizze oardering komt inkeld foar by de trogoneftigen (Trogoniformes).

Pamprodaktyly, mei in gearlûking fan 'e Grykske prefiksen pan-, dat "allegearre" betsjut, en pro, dat "foarút" betsjut, is in oardering fan 'e teannen fan tetradaktyle fûgels wêrby't alle fjouwer teannen foarút wize, mar wêrby't de bûtenste tean (1 en soms ek 4) nei efteren draaid wurde kin as dat nedich is. Dit komt foar by de toerswelfûgels (Apodidae) en de mûsfûgeleftigen (Coliiformes).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.