Springe nei ynhâld

Henry Baker Tristram

Ut Wikipedy
Henry Baker Tristram

Henry Baker Tristram (Eglingham, Northumberland, 11 maaie 1822 - 8 maart 1906) wie in Britske sekuliere kanunnik, natuerûndersiker (soölooch, ornitolooch) en skriuwer oer de natuerlike histoarje fan it Heine Easten. Hy makke de earste wittenskiplike beskriuwing fan ferskate soarten fûgels, sûchdieren en planten.

Tristram studearre oan de "Durham Grammar School" (yn Durham) en it Lincoln College fan de Universiteit fan Oxford. Yn 1846 krige er syn prysterwijing yn de Anglikaanske Tsjerke. Omdat er tuberkuloaze hie ferbleau er by foarkar yn lannen mei in waarm klimaat. Hy begûn syn karriêre as sekretaris fan de gûverneur fan Bermuda (1847-1849). Yn dy perioade makke er in reis troch de Sahara. Yn 1858, 1863 en 1872 besocht er Palestina dêr't er beskriuwingen makke fan de hillige plakken en fan de natuer.

Yn 1873 waard er beneamd ta sekuliere kanunnik fan de Kathedraal fan Durham (Aglikaanske Tsjerke). Yn 1881 makke er wer in reis troch it Neie Easten wêrby't er Libanon, Mesopotamië en Armenië besocht. Ek reizge er nei Japan wêr't syn dochter learares wie oan in kristlike missyskoalle yn Osaka.

Tristram wie ien fan de oprjochters fan de British Ornithologist' Union en waard yn 1868 lid fan de Royal Society. Syn kolleksje spesimens ferkocht er oan it Nasjonaal Museum fan Liverpool.

Tristram beskreau 22 fûgelsoarten dy't anno 2024 as sadanich erkend wurde. As earbetoan waard in tal fûgelsoarten nei him neamd.

  • The Great Sahara: Wanderings South of the Atlas Mountains. John Murray, Londen 1860 Archive
  • A Winter Ride in Palestine. 1864.
  • The Land of Israel; A Journal of Travels with Special Reference to Its Physical History. Londen 1865 Archive
  • The Topography of the Holy Land. Londen 1871.
  • The Daughters of Syria. A narrative of efforts by the late Mrs. Bowen Thompson for the evangelization of the Syrian females. Londen 1872.
  • The Land of Moab. Travels and Discoveries on the East Side of the Dead Sea and the Jordan. New York 1873 Archive
  • Pathways of Palestine. 1882
  • The Survey of Western Palestine. The Fauna and Flora of Palestine. Londen 1885 Argyf
  • Catalogue of a collection of Birds belonging to H. B. Tristram. Durham 1889 Argyf
  • Eastern Customs in Bible lands. Hodder and Stoughton, Londen 1894. Argyf
  • A Visit to Bashan and Argob. Londen 1895.
  • Rambles in Japan. The Land of the Rising Sun. Fleming H. Revell Company, New York City, Chicago, Toronto 1895 Argyf
  • Chapters in Natural History. Londen 1927.