Herman Alexander Röell

Ut Wikipedy
Herman Alexander Röell

Herman Alexander Röell (Unna, 1653 - Amsterdam, 12 july 1718) wie in Nederlânske protestantske teolooch. Syn stribjen wie om de godstsjinst fanút de rede benei te kommen.

Hy wie de jongste soan fan de Westfaalske legeroffisier Johann von Röell (1599-1656). Tusken 1670 en 1679 studearre er yn Utert, Grins, Zürich en Heidelberch. Yn 1679 waard er hofpredikant fan prinses Elisabeth fan de Palts. Nei har ferstjerren waard er beroppen troch prinsesse-dûairiêre Albertine Agnes te Ljouwert.

Yn 1686 waard er heechlearaar teology en filosofy yn Frjentsjer en yn 1704 yn Utert, dêr't er oant syn dea dosearjen bleau. Hy wie in neifolger René Descartes en joech tsjerklike dogma's dy't er stridich mei it ferstân achte yn besprek. Hy waard dêrom fûl bestriden fan de ortodoks-grifformearde kant. Syn lear waard somtiden oantsjut as it röellisme. Nei in fûleindich skeel mei Campegius Vitringa krige Röell in sprekferbod oplein troch de Steaten fan Fryslân.

Hy wie troud en hie njoggen bern. Hy wie de stamheit fan it Nederlânske laach Röell, dêr't ferskate heechleararen, steatslju en hege offisieren út fuortkaam binne.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jacob van Sluis, Herman Alexander Röell (diss. Grins), útj. Fryske Akademy 1988.