Herman Brood Museum & Experience
Herman Brood Museum & Experience | ||
![]() | ||
![]() | ||
Herman Brood Museum | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Blijmarkt | |
koördinaten | 52° 30' N 6° 05' E | |
Algemiene gegevens | ||
hist. namme | Herman Brood Experience | |
ferneamd nei | Herman Brood | |
type | keunstmuseum, Biografysk museum | |
wurkmêd | Herman Brood | |
oprjochting | april 2017 | |
oprjochter | Ivo de Lange | |
Arsjitektuer | ||
type gebou | Fuormanderij | |
boujier | 1444 | |
monumint. status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 41564 | |
Offisjele webside | ||
hermanbroodmuseum.nl | ||
Kaart | ||
It Herman Brood Museum is in museum yn Swol oer de muzikant en keunstner Herman Brood, dat bestiet sûnt 2017.
Nei't der op ferskate plakken eksposysjes en tydlike musea west hiene, waard yn april 2017 it Herman Brood Museum yn Swol, it berteplak fan Brood, iepene ûnder de namme Herman Brood Experience. De oprjochter wie Ivo de Lange, mei wa't Herman Brood in skoft lang opluts. It museum is ynrjochte yn in pân út 1444 oan de Blijmarkt tsjin Museum de Fundatie oer. It museumdiel waard ein 2018 ferpleatst nei de boppeferdjipping en útwreide, mei ûnder in galery en in winkel. En waard de namme feroare yn Herman Brood Museum & Experience.
Yn it museum wurdt it ferhaal ferteld fan it libben fan de artyst. It fertoant tekeningen, skilderijen, stikken klean, meubilêr, in gitaar, poëzyalbums fan syn susters, foto's, filmmateriaal en alderlei oare foarwerpen út it libben fan Brood.
Op 24 maart 2025 waard bekend makke dat it museum fanwege tsjinfallende ynkomsten op 30 maart 2025 de doarren slúte sil.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|