Herman Makkink

Ut Wikipedy
Herman Makkink
keunstner
Herman Makkink mei syn Rocking Machine, (foto troch dochter Fiona)
Herman Makkink mei syn Rocking Machine, (foto troch dochter Fiona)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 21 oktober 1937
berteplak Wynskoat
stoarn 20 oktober 2013 (75 jier)
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
streaming Pop art, surrealisme
bekendste
  wurk(en)
Rocking Machine (1969); Butterfly Mill (1993)
offisjele webside
Webside Makkink

Herman Makkink (Winschoten, 21 oktober 1937Amsterdam, 20 oktober 2013) wie in Nederlânsk byldhouwer, grafikus en tekener.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

'Julia foar it raam'
Foto Makkink, 2013

Nei in stúdzje gemy fan 1955 oant 1959 in Grins begûn Makkink oan in foettocht troch de wrâld. Hy skreau der in boek oer, "Around the world on foot", en ferkocht ferslaggen oan ferskate kranten yn foaral Súdeast-Aazje. Hy wie learaar Ingelsk yn Japan, gie nei Austraalje en Midden-Amerika. Yn de Feriene Steaten makke er syn earste assemblaazje fan skroat. Nei skofte yn Grikelân ferfear er nei Londen en waard dêr technysk assistint 3-D oan it London College of Printing art school. Yn Londen die er mei oan ferskate groepseksposysjes.

Yn 1971 hie er syn earste solo-eksposysje "Gnomes" yn it Courtauld Institute of Art. Makkink wurke, tegearre mei syn broer Kees Makkink, yn it St. Catherine's Dock-kompleks yn Londen, in earder yndustrieel kompleks dat troch de stichting S.P.A.C.E. omboud wie ta ûnderkommen fan ateliers.[1] Dêr ûntduts Stanley Kubrick yn 1969 syn wurk en brûkte dat yn de film A Clockwork Orange út 1971.[2]

Yn 1972 festige Makkink him yn Amsterdam, mar hy hold ek geregeldwei tan yn Deià (Majorka). Syn earste solo-útstalling by de Wetering Galery yn Amsterdam wie yn 1982. Yn 1986 wie er gastdosint oan de ArtEZ Akademy foar byldzjende keunsten Arnhim.[3] Fan 1987 oant 2000 wie er as dosint 3-D ferbûn oan de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam. Makkink wurke ôfwikseljend yn Bramfield (Suffolk), Molini di Triora-Agaggio en Amsterdam. Yn Amsterdam dielde Makkink jierrenlang oant syn dea in atelier mei syn eardere learling Adriaan Rees.

Yn Amsterdam wie der striderij om syn byld Oude grond, in fan bakstien makke buisfoarm oan it Spinozahof. It moast yn 1994 sloopt wurde, mei't it neffens omwenners harren útsjoch yn de wei stie.[4]

Pas nei 17 dagen waard syn ferstjerren op 20 oktober 2013 publisearre.[5][6] Fan 1999 oant syn dea wie er boaske oan de Britske skriuwster Julia Blackburn.

Fotogalery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • José Boyens, Ruimte in het beeld. Utjouwerij Van Spijk, Fenlo 1989, s. 137-157

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. drencrom.com biografy
  2. drencrom.com oer syn tiid yn Londen
  3. Galery Wetering
  4. beeld 'Oude grond', situering op het Spinozahof, sloop
  5. http://www.parool.nl/parool/nl/22/KUNST/article/detail/3540007/2013/11/06/Kunstenaar-Vlindermolen-Sloten-overleden.dhtml
  6. nekrology yn The Daily Telegraph, sjoen 16-9-2016