Springe nei ynhâld

Henry Pearce

Ut Wikipedy
Henry Pearce
sporter
Henry Pearce (1928)
Henry Pearce (1928)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHenry Robert Pearce
nasjonaliteit Kanadeesk (fan 1972 ôf)
Australysk
bertedatum30 septimber 1905
berteplakDouble Bay
stjerdatum20 maaie 1976
stjerplakToronto flagge fan Kanada
lingte1.88 m
gewicht92 kg
sportive ynformaasje
sportRoeien
ûnderdielSkiff
O.S.Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932
wichtige prestaasjes
Goud 2x Olympyske Spullen 1928, 1932

Henry Robert (Bobby) Pearce (Double Bay, 30 septimber 1905 - Toronto, Kanada, 20 maaie 1976) wie in Australyske roeier.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928 en 1932). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen yn de skiff, fjouwer jier letter yn Los Angeles wist er syn titel te prolongearjen. Hy stopte krekt foar de Twadde Wrâldkriich mei roeien op heech nivo.

Pearce groeide op yn Austraalje, mar ferhuze letter nei Kanada, hoewol't er pas yn 1972 Kanadeesk steatsboarger waard.
Henry Pearce ferstoar op 20 maaie 1976, yn 'e âldens fan 70 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: