Herfoarme tsjerke (Gerkeskleaster)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Herfoarme Tsjerke
Gerkeskleaster, herfoarme tsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flag of Achtkarspelen.svg Achtkarspelen
plak Gerkeskleaster-Strobos wapen.svg Gerkeskleaster
adres De Poarthoeke 1-a
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1629
oare ynformaasje
webside Side fan de gemeente

De Herfoarme Tsjerke oan De Poarthoeke yn Gerkeskleaster is in protestanske tsjerke dy't ûnderbrocht is yn de brouwerij fan in earder Sistersjinzerk kleaster. De tsjerke is in ryksmonumint.[1]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poarte yn de súdlike muorre

Mei de reformaasje waard it kleaster Jeruzalim, ien fan Fryslân's grutste kleasters, opheven. De besittings waarden yn 1594 op lêst fan de Steaten ferkocht en de gebouwen ôfbrutsen. Allinnich de kleasterbrouwerij bleau stean en it grutste diel dêrfan waard yn 1629 ynrjochte as tsjerke foar it doarp dat by it kleaster ûntstien wie.[2]

It eastlike part fan de brouwerij waard oant 1871 brûkt as pastory, dêrnei oant 1960 as wente foar de koster en as aula en konsistoarje. De romten fan dit part wurde ferljochte troch grutte, rjochthoekige ramen yn de noardlike en súdlike muorre.[3] Sûnt 2017 is yn it gebou in lyts museum ûnderbrocht fan de stifting Historische Kring Gerkesklooster-Stroobos.[4]

De westlike toer fan de tsjerke waard yn 1854 oanboud. Yn de klokkestoel hinget in klok mei in diameter fan 63 sintimeter, dy't yn 1858 getten waard troch A.H. van Bergen.[5]

Sûnt 2004 makket de tsjerke diel út fan de PKN.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ienfâldige ynterieur fan de tsjerke hat in 19e iuwske preekstoel mei klankboerd. De 19e iuwske banken stamme oarspronklik út de tsjerke fan Britswert.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke stiet in oargel út 1975 dat boud is troch de firma Flentrop.[6]

Pûtto[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de tsjerke stiet op in sokkel in pûtto dy't op in lizzen skiep sit. Oer it hoe en wat fan it byldsje is fierder neat bekend.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: