Hermann Tast

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Hermann Tast op skilderij yn de Mariatsjerke yn Hüsem

Hermann Tast (Hüsem, 1490 - dêre, 11 maaie 1551), yn nederdútsk Harmen Tast neamd, wie in reformator yn Hüsem, Flensburch en Sleeswyk.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hermann Tast krige syn oplieding oan de Domskoalle Sleeswyk. Fan 1511 ôf studearre er teology oan de Universiteit fan Wittenberg by Maarten Luther. Dêrnei gie Tast as fikaris werom nei syn berteplak Hüsem. Sûnt 1514 wie geastlike fan de Mariatsjerke yn Hüsem.

Yn 1522 preke Hermann Tast foar it earst as luteraan yn de Mariatsjerke en waard dêrnei út de tsjerke ferbanne. Tast preke dêrnei allinne noch by de achte Hüsemer keapman Matthias Knudsen oan hûs, mar út reden fan romtegebrek ferlei er de gearkomsten nei it grutte plein ûnder in linebeam njonken de tsjerke. 1526 preke Tast foar it earst yn reformatoaryske trant yn Flensburch − yn de iepen loft.[1] Dêrnei sette syn kollega Gerd Slewert (út Kampen, Oerisel) de reformaasje yn Flensburg fierder troch. Yn 1527 waard de reformatoryske leauwensrjochting yn Hüsem erkend. Oant syn dea ta wie Hermann Tast warber as herfoarmer yn Sleeswyk, dêr't er in heech amt yn it tsjerkebestjoer útoefene. Syn opfolger as pastor yn Hüsem waard Petrus Bockelmann, in learling fan Luther út Braunschweig.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • B. Riewerts: Die Stadt Husum in Geschichte und Gegenwart. Verlag H. Hansen, Husum, 1969

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schriften der Gesellschaft für Flensburger Stadtgeschichte (Hrsg.): Flensburg in Geschichte und Gegenwart. Flensburg 1972, s. 210.