Springe nei ynhâld

Herauten fan Goed Nijs

Ut Wikipedy

De Herauten fan Goed Nijs (Latyn: Societas Praeconum Bonae Notitiae, ôfkoarte H.G.N.) is in mienskip fan apostoalysk libben yn de Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't yn 1984 troch Jose Kaimlett (1941-2018) stifte is.

De kongregaasje waard foar jongerein- en missywurk oprjochte en hat mienskippen yn fjouwer wrâlddielen.

H.G.N. waard goedkard troch msgr. John Mulagada, pleatslike biskop, op 5 maaie 1991, en fan 'e Hillige Stoel op 5 maaie 1999. De stifting fan dizze feriening waard yn 1992 folge troch de Susters fan it Goede Nijs en yn 1993 troch de Misjonarissen fan Meilijen.

Oan 'e ein fan 2005 hie de feriening 47 huzen en 407 leden (214 dêrfan wiene prysters) yn 47 mienskippen, oanwêzich yn de Feriene Steaten, Gûatemala, Kenia, Itaalje, Nederlân, Oeganda, Papoea Nij-Guineä, Súd-Afrika en Tanzania.[1]

Op 13 maaie 2021 beneamde Paus Franciscus msgr. Siby Mathew Peedikayil ta de nije biskop fan Aitape, Papoea Nij-Guineä.[2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is foar in part in oersetting fan de Italjaanske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: (it) Araldi della Buona Novella

  1. About Heralds of Good News. johnpaulprovincehgn.org. Oproppen op 31 july 2025.
  2. History of Heralds of Good News. hgnstpauls.org. Oproppen op 31 july 2025.