Herfoarme tsjerke (Elspeet)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke (Elspeet)
Lokaasje
Provinsje Gelderlân
plak Elspeet
adres Nunspeterweg 5
koördinaten 52° 17'N 5° 47'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Protestantske Tsjerke yn Nederlân
aartsbisdom 52°17'33.5"N 5°47'13.6"E
Arsjitektuer
boujier 16e iuw
boustyl lette gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 30847
Webside
Side fan de tsjerklike gemeente
Kaart
Herfoarme tsjerke (Gelderlân)
Herfoarme tsjerke

De Herfoarme tsjerke is it tsjerkegebou fan de herfoarme gemeente Elspeet-Vierhouten yn Elspeet yn de provinsje Gelderlân. De gemeente is oansletten by de Protestantske Tsjerke yn Nederlân en hat in otterdoksk-grifformearde sinjatuer. [1]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke fanút it noardwesten

De doarpstsjerke fan Elspeet is in yn de 16e iuw letgoatysk bouwurk mei in trijesidich koer. De ienskippige tsjerke waard yn de 19e iuw ferboud en útwreide yn deselde styl. Yn 1990 binne de dwersskippen nochris fergrutte, sa't it tal sitplakken hjoed-de-dei op 1050 útkomt. It koer fan de tsjerke is wyt bepleistere.

De fúzje fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke mei de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en de Evangelysk-Lutherske Tsjerke ta de Protestantske Tsjerke yn Nederlân brocht lykas op oare plakken in skuorring yn 'e herfoarme gemeente fan Elspeet. In grut diel fan de gemeente gyng net mei en sleat har oan by de Hersteld Herfoarme Tsjerke. Oant de foltôging fan syn nije tsjerke oan 'e Vierhouterweg bleau de Hersteld Herfoarme gemeente gebrûk meitsjen fan de doarpstsjerke.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur fan de tsjerke is foar in part 17e-iuwsk. Dat jildt foar de preekstoel, dielen fan de banken en de kroanluchters. In grêfsark stamt út 1612.

Yn 'e toer hingje trije klokken, wêrfanb de âldste yn 1612 getten waard. De twa oare klokken stamme út 1659.[2]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op woansdei 19 july 1989 naam de herfoarme tsjerke in nij meganysk piipoargel yn gebrûk, dat boud is troch de firma Hendriksen en Reitsma út Nunspeet. Oarspronklik wiene hja fan doel it ynstrumint achter it 19e-iuwske front fan it oargel fan Henrich Christiaan Haffmans op te bouwen, mar it waard in hiel nij front wêrby't de âlde foarm respektearre waard.[3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: