Springe nei ynhâld

Het Stift

Ut Wikipedy
Het Stift
Stiftstsjerke.
Stiftstsjerke.
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Oerisel
GemeenteDinkellân
Sifers
Ynwennertal75 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak14,9 km²
Offisjele webside
www.het-stift.nl
Kaart
Het Stift (Oerisel)
Het Stift
Lizzing fan Het Stift yn Oerisel
Kaart
Stiftstsjerke.
Grins fan it beskerme doarpsgesicht.

It Stift (offisjeel: Het Stift) is in doarp yn 'e Twintske gemeente Dinkellân yn 'e provinsje Oerisel. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2001 foel it ûnder de gemeente Weerselo. Het Stift leit bewesten Weerselo.

12e-iuwsk doopfont yn 'e stiftstsjerke.

Yn 1142 waard de tsjerke fan Weerselo mei al har besittings skonken oan ridder Hugo fan Buren. Oant dy tiid wie dizze tsjerke in kapel, dy't út 'e kapitteltsjerke fan Sint-Plechelmus yn Oldenzaal wei bestjoerd waard. Hugo fan Buren woe him dêr tegearre mei syn maten in weromlûke om dêr te libjen yn boete en gebed. Op 14 septimber 1152 waard de kapel offisjeel ta kleaster wijd. Ynearsten wie it in benediktynsk kleaster foar sawol paters as susters. Yn 'e earste iuwen nei de ynwijing fan it kompleks hie it kleaster swier te lijen ûnder de rôfsucht fan Twintske aadliken, benammen de Hearen fan Saasveld. Op in stuit ferhûzen de paters nei Utert en bleaune de susters allinnich efter. Dêrnei waarden froulju fan aadlike komôf talitten ta it kleaster om dêr te profitearjen fan goed ûnderwiis. De strange regels fan it oarspronklike benediktynske kleaster feroaren stadichoan en koart nei 1500 feroare it kleaster definityf yn in frij, aadlik stift, dêr't lykwols noch wol alle dagen de hillige Misse en oare liturgyske plechtichheden fierd waarden troch de mienskip.

Op Sint-Marten fan it jier 1523 baarnde it part fan it kleasterkompleks dat bewenne waard hast hielendal ôf. Yn 1626, doe't Oldenzaal ferovere wie op 'e Spanjerts, waard troch de Steaten fan Oerisel besletten dat ek yn it katolyk bleaune Weerselo in grifformearde predikant oansteld wurde moast, dy't him by Het Stift fêstige. De Stiftstsjerke ferlear doe it katolike karakter en waard op 'e nij ynrjochte foar de kalvinistyske earetsjinst.

Stiftsskoalle.

Om't kening Loadewyk Napoleon Bonaparte fan Hollân yn 1809 fûn dat de Stiftstsjerke te lyts wie foar de grutte katolike mienskip fan Weerselo mocht de lytse herfoarme mienskip de tsjerke hâlde. De katoliken krigen doe jild om in eigen tsjerke te bouwen dy't mear wop harren grutte tal berekkene wie.

Yn 1932 fûn der in grutte restauraasje fan 'e tsjerke plak. Yn 1974 waarden de stiftshuzen, dy't om 1800 hinne ôfbrutsen wiene, op harren âlde fûneminten wer opboud neffens tekeningen út om-ende-by 1750.

Beskerme doarpsgesicht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stiftshûzen

Yn It Stift stiet de stiftstsjerke, dy't fan om-ende-by 1400 datearret. De stiftshuzen wurde tsjintwurdich troch partikulieren bewenne. It Stift en de omjouwing binne in beskerme doarpsgesicht.

It Stift Weerselo is sûnt 19 april 1973 in fan rykswege beskerme doarpsgesicht mei in oerflak fan 14,9 hektare.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Sintraal Buro foar de Statistyk

Dinkellân
Stêd:
Oatmarsum
Doarpen:
Ald Oatmarsum • Denekamp • Deurningen • Lattrop • Noard Deurningen • Rossum • Saasveld • Het Stift • Tilligte • Weerselo
Buorskippen:
Agelo • Beekdorp • Berghum • Breklenkamp • Dulder • Gammelke • Lemselo • Nijstad • Noordijk • Nutter • Volthe • Zoeke
Wetter:
Deurningerbeek • Gammelkerbeek • Roelinksbeek • Saasvelderbeek • Spikkersbeek
· · Berjocht bewurkje