Herfoarme tsjerke (Westergeast)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke
bouwurk
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Kollumerlân
plak Westergeast
adres Kalkhúswei
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier ca. 1150
boustyl Romaanske arsjitektuer
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 23767
offisjele webside
Herfoarme PKN-gemeente Aldwâld-Westergeast

De Herfoarme tsjerke fan Westergeast is in oarspronklik oan de hillige Martinus wijde tsjerke fan de herfoarme gemeente Aldwâld-Westergeast.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke oan it ein fan de 18e iuw neffens in tekening fan Jan Bulthuis (1791)

De tsjerke waard om 1150 hinne stifte troch de muontsen út de Bonifatiusabdij fan Dokkum. Foar't der mei de bou fan de tsjintwurdige tsjerke útein set waard, hat der mooglik earst noch in tufstiennen tsjerkje stien.

De foarse romaanske tsjerke hat in foar in part ynboude westlike toer en in wat fersmelle, healrûn eastlik koer. De gotyske ramen binne nei alle gedachten yn de 13e iuw ynbrocht. Yn de 19e iuw waard de oant dan hegere toer ferlege en it sealtek ferfongen troch in beskieden ynsnuorre spits.

De tsjerke waard foar it lêst yn 2012 restaurearre.[1]

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De seissidige iken preekstoel is ienfâldich en stamt út de 19e iuw. Mooglik hat in muonts fan de Norbertynske úthôf Westerbuorren yn de 14e iuw de tsjerke beskildere mei fresko's. De resten dêrfan waarden yn 1895 ûntdutsen, mar binne doe wer oerkalke en pas mei de restauraasje fan 1957 bleatlein. Der wurdt fan útgien dat se it lijen fan Kristus, de ferballing út it Paradys en it Jongste Gerjocht (of it Lêste Jûnsmiel) útbyldzje. Ek oan de noardlike muorre waard noch in fresko fûn, dat in fragmint fan in foarstelling fan de hillige Kristoffel liket te wêzen. Oan de bôge fan it koer binne florale dekoraasjes oanbrocht. Ek yn it koer binne de resten fan in sakramintshúske en in piscina te sjen. Yn de flier fan de apsis en ûnder de preekstoel lizze ferskate sarken fan reade en grize sânstien.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel stamt út 1891 en is boud troch Bakker & Timmenga.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: