Henricus Uden Masman (útjouwer)

Ut Wikipedy

Henricus Uden Masman (Winsum, 16 april 1871 - 16 april 1941) wie in Nederlânsk drukker en útjouwer. Earder wie er kommisjonêr fan de gemeente Barradiel.

Masman stichte yn De Haach útjouwerij "De Atlas", dy't Pieter Jelles Troelstra syn 'Rispinge' en Tsj. E. Halbertsmas 'Ut it âlde laech' útjoech. Masman wurke mei oan 'Bûtenboun'. Teffens wie er redakteur fan 'De Fries om utens' en útjouwer fan betinkingsboek 1948.

Masman boaske mei Trijntje Tolsma (Beetstersweach, 1866 - De Haach, 1934) yn Súd-Afrika. Syn soan Dirk Theodoor Uden Masman (Cheribon, Nederlânsk-Ynje, 15 maart 1901 - De Haach, 27 jannewaris 1965) wie muzikus en yn 1926 de oprjochter fan de bigband The Ramblers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Masman, Henricus Uden.

  • Stambeammen online