Henning Mankell
Henning Mankell | ||
skriuwer | ||
Henning Mankell | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Henning Mankell | |
nasjonaliteit | Sweedsk | |
berne | 3 febrewaris 1948 | |
berteplak | Stockholm | |
stoarn | 5 oktober 2015 | |
stjerplak | Göteborg | |
wurk | ||
sjenre | Romans, misdiedromans, jeugdboeken, en toanielstikken | |
bekendste wurk(en) |
Wallander-searje |
Henning Mankell (Stockholm, 3 febrewaris 1948 - Göteborg, 5 oktober 2015) wie in Sweedsk skriuwer. Hy wenne wikseljend yn Mozambyk en yn syn heitelân Sweden.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mankell skreau literêre romans, misdiedromans, jeugdboeken en toanielstikken. Syn boeken waarden yn mear as tritich lannen útjûn. Yn Nederlân en Belgje krige Mankell benammen bekendheid troch de Wallander-searje: in rige oer de eigenwize ynspekteur Kurt Wallander út Ystad. Yn 2002 krige dizze boekerige in ferfolch mei it earste boek oer Kurt Wallanders dochter Linda dy't ek plysje-ynspekteur wurden is.
Henning Mankell hat tsientallen boeken skreaun. Yn dizze bibliografy wurde allinnich de wurken neamd dy't yn it Nederlânsk oersetten binne.
De Wallander-romans fan Mankell waarden ferfilme as tv-films troch de Sweedske STV mei Rolf Lassgård yn de haadrol. Bekender is de tv-searje Wallander, basearre op net-publisearre, koarte ferhalen fan Henning Mankell, dêr't Kurt Wallander spile wurdt troch Krister Henriksson.
Jannewaris 2014 waard by Mankell longkanker fêststeld. Hy hat dêr in boek oer skreaun Drijfzand, dat yn 2015 útkaam.[1]
Misdiedromans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wallander-searje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Moordenaar zonder gezicht (útjouwerij De Geus, 1997), oersetting fan Mördare utan ansikte (1991)
- Honden van Riga (útjouwerij De Geus, 1998), oersetting fan Hundarna i Riga (1992)
- De witte leeuwin (útjouwerij De Geus, 1999), oersetting fan Den vita lejoninnan (1993)
- De man die glimlachte (útjouwerij De Geus, 2001), oersetting fan Mannen som log (1994)
- Dwaalsporen (útjouwerij De Geus, 2002), oersetting fan Villospår (1995)
- De vijfde vrouw (útjouwerij De Geus, 2002), oersetting fan Den femte kvinnan (1996)
- Midzomermoord (útjouwerij De Geus, 1997), oersetting fan Steget efter (1997)
- De blinde muur (útjouwerij De Geus, 2004), vertaling van Brandvägg (1998)
- De jonge Wallander (útjouwerij De Geus, 2004), oersetting fan Pyramiden (1999)
- Het graf (2004), geskinkboek Moanne fan it Spannende boek
- Voor de vorst (útjouwerij De Geus, 2006) - oersetting fan Innan frosten (2002)
Oare misdiedromans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De terugkeer van de dansleraar (útjouwerij De Geus, 2005), oersetting fan Danslärarens återkomst (2000)
- Diepte (útjouwerij De Geus, 2006), oersetting fan Djup (2004)
- Labyrint (útjouwerij De Geus, 2007), oersetting fan Labyrinthen (2000)
- Kennedy's brein (útjouwerij De Geus, 2007), oersetting fan Kennedys hjärna (2005)
- De Chinees (útjouwerij De Geus, 2008), oersetting fan Kinesen (2008)
Literêre romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Commedia infantil (útjouwerij De Geus, 1998), ek útbrocht as Verteller van de wind, oersetting fan Commedia infantil (1995)
- Tea-bag (útjouwerij De Geus, 2003), oersetting fan Tea-Bag (2001)
- Daniël, zoon van de wind (útjouwerij De Geus, 2002), oersetting fan Vindens son (2000)
- Italiaanse schoenen (ISBN 90-445-1074-6, útjouwerij De Geus, oersetting fan Italienska skor (2006)
Non-fiksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ik sterf, de herinnering leeft (útjouwerij De Geus, 2004), in part fan de opbringst fan dizze útjefte giet nei Stop AIDS Now.
- Drijfzand (2015)
Jeugdboeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- HZNDHDNESR - Een geheim genootschap (1996), oersetting fan Hunden som sprang mot en stjärna (1990)
- Gezichten in het vuur (2002), oersetting fan Eldens hemlighet (1995)
Underskiedings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar syn wurk krige Mankelle ferskate prizen, wêrûnder:
- Glasnyckeln (1992) (Glazen Sleutel, priis foar it bêste Skandinavyske misdied) foar Moordenaar zonder gezicht
- Augustpriset (1998) foar Resan till världens ände
- Dagger Award (2001) foar Dwaalsporen
- Gumshoe Award (2004) foar de bêste Europeeske misdiedroman
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjeel webstee
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|