Henri Sanfourche
| Henri Sanfourche | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| namme folút | Henri Sanfourche | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 24 april 1775 | |
| berteplak | Sarlat-la-Canéda (Frankryk) | |
| stoarn | 20 april 1841 | |
| stjerplak | Sarlat-la-Canéda (Frankryk) | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| yn tsjinst fan | ||
| legerûnderdiel | lânmacht | |
| heechste rang | kolonel | |
| konflikt(en) | Napoleontyske Oarloggen | |
Henri Sanfourche (folút: Henry Sanfourche; Sarlat-la-Canéda, 24 april 1775 – dêre, 20 april 1841) wie in Frânsk kolonel yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje en it Earste Keizerryk.
Militêre karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy die mei oan 'e Dútske kampanje fan 1805, benammen by de Slaggen by Ulm en Austerlitz, ûnder it befel fan generaal-majoar Olivier Macoux Rivaud de La Raffinière. Dêrnei focht hy tsjin de Prusen yn 'e Slach by Jena.
Yn 1807 waard er befoardere ta [[kaptein] en beneamd ta it haadkertier fan it 1e Korps fan maarskalk Jean-Baptiste-Jules Bernadotte, en focht hy by Ostrolenka en de Slach by Friedland tsjin de Russen. Hy ûnderskiede him by Passarga, dêr't hy, oan it haad fan fiif kavaleristen út it 5e Chasseurs à Cheval Regiment, in detasjemint fan 20 Russyske soldaten en in offisier finzen naam en yn 'e kiel sketten waard. Hy focht midden yn 'e winter yn 'e Slach by Eylau.
Kommandant fan it Legioen fan Eare en Ridder fan 'e Oarder fan Sint-Louis, tsjinne er yn 24 militêre kampanjes.
Hy leit begroeven tichtby de piramide fan generaal François Fournier-Sarlovèze yn Sarlat.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Henri Sanfourche fan Wikimedia Commons. |