Herfoarme tsjerke (Muntsjesyl)

Ut Wikipedy
Sylstertsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Muntsjesyl
adres Methardusstrjitte 42
koördinaten 53° 18'N 6° 16'E
Tsjerklike gegevens
status Sûnt 2020 net mear yn gebrûk as tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt H.A. Zondag
boujier 1899
Webside
PKN Boerum-Muntsjesyl-Warfstermûne
Kaart
Herfoarme tsjerke (Fryslân)
Herfoarme tsjerke

De Sylstertsjerke of de herfoarme tsjerke wie in tsjerkegebou fan de Protestantske tsjerke Boerum-Muntsjesyl-Warfstermûne. De tsjerke is yn 2020 ferkocht en dêrnei fan binnen ferboud as horekagebou. It oargel ferhûze nei de tsjerke fan Terkaple.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foargonger[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foargonger fan de eardere herfoarme tsjerke wie in tsjerkegeobu, dat mei subsydzje fan de Steaten yn 1655 boud waard. Tsjerklik hearde it doarp by Boerum. It gyng om in sealtsjerke mei in heech skylddak en goatyske finsters. Op 13 augustus 1665 hold ds. Johannes de Grauw syn earste preek dêr. De 17e-iuwske tsjerke krige yn 1759 in nije westlike gevel en in nije preekstoel en yn 1856 waard midden op it dak in dakruter set, mei dêryn foar it earst in klok. Oant dy tiid waard it folk mei it blazen op in hoarn oproppen foar de tsjerketsjinst. Op de uterste hoeken fan it dak stiene wynwizers mei dêryn wapens. Neffens in rapport fan de gemeentearsjitekt H.A. Middag wiene de ôfmjittings fan dat gebou 11 by 9 meter. Om't dy tsjerke brekfallich waard moast it gebou tsjin it ein fan de 19e iuw ôfbrutsen wurde om plak te meitsjen foar nijbou.

Yn 2020 waard de tsjerke troch de gemeente ferkocht. It gebou is dêrnei ferboud ta in bêd-en-brochjehûs en hat in horekafunksje krige.[1]

it eardere oargel fan de tsjerke

It hjoeddeiske gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Deselde H.A. Middag makke ek it ûntwerp foar de nijbou, in ienfâldige sealtsjerke út 1899 mei in topgevel oan de kant fan de strjitte. De tsjerke waard mooglik makke troch jeften fan de leden fan de herfoarme gemeente Muntsjesyl-Boerum. Boppe de tagong is op natoerstien de tekst Gewisselijk is de Heere aan deze plaats Gen. 28:16 16 aug. 1819 oanbrocht.

De klok waard op 24 maart 1943 foardere troch de besetter en soe nea werom komme. Nei de kriich sammele it doarp jild yn foar in nije klok, dy't yn 1948 getten waard. De 18e-iuwske preekstoel, dy't ynearsten noch út de âlde tsjerke meinommen wie, waard ferfongen troch in moderne preekstoel. Unbekend is wêr't de âlde preekstoel bedarre is. Yn de jierren 1982-1983 folge it fernijen fan de dakruter en waard oan de spits in koperen bal tafoege.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik waard it oargel yn 1735 foar de roomske skûltsjerke De Toren yn Amsterdam boud. Wa' t it oargel dêr boude is ûnbekend. Yn 1879 makke de Amsterdamske oargelbouwer P.J. Adema in nij oargel foar de roomske tsjerke, wylst it besteande oargel ferhûze nei de grifformearde tsjerke fan Ommen. Technysk wie it ynstrumint it wurk fan Adema, mar it rokoko-front en in diel fan it piipwurk wie noch 18e-iuwsk. Fia de grifformearde tsjerke yn Ommen is it yn 1914 yn de herfoarme tsjerke fan Muntsjesyl telâne kommen.[2] Yn 1985 is it oargel restaurearre.[3]

Mei de ferkeap fan de tsjerke yn 2020 waard it oargel ôfbrutsen en yn 2021 troch Verschueren Orgelbouw yn de tsjerke fan Terkaple wer opboud.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Horecasite.nl, oproppen 2 desimber 2022
  2. Vijf Eeuwen Friese Orgelbouw, Jan Jongepier, ISBN 90 330 1199 9 / CIP NUR 662
  3. Orgelsite, oproppen 26 novimber 2020