Hermann Vogel (Frânsk yllustrator)
Appearance
| Hermann Vogel (Frânsk yllustrator) | ||
| Hântekening fan Hermann Vogel | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 1 juny 1856 | |
| berteplak | Flensburg | |
| stoarn | 17 oktober 1918 | |
| stjerplak | Parys | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | keunstskilder en yllustrator | |
Hermann Vogel (1856–1918) wie in Frânske keunstskilder en yllustrator fan Dútske komôf.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hermann Vogel kaam as bern yn 1864 nei Hamburch en studearre fan sawat 1872 oant 1878 oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten yn München. Nei in duël yn 1879 moast er Dútslân ferlitte. Hy festige him yn Parys en waard úteinlik Frânsk boarger.[2]
Vogel yllustrearre ferskate boeken en droech tal fan tekeningen en skilderijen by oan tydskriften (ynklusyf L'Assiette au beurre). Syn yllustrearre ferhaal L’Arroseur, publisearre yn 1887, wurdt sjoen as in ynspiraasje foar de koarte film L’Arroseur arrosé fan de Auguste en Louis Lumière, útbrocht yn 1895.
Syn soan wie de keunstútjouwer en sjoernalist Lucien Vogel (1886–1954).
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bildergeschichte L’Arroseur ('De sproeiende túnker'), 1887
- Pariser Straßentypen, út Die Gartenlaube, 1878
- Gefällt sie Ihnen? ('Fynst it moai?'), bordeelsêne út de Totentanz-Zyklus yn L’assiette au beurre, 1902
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yllustraasje fan Vogel út de Totentanz-Zyklus yn L’assiette au beurre, 1902
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |